Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Brooklyn Decker

Ut Wikipedy
Brooklyn Decker
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Brooklyn Danielle Decker
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 12 april 1987
berteplak Kettering (Ohio)
etnisiteit Dútsk
Ingelsk
jierren aktyf 2003 – no
offisjele webside
www.brooklyndecker.com

Brooklyn Decker (folút: Brooklyn Danielle Decker; Kettering (Ohio), 12 april 1987) is in Amerikaansk aktrise en model. Se briek troch doe't se yn 2010 op 'e omslach fan 'e baaikleanedysje fan it toanoanjaande sporttydskrift Sports Illustrated stie. Neitiid begûn se in florearjende karriêre as aktrise mei gastrollen yn tillefyzjesearjes en haadrollen yn films as Just Go with It, Battleship en What to Expect When You're Expecting. yn 2015 krige se as Mallory Hanson in fêste rol yn 'e Netflix-searje Grace and Frankie.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Decker waard yn 1987 berne yn Kettering, yn 'e Amerikaanske steat Ohio, as de dochter fan Stephen Decker, in ferkeaper fan pacemakers, en dy syn frou Tessa Moore. Se is fan mingd Dútsk en Ingelsk etnysk komôf en hat in jongere broer, Jordan, mei wa't se trije jier skeelt. Decker groeide op yn Middletown, yn Ohio, en letter yn Matthews, yn Noard-Karolina, in foarstêd fan Charlotte. Hja waard as teenager ûntdutsen troch in scout foar in modelleburo doe't hja yn Charlotte oan it winkeljen wie. Yn in fraachpetear út 2011 fertelde Decker dat se koarte tiid letter oanhelle rekke mei anoreksia, en dat har heit har troch dy drege perioade yn har libben hinne sleept hie.

Brooklyn Decker yn 2009.

Modellekarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Decker sette yn 2003, doe't se sechstjin jier wie, útein mei in karriêre as model. Dêrby wie se yn 't earstoan benammen yn 't wurk foar Mauri Simone, in foaroansteande produsint fan jurken foar einbals oan 'e Amerikaanske middelbere skoallen. Datselde jiers noch wûn Decker de Model of the Year Award op 'e Connections Model and Talent Convention. Neitiid hat se wurke foar û.m. kleanwinkel The Gap en linzjerymerk Victoria's Secret. Se hat mei fotoreportaazjes yn 'e tydskriften Teen Vogue, Cosmopolitan, FHM en Glamour stien, en wie te sjen yn fideoclips fan sjonger Jimmy Buffet en de band 3 Doors Down.

Yn 2005, twa moanne nei't se ferfearn wie nei New York, die Decker audysje foar de baaikleanedysje fan it sportblêd Sports Illustrated, dêr't se yn 2006 foar it earst yn stie. Yn 2007 stie se der fannijs yn, en dat jiers presintearre hja in efter-de-skermendokumintêre oer de ferneamde baaikleanedysje dy't op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd waard. Yn 2008 wie se foar de trêde kear op rige fan 'e partij, en yn 2010 waard se útkeazen om op 'e omslach te stean, mei in fotoreportaazje dy't makke wie op 'e Malediven. Om dyselde snuorje hinne wurke Decker in hoart yn Austraalje.

Teffens wie Decker aktief as sportkommentatrise, wêrby't se yn 2007 tegearre mei Paul Zimmerman in rubryk hie op 'e webside fan CNN/SI, mei as titel She Says, Z Says. Dêryn besprieken se de wyklikse wedstriden Amerikaansk fuotbal yn 'e kompetysje fan 'e NFL. Yn 2010 joech se har by it tillefyzjeprogramma Sports New York, as kommentatrise oangeande it NCAA-basketbaltoernemint fan dat jier. Fierders wie se datselde jiers as sjuerylid behelle yn 'e Dútske talintejacht Germany's Next Top Model. Ek yn 2010 waard se troch it blêd Esquire útroppen ta de "meast seksy frou fan 'e wrâld".

Brooklyn Decker yn 2012.

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2007 debutearre Decker as aktrise yn 'e ûnferkochte pilotôflevering Lipshitz Saves the World. Neitiid hie se gastrollen yn tillefyzjesearjes as Chuck, Royal Pains, Ugly Betty, The League en New Girl. Yn 2011 hie se ien fan 'e froulike haadrollen yn 'e komeedzjefilm Just Go with It, as tsjinspylster fan Adam Sandler en Jennifer Aniston. Yn 2012 spile se de rol fan Samantha Shane, in fysioterapeute dy't oarlochsfeteranen helpt, yn 'e science fiction-film Battleship. Om har yn te libjen yn dy rol reizge Decker nei legerhospitalen yn it Marinestasjon Pearl Harbor en San Antonio, dêr't se wier mei ferwûne soldaten wurke. Datselde jiers fertolke Decker ek de rol fan 'e frou fan it personaazje fan Dennis Quaid yn 'e komeedzjefilm What to Expect When You're Expecting.

Oare films dêr't Decker yn spile, wiene Stretch (2014), Results (2015) en de koarte film Brooklyn Decker Threesome (2014). Fierders hie Decker yn 2014 in fêste rol yn 'e tillefyzjesearje Friends with Better Lives. Yn 2015 waard se yn 'e Netflix-rige Grace en Frankie cast yn 'e haadrol fan Mallory Hanson, de dochter fan it personaazje Grace, spile troch Jane Fonda. Yn dy wol wûn Decker rûnom lof. Yn 2022 waard it sânde en lêste seizoen fan 'e searje útstjoerd.

Decker krige yn 2007 in relaasje mei tennisser Andy Roddick, mei wa't se har yn maart 2008 ferloofde. Hja trouden op 17 april 2009, en setten har nei wenjen yn 'e Teksaanske haadstêd Austin, dêr't Roddick opgroeid wie. Letter ferhuzen se nei Charlotte yn Noard-Karolina, deunby it plak dêr't Decker opgroeid wie. Yn septimber 2015 befoel Decker fan har earste bern, soan Hank, en yn 2017 waard dochter Stevie berne.

Filmografy as aktrise
jier titel rol of funksje opmerkings
films
2006 The Devil Wears Prada model yn Parys net fermeld op 'e ôftiteling
2009 Solitary Man frou dy't foarbyrint op it strân   net fermeld op 'e ôftiteling
2011 Just Go with It Palmer Dodge Teen Choice Award foar bêste trochbraak fan in aktrise
2012 Battleship Samantha Shane
2012 What to Expect When You're Expecting   Skyler Cooper
2014 Stretch Candace
2014 Brooklyn Decker Threesome harsels koarte film
2015 Results Erin
2016 Lovesong Lily
2016 Casual Encounters Laura Leonard
2017 Band Aid Candice
2018 Support the Girls Kara
tillefyzje
2007 Lipshitz Saves the World Rebecca Fellini ûnferkochte pilotôflevering
2009 Chuck sollisitante gastrol; ôfl. Chuck Versus the Beefcake
2009 Royal Pains Rachel Ryder gastrol; ôfl. The Honeymoon's Over
2009 Ugly Betty Lexie gastrol; ôfl. The Wiener, the Bun and the Boob
2010 Extreme Makeover: Home Edition harsels gastoptreden; ôfl. The Johnson Family
2010 Double Exposure harsels gastrol; ôfl. No One's Keeping You Here
2012 The League Gina Gibiatti weromkearende rol; 3 ôfl.
2013 New Girl Holly gastrol; ôfl. Cooler
2013–2014 Hollywood Game Night harsels as dielnimster; 2 ôfl.
2014 Friends with Better Lives Jules Talley fêste rol; 13 ôfl.
2015–2022 Grace and Frankie Mallory Hanson fêste rol; 79 ôfl.
2019 Celebrity Family Feud harsels as dielnimster; ôfl. Brooklyn Decker and Andy Roddick vs. Bobby Bones and Tara Lipinski vs. Johnny Weir
2019 Lip Sync Battle harsels as dielnimster; ôfl. Brooklyn Decker vs. Andy Roddick
2019 Match Game harsels as dielnimster

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.