Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Aegidius

Ut Wikipedy

Aegidius († 464 of 465) wie in Romeinske generaal, dy't yn ’e midden fan de 5e iuw it oerbleaune Romeinske gebiet fan Galje yn ’e macht krige. Hy stifte yn de Gallyske provinsje Gallia Lugdunensis in selsstannich Gallo-Romeinske Ryk, dat oant 486 bestean bliuwe soe.

Legerlieder yn Galje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Aegidius makke opgong as legerlieder fan Galje ûnder keizer Majorianus. Yn dy tiid makke it West-Romeinske Ryk in perioade fan swierrichheden troch as gefolch fan de moard op Flavius Aetius. Ferskate Germaanske folken besochten doe harren macht yn Galje te fergrutsjen. It antwurd fan de Romeinen dêrop wie in fjildtocht yn de simmer fan 457, ûnder lieding fan Aegidius. Aegidius waard nei de Ryn ta stjoerd tsjin de Ripuaryske Franken. Dy waarden tebekslein, wêrby't Keulen ûntromme wurde moast.

Yn opdracht fan Majorianus werovere Aegidius Lyon dat krekt dêrfoar troch de Boergonden beset wie. En hy ferdigene mei súkses Arles, it haadplak fan de Gallyske Prefektuer, tsjin de Fisigoaten. Nettsjinsteande dy súksessen sleat de keizer nije ferdraggen mei de opstannelingen, hy joech de Boergonden in grutter fêstigingsgebiet.

Gallo-Romeinske Ryk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn augustus 461 waard keizer Majorianus troch Risimer, syn opponint yn it leger te fal brocht. Risimer beneamde Libius Severus ta opfolger, mar hold sels de feitlike macht. Aegidius wegere dêroan mei te wurkjen en woe krektas it East-Romeinske ryk, de nije keizer net erkenne. Aegidius slagge der lykwols net yn om Risimer te ferslaan. Dy waard stipe troch de Boergondyske foederaty ûnder lieding fan kening Gundiok, wêrtroch't Aegidius it paad nei Itaalje ôfsnien wurde koe.

Aegidius kaam hieltyd mear yn swierrichheden doe't de Fisigoaten yn opdracht fan Risimer ek tsjin him oplutsen. Hy waard twongen him werom te lûken nei it gebiet om Parys hinne. Dêr, yn Gallia Lugdunensis, it Gallyske gebiet noardlik fan de Loire en súdlik fan de Somme, stifte er in selsstannich Gallo-Romeinsk ryk mei Soissons as haadstêd. Yn 463 krige Aegidius help fan de Frankyske foederaty ûnder oanfiering fan Childerik. Mei help fan dy bûnsmaten slagge er deryn om de Fisigoaten te ferslaan yn de Orléans, wêrtroch’t er syn machtsbasis yn Galje fergrutsje koe.

Yn 464 waard Aegidius fermoarde, foar ’t neist troch fergiftiging. Hy waard earst opfolge troch Paulus en nei him soe syn soan Syagrius hearskje. Hy ferlear it selsstannige Romeinske gebiet yn 486 oan de Franken ûnder Klovis.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Literatuer
  • Justine Davis Randers-Pehrson, Barbarians and Romans
  • Edward James, De Franken, Baarn, 1988, side 73-79.
Boarnen