Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Gloeilampe

Ut Wikipedy
Gloeilampe, skematysk

In gloeilampe is in metaaltriedlampe dy't elektrisiteit omset yn ljocht. De gloeilamp is út trije parten opboud: in metalen hâlder, in glêsfoarm en in gloeitried. De glêsfoarm, meast in bol, is fêstset yn de hâlder, en fan de einen fan gloeitried yn de bol liede elektrisiteitstriedden troch de hâlder nei bûten ta, of meast foarmje twa parten fan de hâlder sels in kontakt mei de elektrisiteit bûten de lampe.

De tried foarmet in hege wjêrstân. De enerzjy dy't yn dy wjerstân teloar giet ferwaarmet de tried sa bot dat dy begjint te gloeien. Yn de bol mei dêrom gjin lucht sitte, om't op it hege enerzjynivo fan de lampe de gloeitried oars daalks reagere soe mei de lucht en ferbaarne. Oarspronklik wie de lampe yn stee dêrfan hielendal luchtliddich. It neidiel dêrfan is dat de tried dan stadichoan ferdampt nei it luchtliddige, dat om dat foar te kommen wurdt in gloeilampe hjoed de dei meast folle mei in ynert gas.

Gloeilampe

De útfining fan de gloeilampe wurdt faak taskreaun oan Thomas Alva Edison. It wurk dêr't dy 27 jannewaris 1880 yn de Feriene Steaten patint op krige wie lykwols basearre op it eardere wurk fan William Sawyer. Ek hie Joseph Swan twa jier earder al, yn 1878, in Britsk patint krigen op de gloeilampe. Al mei al laat Edison syn patint ta in protte protesten en rjochtsaken. Doe't yn 1893 alle rjochtsaken ôfwikkele wienen, hie bliken dien dat de Dútske ymmigrant Heinrich Göbel yn New York al yn 1854 gloeilampen makke hie, mar der gjin patint op oanfrege hie. Göbel hat lykwols net lang mei syn erkenning libje kind; hy ferstoar itselde jier noch oan longûntstekking.