Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Alissa White-Gluz

Ut Wikipedy
Alissa White-Gluz
sjonger en/of muzikant
Alissa White-Gluz (2018)
Alissa White-Gluz (2018)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Alissa White-Gluz
nasjonaliteit Kanadeesk
berne 31 july 1985
berteplak Montreal
etnisiteit Joadsk
Litousk
wurkpaad
sjenre Metal
sjongtaal Ingelsk
grutste hit(s) Stolen Life,
The World Is Yours,
The Eagle Flies Alone
jierren aktyf 2004-no

Alissa White-Gluz (Montreal, 31 july 1985) is in Kanadeesk sjongeres. White-Gluz is foaral bekend as sjongeres fan de Sweedske band Arch Enemy, en earder wie se de sjongeres fan de Kanadeeske band The Agonist. Har fokale styl omfettet sawol grunts as cleane sang. Hoewol 't se benammen aktyf is mei death metal en metalcore band, is se ek geregeld te hearren as gast-muzykkant by powermetal, symfoanyske metal en deathcore bands, lykas Kamelot, Delain, Carnifex en Powerwolf, en trede se live op mei Nightwish en Tarja Turunen.

The Agonist (2004-2014)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2004, White-Gluz foarme The Agonist mei gitarist Danny Marino en bassist Chris Kells yn Montreal, Kebek, Kanada. Se brocht trije albums út mei dizze band. White-Gluz ferliet de Agonist yn de maitiid fan 2014 nei 't har de rol as sjongeres foar Arch Enemy as ferfangster fan Agnela Gossow oanbean wie.

Arch Enemy (2014-No)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

17 maart 2014 kundige Arch Enemy oan dat Alissa harren eardere sjongeres Angela Gossow ferfange soe. Mei Arch Enemy hat White-Gluz yntusken trije studioalbums en twa live-albums útbrocht.

Yn 2016 tekene Alissa mei platenlabel Napalm Records in kontrakt foar it útbringen fan in solo album, hjir hat se in oantal jieren oan wurke mar ein 2022 begjin 2023 sil it album Alissa útkomme.

White-Gluz waard berne yn Montreal, Kebek, Kanada, as de twadde yn in gesin fan trije. Har pake en beppe oerlibben yn de Twadde Wrâldkriich konsintraasjkekampen. Harren ûnderfiningen yn de kampen soene de ynspiraasje foarmje foar it liet, First Day in Hell. Allisa White-Gluz is al jierren aktyf als bistenrjochten-aktiviste. Alissa hat sûnt 2014 in relaasje mei gitarist Doyle Wolfgang von Frankenstein, fan de Amerikaanske punk band Misfits. Har âldste suster Jasamine White-Gluz is ek sjongeres en sjongt by de Kanadeeske band indierockband No Joy.

Album Utbrocht op Band Single(s)
Once Only Imagined 14 augustus 2007 The Agonist Business Suits and Combat Boots
Lullabies for the Dormant Mind 23 febrewaris 2009 And Their Eulogies Sang Me to Sleep,
Birds Elope With the Sun,
Thank You, Pain
Prisoners 4 juny 2012 Ideomotor,
Panophobia
War Eternal 4 juny 2014 Arch Enemy War Eternal,
As the Pages Burn,
You Will Know My Name,
No More Regrets,
Stolen Life,
Avalanche
Will to Power 8 septimber 2017 The World is Yours,
The Eagle Flies Alone,
The Race,
Reason To Believe
Deceivers 29 july 2022 Deceiver, Deceiver,
House of Mirrors,
Handshake with Hell

As gastmuzikant

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Single(s) Album Utbrocht yn Mei band
The Sword Profugus Mortis 2009 Blackguard
Sacrimony (Angel of Afterlife) Silverthorn 2012 Kamelot
Liar Liar (Wasteland Monarchy),
Revolution
Haven 2015
The Tragedy Of The Commons The Human Contradiction 2014 Delain
Hands of Gold Moonbathers 2016
We Rock Metal Allegiance 2015 Metal Allegiance
Life in the Fast Lane Fallen Heroes 2016
The Ocean's Heart Gravity 2016 Caliban
Demons in You The Shadow Self 2016 Tarja Turunen
Leaves In The Stream Heart-Shaped Wound 2017 Aurelio Voltaire
Black Widow's Web ØMNI 2018 Angra
Dead Hearts (Love Thy Enemy) For the Love of Metal 2018 Dee Snider
Stålfågel Verkligheten 2019 Soilwork
The Truth Is Dead Anesthetic 2019 Mark Morton
No Light Shall Save Us World War X 2019 Carnifex
Beginning of the End The New Normal 2019 Kane Roberts
Distortion Metal Galaxy 2019 Babymetal
Demons Are a Girl's Best Friend Call of the Wild
Missa Cantorem
2021 Powerwolf
Lizzie Tales from Six Feet Under 2021 Charlotte Wessels
The Wolf You Feed The Call of the Void 2023 Nita Strauss