Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Alhambra

Ut Wikipedy
Plattegrûn fan It Arabysk Paleis 1889
Alhambra, Comares, Myrtenhôf
Patio Paleis fan Karel V
Alhambra (2010)
Alhambra besjoen fan 'e Generalife (2017)

It Alhambra (Arabysk: الحمراء) is in paleis út 1333 fan de Moarske hearskers fan it Emiraat Granada yn Andalûsje (Súd-Spanje). It stiet op in heuveleftich plato oan de súdeastlike grins fan de stêd Granada.

It grutte kompleks waard nei de ferovering fan it Keninkryk Granada yn 1492 troch de Reyes Católicos as in tige wichtige bút sjoen. Harren pake- en beppesizzer Karel V woe as ferjilding fan it Belis fan Wenen Granada mei it Alhambra de haadstêd fan it Habsburchske Ryk meitsje en liet dêrfoar midden yn it Alhambra begjinne mei de oalis fan in paleis, wêrfoar in part fan it Alhambra ôfbrutsen waard. Syn frou soarge der foar dat wat der no noch stiet, bewarre bleaun is.

Troch de fyn-útfierde Islamityske keunst en de tige grutte wearde fan de keunstskatten is it in populêre trekpleister wurden foar keunststudinten yn Jeropa. Binnenyn binne moaie dekoraasjes dy't taskreaun wurde oan Yusuf I. In protte keunstskatten fan it Alhambra binne restaurearre en sa in goed foarbyld fan Moarske keunst op it Jeropeeske fêstelân.

Wa't nei it Alhambra ta wol, moat wol goed rekken hâlde mei de kwota dy't de UNESCO steld hat kwa tal fan besikers. Op in dei mei mar in fêst tal fan besikers it Alhambra yn, dat wa't der op 'e bonnefooi hinne gean wol, rint in grut risiko om net talitten te wurden, en foarôf fêstlizze is ferstandich, Likegoed is der om it Alhambra hinne ek in soad te sjen, want de natoer en de omkriten en it bouwurk oan de bûtenkant binne op harsels al it besjen wurdich, mei útsjoch op de Sierra Nevada en de flakte fan Kordoba.

Yn de tunen fan it Alhambra stiet de Parador fan Granada. Fierders is der ek noch it Generalife.

It besjen wurdich binnen it Alhambra

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
mozayk dat Escher ynspirearre
Finster mei arabesken
  • It Mexuar. It is it âldste gedielte fan it Alhambra. Hjir ûntfongen de keningen fan it keninkryk Granada harren ûndergeskikten, en waard oer de saaklike oangelegenheden beslist.
  • Palacio de Camores. It is it paleis fan de sultan, en is boud om de Patio de los Arrayanes
  • Palacio de los Leones (of de Liuwenhôf). Mei de bou hjirfan waard begûn yn 1377 ûnder Mohammed V. Yn de midden leit de Patio mei middenyn in mânske moarmeren fontein dy't troch tolve liuwen droegen wurdt. De patio leit mids de 124 pylders fan it paleis.
  • de ferskate Salas:
    • Sala de los Abencerrajes
    • Sala de los Reyes
    • Sala de los Ajimeces
    • Sala de las dos Hermanas
  • Yn de Mirador de Daraxa wenne de harem fan de sultan.
  • Los baños
  • It Partal mei de fiver
  • It Paleis fan Karel V. De bou hjirfan begûn yn 1527, as ferjilding op it Belis fan Wenen troch de moslims. It is in ymmins fjouwerkant Renêssânse-paleis mei yn de midden in grut rûn binnenplak.
  • De Puerto del Vino (de wynpoarte), wêryn in plakette sit oer Claude Debussy dy't in stik skreaun hat mei dizze titel.
  • De ferskate tuorren :
    • Torre de Mohammed
    • Torre de Machuca
    • Torre de Comares
    • Torre de las Damas (toer fan de Hofdames)
    • Torre de Mihrab
    • Torre del Cadí
    • Torre de los Picos
    • Toer fan Cabo de la Carrera
    • Toer fan Juan de Arce
    • Toer fan Baltazar de la Cruz
    • Torre de los Siete Suelos (toer fan de Sân Flierren)
    • Toer fan de Haden
    • Toer fan Perelada
Panorama fan it Alhambra

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: