Giovanni Battista Caproni
Giovanni Battista Caproni | ||
Caproni (l.) mei syn broer oan board fan de Caproni ca. 32 op it fleanfjild fan Taliedo | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Italjaansk | |
berne | 3 july 1886 | |
stoarn | 27 oktober 1957 (71 jier) | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Yngenieur | |
aktyf as | Fleantúchûntwerper en -bouwer | |
jierren aktyf | 1907-± 1950 |
Giovanni (Gianni) Battista Caproni, greve fan Taliedo, (Massone, 3 july 1886 – Rome, 27 oktober 1957) wie in loftfeartyngenieur, boargerlik yngenieur, elektrotechnysk yngenieur en fleantúchûntwerper. Hy stichte it Italiaanske fleantúchfabryk Aero-Caproni.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Caproni waard berne op 3 july 1886 yn Massone, dat op dat stuit yn hannen wie fan Eastenryk-Hongarije, mar fan 1919 ôf yn hannen kaam fan Italië. Yn 1907 helle er syn diploma foar sivile technyk by de Technyske Universiteit fan München. Yn 1908, in jier letter, behelle er in doktoraat foar elektrotechnyk oan de Universiteit fan Luik.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1907 en 1908 begûn Caproni mei de bou fan fleantúchmotors. Hy wurke op mei de Roemeenske fleantúchûntwerper Henri Coandă dy 't er moete by l'Istituto Montefiori di Liegi, in gebou fan sweeffleantugen. Yn 1908 hie er al in Caproni-fabryk stichte yn Taliedo, in wyk yn Milaan. Dêr produsearre er twaddekkers. Yn 1909 iepene er syn earste yndustrieel fleanfjild (it hjoeddeiske Milaan-Malpensa Airport) om syn fleantugen te bouwen en te testen. Yn 1910 boude en ûntwurp er syn earste fleantúch de Caproni Ca.1, in eksperimintele twaddekker en ek it earste fleantúch dat yn Italië boud waard. By syn earste flecht op 27 maaie 1910 crashte it tastel lykwols.
Yn 1911, it jier dat syn bedriuw de namme Società de Agostini e Caproni krige, skeakele er oer op de bou fan iendekkerfleantugen, dêr't er mear sukses mei hie. Yn 1914 teste er it earste fleantúch mei mear as ien motor fan Italië, in twaddekker mei trije motors dy 't letter de Caproni Ca.31 neamd waard. Neidat Italië yn 1915 de Earste Wrâldoarloch yngie, wijde er him oan it ûntwerpen en bouwen fan bommesmiters. Syn bedriuw waard letter omdoopt ta Società Caproni e Comitti.
Caproni wie in betide foarstanner fan de ûntwikkeling fan passazjiersfleantugen en ûntwikkele in fariant fan de Ca.4 bommewerper nei it Ca.48 passazjiersfleantúch. De Ca.48 waard nei alle gedachten nea brûkt troch de loftfeartmaatskippijen omdat in Ca.48 yn 1919 delstoarte yn de buert fan Verona. Neffens media foelen der doe 14, 15 of 17 deaden wat doe de deadlikste fleantúchramp wie yn de skiednis en de earste fleantúchramp yn Italië. Yn 1921 boude Caproni in prototype fan in wetterfleantúch foar passazjiers, de Caproni Ca.60 mei in kapasiteit fan 100 passazjiers, mar it fleantúch bliek ynstabyl en stoarte del by de twadde flecht. Yn deselde snuorje ûntwurp Caproni ek sweeffleantugen.
Foar en yn de Twadde Wrâldoarloch begûn Caproni bommesmiters en lichte transportfleantugen te ûntwerpen, de Stipa-Caproni en Caproni Campini N.1. Dy eksperimintele fleanmasines wiene de foarrinners fan de lettere strielfleantugen. De namme fan it bedriuw feroare yn Società Italiana Caproni en der waarden dochterûndernimmingen stichte: Caproni Bergamasca en Caproni Vizzola. Capronis bedriuw produsearre fleantugen foar de Regia Aeronautica (de foargonger fan de Aeronautica Militare) yn de Twadde Wrâldoarloch, benammen bommewerpers, transportfleantugen, wetterfleantugen en lesfleantugen wylst de dochterûndernimming Caproni Vizzola ek prototypen fan oare gefjochtsfleantugen produsearre.
Dea en neilittenskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Caproni krige yn it ynterbellum de titel Conte di Taliedo (greve fan Taliedo). De Società Italiana Caproni stoppe yn 1950, hoewol 't de dochterûndernimming Caproni Vizzola noch bestean bleau oant 1983. Caproni ferstoar yn 1957 yn Rome. Syn stoflik omskot waard oerbrocht nei syn berteplak Massone dêr't er begroeven waard yn it famyljegrêf fan Caproni.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Gianni Caproni fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|