Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Defender (roman fan C.J. Cherryh)

Ut Wikipedy
Defender
algemiene gegevens
auteur C.J. Cherryh
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre science fiction
1e publikaasje 2001, New York
oarspr. útjwr. DAW Books
rige
rige Foreigner-searje
● foarich diel Precursor
● folgjend diel Explorer
kodearring
ISBN 0 75 64 00 201

Defender is it fyfde diel fan 'e Foreigner-searje fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh. De titel betsjut: "Ferdigener". It is in science fiction-roman dy't skreaun is yn it personele perspektyf. Defender ferhellet oer de tolk Bren Cameron, dy't belêstge is mei it ûnderhâlden fan 'e kontakten tusken de bûtenierdske atevi en de minsklike koloanje dy't him om histoaryske redens op 'e wrâld fan 'e atevi fêstige hat. It boek waard foar it earst publisearre yn 2001, troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books, mei in omslach makke troch Stephen Youll. Defender wie tige súksesfol en waard yn 2002 nominearre foar in Locus Award yn 'e kategory bêste science fiction-roman.

Defender spilet likernôch tsien jier nei de ûnferwachtse weromkear fan it minsklike romteskip de Phoenix by de Ierde fan 'e atevi. It skip hie dêr in bemanne romtestasjon ferwachte, mar nei't de Phoenix twahûndert jier earder ôfset wie om 'e ferlerne Ierde fan 'e minsken te sykjen, lieten de kolonisten-passazjiers fan it skip, dy't it stasjon yn 'e ôfwêzigens fan it skip geande hâlde moasten, har yn kapsule (romtefeart)s oan parasjutes ôfsakje nei de griene planeet ûnder harren. Yn twa iuwen tiid learden de minsken en de atevi hoe't se gearwurkje kinne, en teffens dat dêrby sa min mooglik direkt kontakt tusken yndividuële minsken en atevi plakfine moat, om't eardere frije kontakten troch kulturele en biologyske misferstannen ta in oarloch tusken harren laat hawwe dy't op in hier nei einige mei de útrûging fan alle minsken op 'e planeet. Sûnt dy tiid rint alle kontakt fia ien persoan, de paidhi (tolk), in funksje dy't no beklaait wurdt troch Bren Cameron.

Yn Precursor, it foargeande diel fan 'e searje, hiene de minsken en atevi mei technyske advizen fan 'e Phoenix yn trije jier tiid in romtefeartprogramma opset dat har yn 'e romte brocht. No, sân jier letter, is it âlde romtestasjon alwer in moai skoft operasjoneel, en hat Bren dat oannommen foar syn stânplak, om't de measte kontakten tusken minsken en atevi no yn it stasjon plakfine. Defender iepenet as Bren, mei syn beide neiste liifwachten Banichi en Jago, nei it planeetoerflak roppen wurdt foar in atevi-seremoanje wêrby't Valasi, de heit fan 'e hjoeddeiske aiji (hearsker) Tabini betocht wurdt. It is Bren in riedsel wêrom't hy dêrby wêze moast, en ek syn oars altyd goed ynljochte liifwachten taaste datoangeande yn it tsjuster.

Yn it romtefear ûnderweis werom nei it stasjon treffe Bren-en-dy Ginny Kroger, in fertsjintwurdiger fan Mospheira, de minsklike koloanje op 'e Ierde fan 'e atevi. Hja is in foar it meastepart in technikus, en se fertelt Bren dat se de twadde generaasje robots by har hat dêr't it romtefeartprogramma al sa lang op wachte hat. Oarspronklik hie it de bedoeling west dat dy ynset wurde soene om 'e Phoenix fan nije brânstof te foarsjen, mar dy put is ûnderwilens al klearre. No kinne se brûkt wurde by de bou fan in nij romteskip, in plan dat ek ûnderdiel útmakket fan 'e ôfspraken tusken de atevi, Mospheira en de Phoenix.

Koart nei't Bren weromkeard is yn it romtestasjon komt lykwols Stani Ramirez, de earste kaptein fan 'e Phoenix, te ferstjerren, dy't sûnt de rebûlje fan Tamun, sân jier lyn (sjoch: Precursor) in swakke sûnens hie. Mei't Ramirez mei Tabini-aiji en Shawn Tyers, de presidint fan Mospheira, ien fan 'e trije grûnlizzers fan 'e mienskiplike gearwurking wie, is dat in grutte klap. Jules Ogun, de twadde kaptein, dy't no opskoot nei de earste sit, ûnthjit daliks dat de makke ôfspraken jildich bliuwe, mar it spul wurdt yn 'e bulten jage as in ferwûne arbeider yn 'e klinyk fan it stasjon heart hoe't Ramirez op syn stjerbêd oan Jase Graham, de fjirde en jongste kaptein, in eksplosyf geheim útbringt.

It is tsjin dizze tiid algemien bekend dat de Phoenix, yn syn twahûndertjierrige ôfwêzigens, by in oare stjer in twadde romtestasjon boud hat, mei as namme Reunion, dêr't it grutste part fan 'e bemanning fan board gie. Neitiid sette de Phoenix syn ferkenningstochten fuort, mar mette dêrby in yntelliginte bûtenierdske libbensfoarm en naaide út. Nei't se fia in omwei weromkeard wiene by Reunion die bliken dat it stasjon yn tuskentiid troch de bûtenierdske wêzens oanfallen en grutdiels ferrinnewearre wie. Neffens it offisjele ferhaal wie der oan board fan it stasjon nimmen mear yn libben, en wie it klearebare lok dat de Phoenix dêr noch nije brânstof ynnimme koe foar de reis nei de Ierde fan 'e atevi. Op syn stjerbêd fertelt Ramirez lykwols oan Bren syn freon Jase Graham dat der doe noch wol deeglik minsken yn libben wiene op Reunion, mei de ymplikaasje dat er dat feit mei opsetsin foar de bemanning ferburgen holden hat. Dêropta jout Ramirez oan dat it altyd syn bedoeling west hat dat de Phoenix weromkeare sil nei Reunion om 'e dêr efterbleaune minsken op te heljen en it stasjon te ferneatigjen (sadat de fijannige bûtenierdsen der gjin ynformaasje oer de minskheid fine kinne).

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

It geroft dat troch de ferwûne arbeider útbrocht wurdt, ferspriedt him as diggelfjoer oer it stasjon en nei de planeet. De Mospheiryske minsken, dy't ôfstamje fan kolonisten-passazjiers dy't min behannele waarden troch it Piloategilde fan 'e Phoenix, binne poerlulk; de atevi binne yn betizing; de bemanning fan 'e Phoenix is yn shock. Op dat punt komt oan it ljocht dat Ramirez de Reunion-kwestje net foar eltsenien geheim holden hat, mar oangeande dizze saak ôfspraken makke hat yn persoanlike kommunikaasje mei Tabini-aiji en presidint Tyers. Bren is ûntsteld om te ûntdekken dat Ramirez foar de uterst gefoelige kontakten mei Tabini gebrûk makke hat fan 'e tsjinsten fan syn eigen paidhi, Yolanda Mercheson, dy't op it mêd fan 'e atevi-taal in amateur is yn ferhâlding ta Bren sels. Hy begjint him yn it ferlingde dêrfan sels ôf te freegjen oft it ferstjerren fan Ramirez net wat al te moai op 'e tiid kommen is.

De Phoenix is fan nije brânstof foarsjoen, de twadde generaasje robots is reekommen (dy't, nei't no blykt, nedich is foar de tocht nei Reunion) en ynienen giet Ramirez it hoekje om, waans krupsje de lêste tiid almar oanboaze, en dy't boppedat út en troch swierrichheden mei it ûnthâld krige. Oars as yn in minske, dêr't soks begrutsjen en de oanstriid om te helpen opropt, soe soks yn atevi inkeld noed foar it behâld fan it fûne lykwicht en de makke ôfspraken oproppe, mei as gefolch dat it fanút atevi-eagen sjoen folslein rjochtfeardige en sels humaan wêze soe om Ramirez it lêste setsje te jaan om him mei weardichheid stjerre te litten. Kin it sa wêze dat aginten fan Tabini Ramirez út 'e ljochten holpen hawwe, mooglik mei in stadichwurkjend gif, mooglik doe't Bren, en wichtiger, de snoade Banichi en Jago, nei de planeet ta roppen wiene?

Wylst Bren mei al dizze nije ynformaasje te krijen hat, pakt er ek nochris om mei it gefoel dat er troch Tabini ferret is om't dy him bûten dizze saak holden hat, en ûntdekt er dat er jaloersk is op Yolanda Mercheson. Boppedat hat er swierrichheden yn 'e priveesfear, mei't syn mem, dy't in swak hert hat, wer nei it sikehûs rekke is. Om't Bren fan it romtestasjon ôf neat dwaan kin, komt alles op syn broer Toby del, wat in nije krisis yn Toby syn houlik feroarsaket, om't syn frou der skjin har nocht fan hat om altyd de twadde fioele te spyljen yn ferhâlding mei syn mem. Behalven Toby is ek Bren syn eks-ferloofde Barb Letterman by syn mem yn it sikehûs. Barb is no skieden fan har man, en besiket it yn in brief wer oan te lizzen mei Bren, mar dy hat dêr gjin earen nei; syn relaasje mei syn froulike liifwacht Jago, dy't no hast tsien jier geande is, hat him ûnderwilens ûntjûn ta in houlik yn alles behalven namme.

As de bemanning fan 'e Phoenix de earste skok te boppe komt, wurdt der easke dat it skip daliks ôfsette sil nei Reunion om 'e lju dêr te rêden. De oerbleaune trije kapteins stimme dêr (yn mearderheid) mei yn, en it skip makket him halje-trawalje klear foar de ôfreis. Underwilens docht bliken dat Ogun, de twadde kaptein, op 'e hichte wie fan 'e sitewaasje yn Reunion, mar de trêde en fjirde kapteins, Josefa Sabin en Jase Graham, net. Wol komt oan it ljocht dat Ramirez in trijekoppich groepke ferkenners Reunion ynstjoerd hie, ûnder lieding fan syn liifwacht Jenrette. De oare mannen binne sân jier lyn allebeide omkommen by de rebûlje fan 'e eardere fjirde kaptein Pratap Tamun (mooglik om't Tamun it ien of oar fermoede en mei sin besocht om dy mannen yn 'e hannen te krijen) en Jenrette is nei Ramirez syn dea oergien yn 'e tsjinst fan ôfhâldige Sabin, en dêrmei effektyf bûten berik fan Bren. Mercheson fertelt him lykwols dat de ferkenners perfoarst in opname fan harren tocht troch Reunion makke hawwe moatte, dy't noch earne yn it (digitale) skipsargyf opslein wêze moat, mar inkeld foar de kapteins tagonklik is.

Hoewol't alle geheimhâlderij en yntriizjes neat net gerêststellend binne, arrivearret dan de aiji-dûairiêre Ilisidi yn it stasjon, de âlde beppe fan Tabini, dy't oankundiget dat hja neffens de makke ôfspraken as fertsjintwurdiger fan 'e aiji op 'e Phoenix meireizgje sil nei Reunion. O ja, en Bren moat ek mei. Dat nijs komt him al nuver oan, en it wurdt alhiel neat fersêfte troch in brief fan Tabini wêryn't dyselde Bren in suver ûnbegrinzge foech ta it nimmen fan beslissings jout en him beneamt ta 'hear fan 'e Himels'. Dat lêste beskôget it Bren as in papierrene earetitel, oant er ûntdekt dat syn atevi-liifwachten en -tsjinners der wol deeglik wearde oan hechtsje en him yn it romtestasjon no as in atevi-ealman yn syn eigen domein beskôgje. Behalven Ilisidi, mei Cenedi en in smacht befeiligingslju en tsjinners, giet ek Cajeiri mei, de seisjierrige soan fan Tabini, dêr't Ilisidi koartby de opfieding fan oernommen hat. Bren sjocht no yn dat it mês dêrby oan twa kanten snie: Ilisidi krige dêrmei de garânsje dat Tabini har net nei Reunion stjoerde om foargoed fan har ôf te wêzen, en Cajeiri sil yn 'e romte alteast feilich wêze foar de moardoanslaggen dêr't er op 'e planeet mooglik oan bleatstean soe.

Bren sels nimt foar de reis Banichi en Jago mei, en in espel tsjinners ûnder lieding fan syn âlde majordomo Narani. Dêrta heart ek syn kok, Bindanda, dat eins in spion is foar Tataseigi, de hear fan 'e Atageini-clan. Syn wente yn it stasjon lit er efter op 'e noed fan syn oare beide liifwachten, Tano en Algini. Hy bewurkmasteret ek dat Yolanda Mercheson, dy't yn syn ôfwêzigens syn funksje waarnimme sil, har dêr nei wenjen set, sadat se ôfdwaande befeilige is. Behalven de atevi geane ek Ginny Kroger en in stikmannich Mospheiryske technisy mei. Binnen trije dagen nei't Bren foar it earst berjocht krigen hat dat er mei moat, set de Phoenix ôf fan it stasjon. Kaptein Ogun bliuwt mei in lyts diel fan 'e bemanning efter om tafersjoch te hâlden oer de bou fan it twadde romteskip. Op 'e reis nei Reunion stiet de Phoenix ûnder befel fan 'e kapteins Sabin en Graham, dy't min mei-inoar kinne. Jase Graham hat trije jier op 'e planeet wenne, en begrypt de atevi goed. Josefa Sabin is in dwerse en taktleaze âldere frou, dy't in talintfol gesachfierder is, mar net mei oaren omgean kin. Se hat wol it respekt fan 'e bemanning, mar is net populêr.

De reis begjint mei-iens al goed as Sabin de frije beweging fan 'e atevi oer it skip ta harren eigen wenromten beheine wol. As Ilisidi de kaptein útnûget om by har te dinearjen (en Jase Graham har bybringt dat sa'n útnûging net ôfslein wurde kin) komt it ta in konfrontaasje, wêrby't Sabin de aiji-dûairiêre oan har eigen itenstafel mislediget, wêrnei't Ilisidi de kaptein in miel foarsette lit dêr't se itensfergiftiging troch oprint. Troch hiel fluch en glêd te praten wit Bren neitiid in broaze ferstânhâlding op te bouwen tusken de beide froulju, dy't de rest fan 'e twajierrige reis letterlik mei-inoar opskipe sitte sille.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

De Foreigner-searje
Foreigner • Invader • Inheritor • Precursor • Defender • Explorer • Destroyer • Pretender • Deliverer • Conspirator • Deceiver • Betrayer • Intruder • Protector • Peacemaker • Tracker • Visitor • Convergence • Emergence • Resurgence • Divergence