Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Gordianus I

Ut Wikipedy
Ofbylding fan Gordianus I

Gordianus I, folút: Marcus Antonius Gordianus Sempronianus Romanus "Africanus" (sa. 15912 april 238), wie keizer fan 't Romeinske Ryk krapoan inkele wiken yn maart-april 238 tegearre mei in soan fan him Gordianus II. Hy wie yn dy tiid ien fan de rykste persoanen fan it ryk mar ek tige bejeftige en ynteger. De Grykske skriuwer Pilostratus hat syn Libbens fan de sofisten oan him opdroegen.

Gordianus waard konsul yn Rome doe't er sechstich jier âld wie en hy wie sawat tachtich jier âld doe't hy de oanstelling krige fan gûverneur fan de provinsje Noard Afrika. Der wienen tige grutte problemen ûntstien troch de betiden absurde hege belêstingen dy't troch keizer Maksiminus Traks oplein waarden. Guon fan de wolstelden yn it ryk dienen in driuwend berop op Gordianus om keizer te wurden. Nei wifeling akseptearre hy dizze taak rûn 19 of 22 maart 238, tegearre mei in soan fan him, Gordianus II.

De twa Gordiani gienen op wei nei Kartago, dêr't sy in brief nei de Romeinske senaat skreaunen om harren plannen bekend te meitsjen. Tagelyk joegen de Gordiani opdracht om Fitalianus te fermoardzjen, de prefekt fan de Praetoriaanske garde dy't tige trou west wie oan keizer Maksiminus. Dat joech de senaat genôch moed om it oanbod fan de Gordiani iepenlik te akseptearren. Gordianus I en Gordianus II waarden tegearre keizers en krige de offisjele bynamme "Africanus". It nijs dat Maksiminus ôfsetten wie, waard troch de Romeinske boargerij mei freugde ûntfongen en rellen brutsen út dêr't alle ynformanten en belêstingynbarrers fan Maksiminus fermoarde waarden.

Doe't it nijs Maksiminus, dy't op dat stuit yn Sirmium was, berikte, sette hy him nei Itaalje ta om te besykjen de opstân tsjin te holden.

De Gordiani begienen lykwols de fatale fout in âlde fijân, Kapellianus, de gûverneur fan Numydje, ôfsette te wollen. Kapellianus kaam yn opstân en luts mei syn legioenen nei Karthago dêr't de beide Gordiani ferbleaune. Op 12 april sneuvele Gordianus II yn de striid (sjoch: Slach by Kartago (238)) en Gordianus I die himsels te koart.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Michael L. Meckler artikel oer Gordianus I, yn DIR, (2001), (Ingelsk) ]