Gaspar Fagel
Gaspar Fagel ('s Gravenhage, 25 jannewaris 1634 - dêre, 5 desimber, 1688) wie riedpensjonaris fan Hollân fan 1672 oant 1688. Fagel kaam út in foaroansteande patrysjersfamylje.
Hy wie earder pensjonaris fan Haarlim. Fagel wie in pylder fan Johan de Witt yn it Earste Steedhâlderleaze Tiidrek, en wurke mei oan it Ivich Edikt, ta it ôfskaffen fan it steedhâlderskip. (De oare ûndertekeners wiene riedspensjonaris Jan de Witt, Gillis Valckenier en Andries de Graeff.) Yn dy snuorje besleat ek de mearderheid fan de provinsjes, yn de Steaten Generaal, dat it amt fan steedhâlder net tagelyk útfierd wurde moast mei dat fan Kaptein generaal (oerbefelhawwer) fan de Republyk.
Yn 1670 waard er grffier fan de Steaten-Generaal, en yn 1672 riedspensjonaris, nei it ophâlden fan, en de neifolgjende moard op Johan de Witt. Fagel hie oansjen fanwege syn yntegriteit en syn berettens tsjin Loadewyk XIV oer, en troch syn krewearjen foar de klaim op de Ingelske troan fan Steedhâlder-Kening Willem III.
In 1688 stjoerde Simon van der Stel santjin kisten mei planteguod nei Nederlân, dy't bestimd wiene foar Willem III, Gaspar Fagel, Joan Huydecoper van Maarsseveen (junior) en de Hortus Botanicus Amsterdam. Earder krige Fagel de gûverneur fan de Kaap sa fier dat dizze yn de VOC-tún op Kaap de Goeie Hope kaniel-, krûdnagel en kaanferbeamkes foar him plante, dy't dêr dan akklimatisearje koene, foar't sy nei Nederlân oerbrocht wurde soene. Wierskynlik binne se lykwols útrûge by in ynspeksje troch Rijklof van Goens jr. yn 1684-1685.[1]
Fagel waard nei syn dea byset yn de Grutte of Sint-Jacobstsjerke te De Haach.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |