Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Belozersk

Ut Wikipedy
Belozersk

Белозе́рск

Loftôfbyld fan Belozersk
Loftôfbyld fan Belozersk
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Ruslân Ruslân
Sifers
Ynwennertal 8.375 (2021)
Hichte 130 m
Oar
Stifting 862
Postkoade 161200
Tiidsône UTC +3 (MSK)
Koördinaten 60° 2' N 37° 47' E
Offisjele webside
www.gorod.belozer.ru
Kaart
Belozersk (Jeropeesk Ruslân)
Belozersk

Belozersk (Russysk: Белозерск) is in stêd yn de oblast Vologda yn de Russyske Federaasje.

De stêd hiet foar 1777 Beloozero en foarmet tsjintwurdich it bestjoerlike sintrum fan it Belozerski-rajon.

Belozersk leit 214 kilometer noardwestlik fan Vologda en noardlik fan Tsjerepovets oan de súdlike kant fan 'e Wite Mar en westlik fan it Wolga-Eastseekanaal.

Belozersk is ien fan de âldste stêden fan it âlde Ruslân en Ruslân. It wie ien fan de fiif oarspronklike Rûs-stêden; de oaren wiene Ladoga, Novgorod, Polotsk en Rostov.

In Wytsingeskip yn 'e stêd symbolisearret it belang fan de skipfeart, it wetter en de hannel foar Belozersk.

De muonts-kronykskriuwer Nestor fan Kiëv makke yn de jierren 1112-1113 yn syn samling 'Ferhaal fan de ferstrutsen Jierren' melding fan in boarne út 862, dat Beloozero de residinsje wie fan de legindaryske Farjagenfoarst Sineus. Neffens dy boarne wiene de trije Farjaachske bruorren Rjoerik, Sineus en Truvor troch de lokale Slavyske befolking frege om oer harren te regearjen. Rjoerik krige Novgorod, Sineus Beloozero en Truvor Izborsk. De Nestorkronyk neamt Beloosero nochris, doe't de stam yn 882 ûnder oanfiering fan Oleg de Wize mei die oan in fjildtocht. Om't der oant no ta fierder gjin argeologysk bewiis fûn is foar it bestean fan de stêd yn dy tiid is der twifel oer de plausibiliteit fan dy oerlevering. Fan útstellen dat de stêd yn dy tiid oan de noardlike kant fan de Wite See lei, binne gjin bewizen fûn.

Neffens argeologyske boarnen waard de krige sûnt de 9e iuw troch Finsk-Oegryske Wepsen bewenne. Yn de 10e iuw kamen dêr Slaven by. Der is argeologysk bewiis dat Beloozero yn it midden fan de 10e iuw op de rjochter kant fan de Sjeksna-rivier lei, op it plak dêr it lytse Vasiljevska-rivierke yn de Sjeksna útmûnet. De iere ûntwikkeling fan it gebiet waard befoardere troch de fertakkingen fan de Grutte Wolga-rûte dy't troch it gebiet rûnen, in wetterferbining dy't de Farjagen mei de Griken ferbûn. De befolking libbe fan 'e hannel yn bont en fiskerij. Mei't it tal pelsdieren troch de jacht ôfnaam gyng de befolking yn de 14e iuw oer op de lânbou.

Yn 1238 waard Beloozero de haadstêd fan in selstannich foarstedomke. Nei't prins Fjodor yn 1380 yn 'e striid tsjin de Mongoalen by de Slach fan Kûlikovo foel, waard it foarstedom troch Moskou anneksearre.

De Untsliepenistsjerke út 1553 is it âldste stiennen gebou fan de stêd.

De stêd waard yn 1352 troffen troch de pest, dy't hast de hiele befolking útroege. Fanwegen de belangrike lokaasje oan de wetterrûte, waard de stêd yn de jierren 1360 nij libben ynblaasd op in oare lokaasje, 17 kilometer westliker op de hjoeddeiske lokaasje. De bloeitiid fan de stêd foel yn de 15e en 16e iuw. Beloozero lei yn it sintrum fan de hannelsrûtes dy't it suden mei it noarden ferbûnen. Yn dy tiid waard de stêd yn opdracht fan Ivan III fersterke mei 30 meter hege bolwurken en in houten kremlyn mei acht tuorren. Ek waarden doe foar it earst stiennen tsjerken yn Beloozero boud.

Mei de stifting fan Archangelsk oan de Wite See yn 1586 krige Beloozero konkurrinsje en rekke de stêd yn it neigean. De hannelsrûte ferskode en yn 1612 besetten Poalsk-Litouske troepen de stêd, dy't de delgong noch slimmer makke. De ferâldere houten fêstingwurken beaën langer gjin goede ferdigening tsjin de artillery en fjoerwapens fan de fijân, wylst it tichteby lizzende Kirillov troch in nije stiennen muorre der wol yn slagge om de stêd te ferdigenjen. Sûnt wie Beloozero in rêstich plakje dat net folle mear om 'e hakken hie. Yn 1777 waard Beloozero omneamd ta Belozersk.

De kremlyntsjerken yn 1909: de yn de Sovjettiid ôfbrutsen Basiliustsjerke en de noch besteande fiifkoepelige Transfiguraasjekatedraal.
(foto: Sergej Prokûdin-Gorski)

Oan it begjin fan de 19e iuw brocht de oanlis fan it Mariinsk wettersysteem de stêd nije mooglikheden ta ûntwikkeling, dat it Wolgabekken troch natuerlike en keunstmjittige wetterwegen mei de Eastsee ferbynt (yn' e Sovjettiid waard it systeem omneamd yn de Wolga-Baltyske wetterwei). Fral de houtyndustry en de flotterij makken doe yn Belozersk in grutte bloei mei. Troch ferbetteringen yn it Wolga-Eastseekanaal nei de Twadde Wrâldkriich, lykas it ferfangen fan âlde sluzen, hie de stêd te lijen fan in nije ferskowing fan de belangrykste wetterrûte yn de omkriten. Oant healwei de 20e iuw bleau Belozersk in typysk agrarysk sintrum.

De belangrykste sektoaren fan de ekonomy fan it Belozerski-rajon binne de houtbewurking en de fiedingsyndustry. Oant de ynstoarting fan de Sovjet-Uny wie ek de fiskyndustry goed ûntwikkele.

Belozersk is lid fan de Nije Hânze. Yn it jier 2000 waard de stêd útnoege fanwegen de bydrage fan it midsiuwske Belozersk oan de hannel mei stêden yn Noard-Europa. De Nije Hânze bestiet út mear as 200 stêden út 14 lannen. Ruslân wurdt mei 13 stêden fertsjintwurdige yn 'e Nije Hânze.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1617 1678 1856 1913 1939 1959 1989 2000 2010 2021
Ynwenners 128 432 4.100 5.900 10.300 10.375 12.300 11.600 9.532 8.375

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
19e-iuwsk brêge nei it kremlyn

De ierden wâlen út 1487 wurde oan alle kanten troch in grêf omfieme. Se binne goed bewarre en yn de 19e iuw waard der in stiennen brêge mei trije oerspanningen oer de grêft boud, de wâl en de grêft hiene doe harren ferdigeningsfunksje al lang lyn ferlern. De houten pallisades fan it kremlyn wiene al yn 1758 fanwegen boufalligens ôfbrutsen. Yn it sintrum fan it kremlyn stiet de fiifkoepelige Transfiguraasjetsjerke (1668-1670). Deunby de Transfiguraasjekatedraal stie eartiids de oan Sint-Basilius de Grutte wijde tsjerke út 1736, dy't mei in soad oare tsjerken yn Belozersk yn de Sovjet-tiid ôfbrutsen waard.

De Untsliepenistsjerke út 1553 wie it earste stiennen bouwurk fan de stêd. It is ek de âldst bewarre tsjerke fan Belozersk. Tegearre mei de Trijekeningentsjerke út 1787 foarmet de fiifkoepelige tsjerke in skildereftich arsjitektoanysk kompleks. Beide tsjerken bleaune yn de Sovjet-tiid iepen.

Houten arsjitektuer

Yn it westlike diel fan de stêd is de houten Profeet Elíatsjerke (1696) bewarre bleaun, dy't tegearre mei de Foarbeatsjerke (1752) in tsjerkekompleks foarmet. Yn de Sovjettiid rekke de Foarbeatsjerke slim yn it neigean en waard syn klokketoer ôfbrutsen. De ruïneuze tsjerke wachtet no op in restauraasje.

Ferlossertsjerke

Tichteby de igge fan 'e Wite Mar stiet de fiifkoepelige Ferlossertsjerke út 1723. De tsjerke hat in toer yn de 17e-iuwske boutradysje en is fersierd mei in brede fries fan tegels en twa rigen kokosjniks.

Yn it eastlike diel fan de stêd stiet de Jehannes de Dopertsjerke út 1810. De tsjerke wurdt taskreaun oan de klassisistyske arsjitekt Vasili Ivanovitsj Bazjenov, bouwer fan in grut tal tsjerken yn Ruslân. De tsjerke waard yn de Sovjettiid yn de jierren 1930 sletten en krige ferskillende sekuliere funksjes, wertroch it gebou in soad fan syn oarspronklike monumintaliteit ferlear. Tsjintwurdich stiet it lege gebou te wachtsjen op in restauraasje.

Belozersk hat ferskillende stiennen klassistyske keapljuwenten mei twa ferdjippings út de earste helte fan de 19e iuw.

Yn' e omkriten fan de stêd lizze noch in soad âlde kleasters, lykas it Kirillo-Belozerski-kleaster en it Ferapontovkleaster.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru: Белозе́рск