Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Stienmurd: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: vi:Chồn đá - fuort: lez:Къвандзин цуцӀул (missing)
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Bot - derby: lez:Къванцин цуцӀул
Rigel 67: Rigel 67:
[[ka:თეთრყელა კვერნა]]
[[ka:თეთრყელა კვერნა]]
[[kk:Тас сусары]]
[[kk:Тас сусары]]
[[lez:Къванцин цуцӀул]]
[[lij:Foin]]
[[lij:Foin]]
[[lt:Akmeninė kiaunė]]
[[lt:Akmeninė kiaunė]]

De ferzje fan 10 jul 2012 om 11.22

stienmurd
Leefgebiet stienmurd
Leefgebiet stienmurd
stienmurd

De stienmurd (Martes foina) is in rôfdier út it skaai fan de murdeftigen (Mustelidae). Hy liket in soad op de beammurd. De stienmurd libbet benammen yn in grut part fan Europa, en is mear en mear ek om huzen hinne te finen. It is in omnivoar mei karnivoare trekjes. De stienmurd is in opportunist dy't him maklik oanpast oan de omstannichheden.

Kenmerken

De stienmurd hat in brune pels mei in wite oant griiswite kielflek. Troch de kielflek rint in donkere streek dy't de flek yn twa helten spjalt. De populaasje op Kreta hat mar in lyts griis flekje op de kiel. Hy ferskilt fan de beammurd troch de kielflek, dy't by de beammurd giel is, de minder behierre fuotsoallen, de smellere earen en de bredere, koartere snút. De kop-romplingte is 40 - 48 sintimeter. De sturt wurdt yn trochsnee 26 sintimeter lang. De bisten wurde gemiddeld 12 sintimeter heech en wage 1,3 - 2,5 kilogram. Mantsjes wurde swierder as wyfkes.

Fiedsel en gedrach

De stienmurd is meast in karnivoar. Mûzen, rôten, wrotmûzen en iikhoarns steane by de stienmurd op it menu. Ek fret er fruchten, beien, kersen, fûgels en aaien. Soms fret er ek kikkerts en hagedissen. Op sommige plakken fret er krekt benammen fruchten, ynsekten en ies. De stienmurd skammet him der net foar om hinne en oar plomfee binnen koarte tiid út harren hokken en lopen te jeien, ta argewaasje fan (hobby)plomfeehâlders. 5-10 hinnen nachts is net ûngewoan en hy kin de bút faak nei de meast ûnmooglike plakken slepe lykas dakken en oer stekken.

De stienmurd libbet meastentiids solitêr. Marters yn dorpen jeie soms yn lytse groepkes fan fjouwer à fiif bisten. Dizze bisten hawwe ek in lytser wengebiet as murden yn de natoer, dêr't wengebieten gemiddeld 80 hektare beslaan. De stienmurd is lûdroftiger as de beammurd. Dizze murd libbet faak yn holle beammen en stienbulten. De stienmurd lit syn keutels efter yn in latrine.

Fuortplanting

De peartiid is yn de midden fan de simmer. De draachtiid duorret mar 30 dagen, mar troch in ferlinge draachtiid fan 230 - 275 dagen wurde de jongen pas yn de maitiid smiten. De stienmurd krijt meastentiids 3-4 jongen, mar dit kin ferskille fan 1-8 jongen per smeet. Se binne by de berte blyn. De mem soarget allinnich foar de jongen. De sûchtiid duorret 8 wiken. Jongen ferlitte it nêst nei 8-10 wiken.

De bisten binne nei ien á twa jier geslachtsryp. Se wurde oant achttjin jier âld yn finzenskip.

Fersprieding en leefgebiet

Stienmurden libje benammen yn leafbosken, boskrânen en op iepen rotsheuvels. Yn de Alpen kin hy oant fier boppe de beamgrins foarkomme, oant op 2400 meter hichte. De stienmurd libbet faak tichtby de minsk en sit dan op souders, flierings, stâlen, skuorren en sels yn auto's, ûnder de motorkape. Soms graaft hy ek in hoale yn de grûn.

De stienmurd libbet yn it grut part fan Europa, mei útsûndering fan Noard-Europa as Skandinaavje en Yslân en de Britse eilannen. Hy komt ek foar op eilannen yn de Middellânske See, as de Balearen, Korsika, Rhodos, Korfu en Kreta. Ek yn Aazje komt hy foar, in Lyts-Aazje, de Kaukasus, de Himalaya en it Altajberchtme.

Yn Nederlân

De stienmurd is beskerme, en is mei in lyts werstel dwaande wêrby't de fergrutting fan syn areaal troch ekologyske ferbiningssônes in wichtige rol spilet.

Auto's

Under de motorkape kinne stienmurden in ferskuorrende skea feroarsaakje oan betriedding en isolaasjeateriaal. It binne benammen jonge bisten dy 't de betrieding trochbite, om de ytberheid derfan út te probearjen. Ek binne faak Japanske auto 's doelwyt, meidat der bûzjykeabels brûkt wurde dêr't fiskoalje yn ferwurke sit. Folwoeksen bisten litte de triedden gewurde. Ek kleie in soad minsken oer de stank en it lawaai.

Ferskaat

  • It bist spilet de haadrol yn de roman "Floere, het Fluwijn" fan Ernest Claes.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: