Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Broedbij

Ut Wikipedy
Broedbij

In broedbij, brieder as broeder is in manlike bij. Broedbijen ûntstean út ûnbefruchte aaikes. De aaikes, ek dy fan de wurkster en folgjende keninginnen, wurde lein troch de keninginne sels. It formaat fan de raatsel dêr't in broedbij útkomt is grutter as dy fan in wurkster. Fandêr dat in broedbij ek grutter is as in wyfkebij. Broedbijeraten wurde troch de bijen ûnderoan boud. Yn de winter wurde dy sellen brûkt om huning yn te bewarjen of sûkerwetter. De broedbijeraat lûkt de faroamyt oan. Dy myt sit it leafst ûnderoan de raat yn grutte sellen. Dêrom snijt de ymker dy sellen fuort. Op dizze manier hellet de ymker de faroarmyt út it folk. Al is dat faaks net genôch om de sykte út te rûgjen.

De ienige taak fan de broedbijen is it pearjen mei de keninginne. Nei it broedseizoen wurde de broedbijen deamakke troch de wurksters. Dat wurdt de slacht neamd. Grutte folken slachtsje net alle broedbijen. Sy brûke de broedbijen om it folk waarm te hâlden. Broedbijen binne grutter as de wurkster en hawwe mear hier. Soks soarget foar in tichtere strús bijen yn de winter.

In broedbij hat gjin heit mar wol in pake.