Évreux
Évreux | |
---|---|
Hôtel de Ville | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Frankryk |
Regio | Normandje |
Departemint | Eure |
Sifers | |
Ynwennertal | 46.707 (2018) |
Oerflak | 26,34 km² |
Befolkingstichtens | 1.766 / km² |
Stêdekloft | 59.052 (2018) |
Hichte | 57–147 m |
Oar | |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Webside | Side Évreux |
Évreux is in Frânske gemeente en de haadstêd fan it departemint Eure yn de regio Normandje. It is nei Le Havre en Rouen de grutste stêd fan de regio en de stêdekloft telt sa'n 59.000 (2018) ynwenners. Évreux is ek de sit fan it bisdom Évreux.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant yn de iere midsiuwen stie Évreux bekend as Mediolanum Aulercorum, dat stifte wie oant it ein fan de 1e iuw. It wie it haadplak fan de Gallyske stamme fan de Eburovici (Aulerici), dy't harren namme joegen oan de stêd. Yn dy tiid wiene der ferskillende grutte iepenbiere gebouwen, lykas in teäter en termen. Yn 275 nei Kristus waard de stêd troch Germaanske stammen fernield. De ynwenners fersterken harren stêd en bouden de earste bolwurken, dêr't noch in diel fan te sjen is yn it gemeentlike museum. Yn de 5e iuw waard de stêd kristene troch de hillige Taurinus. Neffens in leginde soe de hillige it kwea yn foarm fan trije wylde bisten moete ha: in buffel, in liuw en in bear. Hy wist alle trije bisten te ferslaan. Oan it ein fan de 5e iuw waard de stêd op 'e nij plondere en ferneatige, dy kear troch Fandalen.
Midsiuwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjin it ein fan de 10e iuw (962) waarden de Romeinske fersterkings oan de kant fan de Iton sloopt troch Wytsings. Hindrik I fan Ingelân liet de stêd yn 1119 platbaarne om de greve fan Évreux te straffen dy't de Frânske kening Loadewyk VII stipe. Filips II Augustus ferneatige de stêd yn 1194.
De abdij fan Saint-Taurin waard yn 1060 stfite en soe tige belangryk wurde foar de ekonomyske ûntjouwing fan de stêd en omkriten. Yn de Hûndertjierrige Kriich (1337-1453) wie de stêd in tal kearen in sintrum fan strideraasjes tusken Ingelân en Frankryk. Yn de 15e iuw makke it Hûs Ėvreux syn grutste bloei mei. Troch it houlik fan Filippe fan Évreux mei Jehanne II fan Navarra komt it Spaanske keninkryk Navarra oant 1441 ûnder bewâld fan it hûs fan Évreux. Tsjintwurdich bestiet der noch in stedswyk yn Évreux mei de namme Navarra.
Renêssânse
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjin it ein fan de 15e iuw en oan it begjin fan de 16e iuw lit Loadewyk XI de stêd wer fannijs opbouwe en fral it pronkstik fan de stêd, de katedraal, opknappe. Yn dy snuorje wurdt ek útein set mei de bou fan it biskoplik paleis. It belfort wurdt troch boargers fan Évreux boud as symboal fan harren macht en wolstân. By de stêd wurdt yn 1662 it kastiel fan Navarre boud troch de hartoch fan Bouillon, dêr't keizerin Joséphine útfanhuzet yn har Normandyske ballingstiid tusken 1810 en 1814.
Twadde Wrâldkriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich waard Évreux yn juny 1940 troch de Dútke Luftwaffe bombardearre. Dêrby kamen 87 ynwenners om en ek 135 Frânske en Britske soldaten. De alliearde bombardeminten op 12 juny 1944 kosten 210 ynwenners it libben. Lettere alliearde bombardeminten yn july en augustus 1944 kosten seis minsken it libben. Évreux waard op 23 augustus 1944 troch it 1e Amerikaanske Leger befrijd.
Befolkingsûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1962 | 1968 | 1975 | 1982 | 1990 | 1999 | 2006 | 2016 |
Ynwennertal | 36.695 | 42.550 | 47.412 | 46.045 | 49.103 | 51.198 | 51.239 | 48.899 |
Boarnen: Cassini en INSEE |
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De katedraal fan Évreux is in monumint wêrfan't de bou yn de 12e iuw útein sette. Yn de 17e iuw waarden de wurksumheden oan de katedraal foltôge. It is de grutste tsjerke fan it departemint. De tsjerke fertsjintwurdiget ferskillende boustylen, mar is fral goatysk. Yn de tsjerke binne ferneamde brânskildere ramen, trettjin kapellen fan de 13e oant de 16e iuw, dy't mei houten renêssânse hekken ôfsletten wurde.
Yn it eardere biskoplike museum is tsjintwurdich it museum ûnderbrocht. It gebou is yn flamboyant goatyske styl.
De Église Saint-Tourain is in eardere abdijtsjerke út de 11e-14e iuw. Yn de sakristy is de weardefolle 13e-iuwske skryn te sjen.
Fan de âlde 3e- en 4e-iuwske wâlen fan de stêd binne noch yn fjouwer strjitten resten te sjen.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It Musée d'Art, Histoire et Archéologie is ûnderbrocht yn it eardere biskoplike paleis út it ein fan de 15e iuw. It grinzget oan de kleastergong súdlik fan de katedraal en yn it museum wurde argeologyske en midsiuwske samlings en kolleksjes út de renêssânse en de moderne tiid útstald. Bekend is û.o. it 1e-iuwske brûnzen byld fan Jupiter Stator.
Ofbyldings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Tour de l'Horloge
-
Musée d'Art
-
Stedsskouboarch
-
De Iton
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Évreux fan Wikimedia Commons. |