Badminton
Badminton is in Olympyske sport dy ’t spile wurdt mei in racket en in shuttle. De shutlle, dy ’t makke wêze kin fan nylon of fan fearren, wurdt oer in net hinne slein mei de rackets.
Oarsprong
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der wurdt fanút gien dat de oarsprong fan de sport yn Britsk-Ynje leit. Der binne ôfbylden fan bekend út begjin 19e iuw. It spul hat sterke oerienkomsten mei ball badminton, út Tamil Nadu en mei hanetsuki út Japan. De Britske soldaten spilen badminton yn Britsk-Ynje. Dêr waard it lykwols poona neamd, nei de stêd Poona. Letter kaam it spul oer nei Ingelân. It waard yn 1873 spile op it bûten 'Badminton' fan de hartoch fan Beaufort. [1] Der binne ferskate skilderijen fan Ingelske en Frânske komôf dêr’t út bliken docht dat soksoarte spul ek al spile waard yn Jeropa. De Frânske namme wie jeu de longue plume ('spul fan de lange plom'). Sûnt 1873 wurdt it spul algemien badminton neamd.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |