Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Afrikaanske swarte strânljip

Ut Wikipedy
Afrikaanske swarte strânljip
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift wilstereftigen (Charadriiformes)
famylje strânljipfûgels (Haematopodidae)
skaai strânljippen (Haematopus)
soarte
Haematopus moquini
Bonaparte, 1856
IUCN-status: gefoelich
ferspriedingsgebiet
     briedgebiet
     restearjende ferspriedingsgebiet

De Afrikaanske swarte strânljip (Haematopus moquini) is in yn fûgel út de famylje fan de strânljippen.

Yn tsjinstelling ta de yn Jeropa te finen bonte strânljip sit de Afrikaanske swarte strânljip hielendal swart yn de fearren. De snaffel is read en hat in oranjegiele punt. De poaten binne fleiskleurich.

De Afrikaanske swarte strânljip briedet op de kusten fan Angoala oant Súd-Afrika. De eartiids op de Kanaryske Eilannen foarkommende ûndersoarte meadewaldoi is sûnt 1986 útstoarn. De gewoane foarm moquini komt noch yn ferskate kustgebieten foar, fan flakke sânstrannen oant stiennige wâlen. De totale populaasje wurdt rûsd op in 5.000 oant 6.000 fûgels.