Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Brandenburger Tor

Ut Wikipedy
De Brandenburger Tor yn twiljocht
De foarrinner fan de Brandenburger Tor yn 1734
De Brandenburger Tor yn 1832
De kwadriga boppe op de poarte
De Brandenburger Tor yn 2014

De Brandenburger Tor (Brandenboarchske Poarte) is de wichtichste poarte yn Berlyn. De poarte stiet in de wyk Mitte en stiet oan de Pariser Platz en foarmet de ôfsluting fan bûlevard Unter den Linden. Bewesten de poarte is de Platz des 18. Marz giet de strjitte fierder as Straße des 17. Juni, dy troch it sintrale park Tiergarten.

De poarte is tusken 1788 en 1791 boud yn opdracht fan de Prusyske kening Freark Willem II en ûntwurpen troch arsjitekt Carl Gotthard Langhans. It wie earst ferneamd as de Friedenstor (Fredespoarte).

De poarte wurdt tagelyk ek as in nasjonaal symboal beskôge, wêrmei in tal fan bartenissen yn de 20e iuw yn Berlyn, Dútslân, Jeropa en de wrâld ferbynt. Neffens boustilen wurdt de Brandenburger Tor by de ier-klassike perioade rekkene.

Tusken 1945 en 1990 lei de Brandenburger Tor op de grins fan West- en East-Berlyn en dus ek fan it west- en eastblok. De Berlynske Muorre rûn bewesten de poarte lâns. Oant de weriening fan Dútslân wie it in symboal fan de Kâlde Kriich en nei de weriening wie 't in symboal foar de weriening fan Dútslân en Jeropa.

Rûnom de poarte waarden nije gebouwen, dy't yn 'e Twadde Wrâldkriich ferwoaste waarden en net weropboud wiene no wer werom opboud. Mei it reekommen fan de ambassade fan de Feriene Steaten op it âlde histoaryske plak, op 4 july 2008, is de rekonstruksje rûnom de poarte dien makke.

De Brandenburger Tor is makke fan natoerstien (saneamde Elbe-sânstien, dat yn de omkriten fan Dresden en yn Noard-Bohemen wûn wurdt) en neffens de ier-klassike styl ûntwurpen en troch de Berlynske metselers Zeidler & Wimmel boud. It is boud neffens de Ateenske propileeën, de monumintale yngongspoarte fan de Akropolis. De poarte is 26 meter heech, 65,5 meter wiid en hat in dwerstrochsneed fan 11 meter. It byld op it gebou, in kwadriga (twatsjillige wein mei fjouwer hynders), makke troch Johan Gottfried Schadow, waard yn 1806 troch Napoleon meinommen nei Parys. It waard 8 jier letter troch in Dútske maarskalk werombrocht nei Dútslân en útroppen is in symboal foar de oerwinning. Sûnt dy tiid hat it byld mei in Grykske striidwein mei de godinne Viktoria, dy't in stêf hâldt mei dêrop in Prusyske earn en izeren krús mei in lauwerkrâns. It oarspronklike byld is ferlern gien yn de Twadde Wrâldkriich, mar in replika, dy't mei in gipsôfprint makke is yn de Twadde Wrâldkriich, is tidens de restauraasje tusken 1956 en 1958 wersteld.

Nei de fal fan de Berlynske Muorre waard de Brandenburger Tor renovearre. Nei lange argewaasje is besletten de earn en izeren krús tebek te setten. Foar in soad minsken is it in oantsjutting nei de pynlike werinnering fan it Prusysk militarisme. Hjoeddedei is it in symboal foar de Dútske Ienheid. De rin fan de Berlynske Muorre is mei stiennen yn de dyk oanjûn. As beskerming fan de poarte en befeiliging fan de ambassades yn de omkriten is der gjin trochgeand ferkear mooglik ûnder de poarte.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]