Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Dom fan Trier

Ut Wikipedy
Sint-Piterdom
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
plak Trier
adres Liebfrauenstraße 12
koördinaten 49° 45' N 6° 38' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
aartsbisdom Trier
patroanhillige Sint-Piter
Arsjitektuer
boujier 1235-1270
boustyl Romaanske arsjitektuer
monumintale status UNESCO-wrâlderfgoed
Webside
Side fan de domtsjerke
Kaart
Dom fan Trier (Rynlân-Palts)
Dom fan Trier

De Dom fan Trier of de Sint-Piterdom (Dútsk: Dom St. Peter) is de katedraal fan it Dútske bisdom Trier. De domtsjerke stiet yn 'e stêd Trier yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts en is de âldste biskopstsjerke fan Dútslân. Yn 'e kearn giet de tsjerke werom op in Romeinske basilika, dy't sûnt 326 boud waard troch keizer Konstantyn de Grutte. Mei in lingte fan 112,5 meter en in breedte fan 41 meter is de dom it grutste tsjerkegebou fan 'e stêd.

Yn 'e 11e iuw krige de domtsjerke syn hjoeddeiske, yn 'e Salyske styl útfierde westlike gevel. De Piterdom fan Trier stiet sûnt 1986 op 'e wrâlderfgoedlist fan UNESCO.

De dom stiet boppe de resten fan in represintatyf Romeinsk wenhûs. Yn it ramt fan de ûnder keizer Konstantyn de Grutte ynlate Konstantynske Ommekear nei it Kristendom, waard tusken 310 en 320, dus noch yn 'e tiid fan Konstantyn de Grutte sels, in basilika boud, dy't ûnder biskop Maksiminus (329–346) ta de grutste tsjerkekompleksen fan Europa mei fjouwer basiliken, in doopkapel en bygebouwen útwreide waard. Om it jier 340 ûntstie in fjouwerhoekich gebou, de kearn fan de domtsjerke mei fjouwer monumintale pylders út it Odenwald.

As kearn fan it midsiuwske Trier wie de domtsjerke al sûnt 1843 ûnderwerp fan argeologysk ûndersyk. Grutte opgravings fûnen nei de Twadde Wrâldkriich oant 1981 plak. Yn 'e âldste boulagen waard û.o. de resten fan in foarnaam Romeinsk wenhûs fûn, mei û.o. in fan fresko's fersierde pronkseal. Under de hjoeddeiske krusing binne dielen fan it gebou konservearre. De rekonstruearre fresko's binne yn it Dommuseum te sjen. De rike útfiering fan it kompleks hat laat ta ûnderstelling dat it om in let-antyk paleis gie.

Graniten pylder fan 'e 4e-iuwske dom.

It paleis waard yn 'e iere 4e iuw ôfbrutsen om op it plak in dûbele, mei twa nei it easten ta oriïntearre, trijeskippige basiliken te bouwen. Dy basiliken hiene in grut tal graniten pylders, dy't út it Odenwald ôfkomstich wiene. Foar it súdwestlike portaal fan 'e hjoeddeiske dom leit noch in diel fan ien fan dy pylders.

De krekte útwreiding fan 'e tsjerken mei dwersgebouwen en peristile hôven is hjoed-de-dei net mear folslein nei te gean. Tusken de twa tsjerken stie in fjouwerhoekige doopkapel, wêrfan de lokaasje hjoeddedei yn 'e bestrjitting fan it Domfreihof oanjûn wurdt. Foar it koer fan de noardlike basilyk waarden achthoekige gebouweresten bleatlein, neffens de ûndersikers plakken dêr't de reliken bewarre waarden en dêrom Herrenmemoria neamd waarden.

Yn 'e 5e iuw baarnde de dom nei in oermastering yn 'e rûzige tiid fan 'e Grutte Folkeferfarren út. De grutte graniten pylders barsten en stoarten mei de bôgen yn en allinne de bûtenmuorren bleaune stean. Pas yn 'e 6e iuw waard de tsjerke ûnder biskop Nicetius de kearn, it fjouwerhoekige bouwurk, restaurearre (de hjoeddeiske krusing). Yn it midden dêrfan lei in ferhege poadium en op de hoeken waarden âldere kalkstiennen pylders set. De kapitelen fan dy pylders soene neffens de fersierings mooglik fan in Romeinske timpel út Trier stamme. Oan' e Windstraße oan 'e noardlike kant fan de dom is it mitselwurk fan dy 6e-iuwske tsjerke noch oant in hichte fan 30 m sichtber. Mei de fjouwerkante bou waard ek de noardlike basilyk wer opboud. Mei de rôftochten fan 'e Wytsings yn it Rynlân waard de dom yn mei Peaske 882 op 'e nij ferneatige.

Wynrank yn 'e dom.

Under it bewâld fan biskop Egbert (977-993) waard útein set mei in renovaasje. Om statyske redenen waarden de 6-iuwske pylders fan 'e fjouwerhoekige bou (de krusing) krúsfoarmich ommitsele. Dêrby waard gebrûk makke fan ferskillende soarten âld en nij boumateriaal en yn ien fan 'e pylders is hjoed-de-dei noch in antyk reliëf te sjen fan in wynrank.

Plattegrûn fan de dom.

Aartsbisskop Poppo fan Babenberg (1016-1047) sette fierder útein mei dy renovaasje. Sûnt 1037 waard de fjouwerkant bou fierder nei it westen ta útwreide mei in trijeskippige tsjerke en de Maternuskrypte waard oanlein. Doe krige de dom ek syn noch jimmeroan besteande westwurk: in apsis en twa romaanske tuorren mei op 'e hoeken rûne treptuorren. It Nikolaasalter fan it westlike koer waard yn 1121 ynwijd. Yn 'e selde tiid ûntstie ek de Sint-Blasiuskrypte. Op 1 maaie 1196 wijde aartsbiskop Johann I it nije alter fan it fergrutte eastlike koer yn, dêr't de relikwy fan 'e Hillige Tunyk tenei bewarre waard.

Yn it begjin fan 'e 16e iuw waard de súdwestlike toer ferhege om sa heger te bliuwen as de toer fan 'e Sint-Gangolf oan 'e Grutte Merk.

De domtsjerke mei kleastergong yn 'e 19e iuw.

Oan it begjin fan 'e 18e iuw waard begûn mei de bou fan de Heiltumskapelle. In ûnderdiel fan dat projekt foarme it monumintale heechalter mei pylgertreppen yn it eastlike koer. Yn 'e kapel wurdt de Hillige Tunyk bewarre. De relikwy krige dêr in plakje yn in sulveren skryn. Om de skryn fanút de tsjerke te sjen waard de eastlike muorre boppe it alter trochbrutsen en dy iepening krige in list fan barok byldhouwurk.

Nei in brân yn it dak op 17 augustus 1717 waard de domtsjerke tusken 1719 en 1723 troch Johann Georg Judas ferboud. Der waard in dwersskip tafoege en ek de eastlike tuorren waarden yn barokke styl ferboud.

Sûnt de 12e iuw wiene de Trierske aartsbiskoppen ek karfoarst. Trier wie doe de haadstêd fan it karfoarstedom Trier en dat bleau sa oant 1801. Yn 'e Frânske tiid waard it karfoarstedom ôfskaft en de lêste karfoarst fan Trier wie Clemens Wenceslaus fan Saksen (1768-1801).

Yn 'e 19e iuw waarden restauraasjes útfierd om it midsiuwske oansjen werom te bringen. Fan de eastlike tuorren waarden de barokke spitsen yn 1883 ferfongen troch neogoatyske. Ek dielen fan it barokke ynterieur waarden ferwidere en troch neoromaanske stikken ferfongen.

Twadde Wrâldoarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Model oersjoch oarlochsskea fan 1945.

Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waard de domtsjerke slim skansearre, mar de weropbou fûn relatyf gau plak. Ferneatige waarden fral grutte dielen fan 'e kleastergong, it dak, it ferwulft fan 'e Heiltumskapelle en de dakken fan 'e westlike tuorren. De ferwulften fan 'e dom sels bleaune bewarre, sadat ek de skea oan it ynterieur beheind bleau. Foar de belangrykste alters fan 'e dom wiene boppedat beskermingsmaatregelen nommen, lykas it ommitseljen fan keunstwurken.

Foar in part waard de oarlochsskea provisoarysk renovearre, om 't der al earder plannen bestiene om fral by it heechalter te ferbouwen, mar fanwegen de oarloch útsteld wurde moasten. Dêrnjonken die tsjin it ein fan 'e jierren 1950 ek bliken dat troch it sakjen fan it grûnwetter de iken peallen fan it let-antike boudiel ferrotten en ek mei troch it grutte tal ferbouwings yn lettere iuwen der statyske swierrichheden ûnstiene.

Foar de renovaasje wie der ynearste wiidweidich diskusje oer de fraach of it midsiuwske oansjen fan 'e dom wer rekonstruearre wurde moast. Dat betsjutte dan dat in soad dielen fan it ynterieur ferwidere wurde moasten. Dêr is lang om let net foar keazen sadat de histoaryske ûntwikkeling fan 'e katedraal bewarre bleaun is. Wol krigen in oantal saken in oar plak. Kontroversjeel wie it ferwiderjen fan it stúkwurk yn 'e dom, mar it hjoeddeiske skienne mitselwurk makket it dêrfoaroer makliker om de ferskillende boufazes fan de katedraal te lêzen. Nei de restauraasje waard de dom op 1 maaie 1974 wer iepene.

Arsjitektuer en keunstskatten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan 'e bûtenkant is it Romeinske mitselwurk fan 'e oarspronklike rjochthoekige basilika út de 4e iuw goed te sjen. It westwurk bestiet út fiif symmetryske dielen mei fjouwer tuorren. Foar it grutste part stamt it út 'e 11e iuw (Salyske tiid). De apsis fan it westlike koer wie yn 1196 it lêste diel dat foltôge waard. Boppe it oerwurk fan de heechste toer oan it westwurk stiet de ynskripsje: NESCITIS QVA HORA DOMINVS VENIET ("Jo kinne it oere net wêrop de Heare werom komme sil). It eastlike koer giet wat skûl efter de barokke kapel.

Ynterieur.

De tsjerke hat trije romaanske skippen mei goatyske ferwulften. De oarspronklike Romeinske basilika is dêryn hast net mear te werkennen. De tsjerke wie eartiids yn barokke styl feroare, mar dy barok is letter wer foar in grut part ferwidere. Allinne it westlike koer, de twa sydkapellen, it haadalter en in tal oare alters binne barok bleaun.

Eastlike koer.

In romaaansk timpaan yn it rjochter sydskip jout in foarstelling fan Kristus mei oan wjerskanten Sint-Piter en Marije. Yn de bepleistere Marijekapel rjochts fan it koer stiet in 16e-iuwsk Marijebyld. Dêr is ek de tagong nei de skatkeamer en it plak dêr't in iepening yn 'e muorre sit nei de kapel dêr't de Hillige Tunyk bewarre wurdt. Oan 'e lofter kant fan it koer is de sakramintskapel, ôfsletten troch in moai hekwurk dat de Gouden Poarte neamd wurdt, in restant fan it koerhek dat eartiids it preesterkoer ôffrede.

Reliken en grêfmonuminten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Hillige Tunyk.

Fan de domskatten is de Hillige Tunyk de ferneamste relikwy. De Hillige Tunyk wurdt yn in oanbou ûnder glês bewarre en wurdt selden útstald. Dêrnjonken besit de dom ien fan 'e Hillige Neils wêrmei 't Kristus krusige waard.

De domtsjerke tsjinne meardere iuwen as de grêftsjerke foar de Trierske aartsbiskoppen. Yn 'e dom binne in grut tal grêfmonuminten fan de biskoppen, lykas de moarmeren tombe foar Boudewyn fan Lúksemboarch, it renêssânse monumint foar Richard fan Greiffenklau en Johann fan Metzenhausen of it barokke Opstanningsalter foar Franz Georg fan Schönborn. Dat is lykas mear 16e- en 17e-iuwske monuminten in saneamd Grêfalter, werby 't ek missen opdroegen waarden.

It neamen wurdich binne ek de ryk fersierde preekstoel en de machtige opbou yn it eastlike koer mei de pylgertreppen en in iepening nei de saneamde Heiltumskapelle yn it eastlike koer fan Johann Wolfgang Frölicher. Ek fan Frölicher stamt it skelpfoarmige moarmeren bekken yn it westlike koer, dat hjoed-de-dei it doopfont is. Oarspronklik wie dat doopfont as in saneamde Fons Pietatis makke, mei boppe it bekken in Kristusbyld, dat op de plakken fan de wûnen ferve wetter as bloed útspuide dat yn it bekken rûn.

It weardefolle koerstuoltme stamt oarspronklik út in kleaster fan Mainz. Yn it eastlike koer binne noch stuollen bewarre. De rêchen binne as wandpanelen yn it westlike koer oanbrocht. Oare dielen binne yn musea telâne kommen.

12e-iuwsk timpaan

It timpaan fan it portaal nei de Us-Leaffrouwetsjerke is mooglik it âldste byldhouwurk dat foar de domtsjerke makke waard. It giet om in sânstiennen relîëf út 1180 mei yn it midden de troanende Kristus, lofts Marije, de tsjerkepatroan fan de Leaffrouwetsjerke, en rjochts Sint-Piter, de tsjerkepatroan fan de dom. By de yn 1974 ôfsletten restauraasje binne de oarspronklike kleuren wer foar it sicht helle.

Mooglik ûnstie it relëf yn 'e Marijekapel rjochts fan de dom njonken it eastlike koer nei in brân oan it begjin fan 'e 18e iuw. Dêr wurde yn trije foarstellings de Minskewurding fan Jezus útbylde. Ek dat keunstwurk krige by de restauraasje syn oarspronklike kleuren werom.

Bûten it grutte tal bylden fan 'e alters steane lofts en rjochts by de treppen nei de Heiltumskapelle keizer Konstantyn, de stifter fan de dom, en syn mem Helena, dy't it Wiere Krús en de Hillige Tunyk fûn.

De Trierske dom hat wis al sûnt de 14e iuw in oargel. Oant yn 'e 19e iuw hongen de oargels as swellenêstoargels oan de noardlike kant fan it middenskip ûnder it ferwulft. Dêrnei hie de dom twa grutte oargels, ien yn it westlike koer en yn it eastlike koer. Mei de weriepening fan de tsjerke hie de dom ek in nij oargel krige, dat troch de oargelfirma Klais út Bonn boud is. It ynstrumint krige syn histoaryske plak as swellenêstoargel oan de noardlike muorre werom. Sûnt 1996 hinget fan 'e selde oargelboufirma oan de súdlike muorre fan it eastlike koer ek in nij koeroargel. Dêrnjonken stiet yn 'e eastlike krypte noch in kistoargel fan de oargelbouwer Link út Giengen an der Brenz.

Oant 1942-1944 hie de dom noch in wichtich oantal monumintale klokken. In diel moast yn 1942 ynlevere wurde foar it omranen fan wapens en de rest fan 'e klokken binne by in bombardemint fan 1944 ferneatige. De domtsjerke hat hjoed-de-dei 10 klokken, dy't allegear nei de Twadde Wrâldoarloch getten binne.

Plasse fan Sint-Helena.

Benammen op it mêd fan midsiuwske keunst heart de Trierske tsjerkeskat ta de belangrykste fan Dútslân. Guon reliken binne net yn 'e skatkeamer te sjen, lykas de Hillige Tunyk en de plasse fan 'e Hillige Helena (eastlike krypte), de relykskryn fan Sint-Maternus (middenkrypte) en de relykskryn fan Sint-Blasius en oare hilligen (yn 'e westlike krypte).

Yn 'e lêste jierren fan 'e Twadde Wrâldoarloch ferhûze de Trierske domskat tegearre mei dy fan Aken en Essen nei de grotten fan Hain by Siegen om se dêr tsjin de bombardeminten te beskermjen.

Drinkskaal fan Sint-Helena
Hillige Neil.

It neamen wurdich binne û.o.:

  • in drinkskaal fan Sint-Helena út 'e 3e of 4e iuw fan ametist mei 14e-iuwsk sulverbeslach;
  • in 5e-iuwsk Byzantynsk reliëf fan ivoar;
  • it Trierske Evangeliarium, dat út de earste helte fan 'e 8e iuw datearret;
  • it Egbertskryn, in 10-iuwsk relikwarium út it atelier fan biskop Egbert fan Trier mei û.o. de soal fan in sandaal fan de apostel Andréas;
  • de relykhâlder fan de Hillige Neil, ien fan 'e spikers wêrmei't Kristus oan it krús slein waard, dy't neffens de leginde troch Helena meinommen waard út it Hillige Lân.
  • it brûnzen wijreekfet fan Gozbert út ± 1100;
  • it Andréastriptyk, in 12e-iuwsk trijelûk mei op de sydpanelen fraaie champlevé-emailles, mooglik fan 'e hân fan Godfried fan Hoei.
Diel fan de kleastergong.

De goatyske kleastergong waard tusken 1245 en 1270 boud en ferbynt de domtsjerke mei de Us-Leaffrouwetsjerke. Yn it westlike diel dêr't earder koarhearen begroeven waarden is de wijbiskopskapel. Oan de bûtenmuorre fan de kapel hinget in klokje út 1682. Oan de kleastergong grinzgje ferskillende bygebouwen, wêrûnder de saneamde 'Romaanske seal', earder de katedrale skoalle, en de goatyske seal, dêr't bôle útdield waard.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Trierer Dom