Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Gorochovets

Ut Wikipedy
Gorochovets
Flagge Wapen
Polityk
Lân Ruslân
Oblast Vladimir
Sifers
Ynwennertal 12.617 (2021)
Oerflak 14,75 km²
Befolkingstichtens 855 ynw./km²
Hichte 80 m (sintrum)
Oar
Stifting 1168 stêd sûnt 1778
Tiidsône (UTC+3)
Koördinaten 56° 12' N 42° 41' E

Gorochovets (Russysk: Гороховец) is in stêd yn it oblast Vladimir fan de Russyske Federaasje.

De stêd leit likernôch 150 kilometer eastlik fan de stêd Vladimir oan de rjochte, hege kant fan de Kljasma, in sydrivier fan de Oka dy't yn de Wolga útmûnet.

Gorochovets is it bestjoerlik sintrum fan it rajon Gorochovets.

Gorochovets wie yn alle gefallen al yn 1158 bekend as in eastlik ferdigeningspunt fan it foarstendom Vladimir-Sûzdal. Yn 1239 waard it plak troch de Mongoalen plondere.

Yn de 14e iuw waard Gorochovets bestjoerd troch it foarstendom Nizjni Novgorod, oant it foarstendom yn 1392 by it grutfoarstendom Moskou foege waard. Oant 1619 bleau Gorochovets in militêre funksje hâlden.

De 17e iuw brocht in tiidrek fan bloei foar de stêd. Yn dy tiid stie de stêd bekend om de learloaierijen, weverijen en de bewurking fan metaal.

Yn 1778 krige Gorochovets formeel stedsrjochten as in bestjoerssintrum fan in ûjezd. De stêd wie yn de 19e iuw in lokaal sintrum foar nôt en linnen.

Befolkingsûntwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Demografyske ûntwikkeling fan Kaljazin fan 1897 oant 2018
Jier 1897 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2010 2018
befolking 2.297 5.768 9.891 13.955 14.955 15.783 14.524 14.016 12.799

Troch de beskieden yndustrialisaasje tsjin it ein fan de 19e iuw en om't de yndustrialisaasje yn de Sovjet-tiid ek beheind wie, bleau it âlde oansjen fan de stêd goed bewarre.

De monuminten fan de stêd binne it yn 1643 stifte Nikolaaskleaster (Никольский монастырь, Nikolski monastyr) mei de Trije-ienheid-Nikolaastsjerke (Троице-Никольская церковь, Troitse-Nikolskaja tserkov) fan 1681-1686, de Opstanningstsjerke (Воскресенская церковь, Voskressenskaja tserkov) út it lêste fearn fan de 17e iuw, de Ferkundigingskatedraal (Благовещенский собор, Blagovestsjenski sobor) fan 1700 en it Sretenskikleaster (Сретенский монастырь, Sretenski monastyr) mei de Transfiguraasjetsjerke fan 1689. Fierder hat de stêd noch in tal stiennen patrisiërshûzen út de twadde helte fan de 17e iuw.

De stêd hat in Histoarysk en Arsjitektuermuseum en in Natoermuseum.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Gorochowez