Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Oker

Ut Wikipedy
oker
kleurkoördinaten
heksadesimaal #CC7722
RGBª (rgb) (204, 119, 34)
CMYKº (cmyk) (0, 42, 83, 20)
ª) normalisearre nei [0-255] (byte)
º) normalisearre nei [0-100] (%)
Dizze side giet oer de kleur en it pigmint oker. Foar de rivier yn Dútslân, sjoch: Oker (rivier).

Oker is in natuerlik pigmint en de kleur fan dat pigmint. It wurd komt fan it Aldgrykske ὤχρα, ṓchra, fan ὠχρός, ōchrós, dat "bleek" betsjut. As pigmint komt it foar yn beskate klaaigrûnen en bestiet it út izerokside (oftewol roast) fermongen mei fariëarjende hoemannichten klaai en sân. As kleur komt it yn ferskate tinten foar, fan djiporanje of ljochtbrunich (readoker of reade oker) oant gielich (gieloker of giele oker). As sadanich kin oker beskôge wurde as in tint fan giel, brún of read.

Oker is eins in 'famylje' fan besibbe pigminten dy't natuerlik yn beskate grûnsoarten foarkomme. Ta oker yn 'e brede sin wurde gieloker, readoker, pearsoker, brúnoker, sienna en omber rekkene. It wichtichste bestândiel fan alle okers is izerokside-hydrokside, dat bekendstiet as limonyt. Dy stof jout oker syn gielige basiskleur.

Trije ûnderskate okertinten (gieloker, readoker en brúnoker).
  • brúnoker, FeO(OH), oftewol goetyt, is in izerokside dy't mar foar in part hydratearre is
  • sienna befettet sawol limonyt as in lytse hoemannichte mangaanokside (minder as 5%), dy't foar in dûnkerder kleur soarget as oker normaal hat
  • omber jildt itselde foar as sienna, mar by omber makket de hoemannichte mangaanokside 5–20% út

Wannear't natuerlik foarkommende sienna- en omberpigminten ferhjitte wurde, reitsje se troch ferdamping dehydratearre en transformearret in diel fan it limonyt ta hematyt, sadat it in readere kleur kriget. Sokke pigminten (en de byhearrende kleuren) steane bekend as baarnd sienna en baarnd omber.

In grotskildering fan in wyld hynder dêr't gieloker foar brûkt is yn 'e Grotten fan Lascaux, yn 'e Dordonje.

Oker is net-giftich en kin brûkt wurde om in oaljeferve te meitsjen dy't fluch drûget en goed dekt. Moderne okerpigminten wurde faak makke mei syntetyske izerokside. Fervesoarten en oare produkten dy't natuerlike okerpigminten befetsje, jouwe dat oan mei de namme PY-43 op it etiket.

Histoarysk waard benammen readoker troch iere minsken brûkt foar it meitsjen grotskilderings en oare rotsskilderings. Argeologen hawwe it begjin fan it gebrûk fan oker troch de minske yn Afrika datearre omtrint 300.000 jier lyn. Bewizen foar it gebrûk fan oker yn Austraalje geane 50.000 jier tebek en yn Aazje waard it pigmint, ynsafier bekend, 40.000 jier lyn foar it earst brûkt. Yn Jeropa fertsjintwurdiget de Reade Frouwe fan Paviland, yn Wales, it âldst bekende gebrûk fan oker, datearre omtrint 33.000 jier lyn. It bekendst is it gebrûk fan oker lykwols by de grotskilderings yn 'e Grotten fan Lascaux, yn Frankryk (17.300 jier lyn) en yn 'e Grot fan Altamira, yn Spanje, (16.500–15.000 jier lyn).

Okerwandskilderings yn 'e Aldegyptyske Tombe fan Nacht, dy't datearret út 'e 15e iuw f.Kr.

Troch de Alde Egyptners, dy't giel mei goud assosjearren en goud mei ivichheid en ûnferwoastberens, waard gieloker in protte brûkt om grêftomben mei te beskilderjen. Readoker waard yn it Alde Egypte brûkt foar it meitsjen fan iere foarmen fan lippestift en rûzje, dy't troch froulju droegen waarden. Yn 'e Klassike Aldheid ferhelle de Goatyske skiedskriuwer Jordanes fan 'e Pikten fan Skotlân dat se harsels "izerread" ferven. Dat der yn 'e Ierske mytology gauris ferwiist wurdt nei "reade minsken" (Iersk: fer dearg) liket derop te wizen dat dy praktyk mear foarkaam op 'e Britske Eilannen. Yn 'e Grykske Aldheid en yn 'e Romeinske Tiid wie oker it meast brûkte pigmint foar it oanbringen fan fresko's. Doedestiden kaam de bêste reade oker fan in Grykske koloanje oan 'e kust fan 'e Swarte See, dêr't no de Turkske stêd Sinop leit. Ek yn 'e Renêssânse waarden gieloker en readoker noch in protte brûkt foar it meitsjen fan fresko's.

In pear Himba-froulju út Namybje mei hûd en hierflechten ynwreaun mei de readokerfariant otjize.

Yn Noard-Amearika waard troch de Yndiaanske folken in protte oker brûkt, fral readoker. Der waard sels in argeologyske kultuer nei ferneamd, it Readokerfolk, dat fan 1000 f.Kr. oant 400 f.Kr. yn it bosklân beëasten de Mississippy libbe. Beskate Kalifornyske stammen, lykas de Tongva en Sjûmasj (Chumash) brûkten reade oker yn 'e histoaryske perioade as lichemsferve. Ek de oarspronklike (letter troch de blanke kolonisten útrûge) Beotûk (Beothuk) fan Nijfûnlân brûkten in protte readoker en waarden dêrom troch de iere kolonisten fan dat eilân "Reade Yndianen" neamd. Argeologyske opgravings wize derop dat de Beotûk mooglik net inkeld har lichem mei readoker kleuren, mar ek harren hier. Letter waard readoker op Nijfûnlân brûkt as tradisjonele kleur foar it fervjen fan bygebouwen, benammen dy't mei de kabeljaufiskerij te krijen hiene.

Yn Afrika is oker by guon etnyske groepen noch altyd yn gebrûk as lichemsferve. Dat ferskynsel is fral bekend fan 'e Himba út Namybje en Angoala, wêrfan't de froulju in mingsel fan readoker en dierlik fet brûke om har lichem en hierflechten mei yn te smaren. Ek de Masaï fan Kenia en Tanzania brûke readoker wol as lichemsferve, mar allinnich by spesjale gelegenheden.

In gielokermyn yn 'e Vaucluse.

Yn Jeropa waard yn 'e 1780-er jierren troch de Frânske wittenskipper Étienne Astier in yndustrieel proses ûntwikkele foar it meitsjen okerpigmint, dat wûn waard út minen by it plak Roussillon (net te betiizjen mei de lyknammige lânstreek) yn 'e Vaucluse, dy't diel útmakket fan 'e Provâns. De rouwe klaai út dy minen befette 10–20% oker en waard weakke yn wetter, wêrby't it swierdere sân nei de boaiem sonk. It wetter en it sân waard fuortgoaid, en de oker drûge, yn koeken snien, fermeald ta poeier, nochris souwe, en úteinlings skaat nei kleur en kwaliteit. De bêste kwaliteit wie bestimd om ferve fan te meitsjen foar keunstskilders. De rest waard hûsferve en oare produkten fan makke.

De oker út 'e Vaucluse waard eksportearre oer hiel Jeropa en waard meitiid in wichtich bestândiel foar de rubberyndustry. Troch de Russyske Revolúsje fan 1917 en de Spaanske Boargeroarloch fan 19361939 rekke it lykwols mei de okerwinning yn 'e Vaucluse yn it neigean omreden fan it ferlies fan ôfsetmerken. Tsjintwurdich is der noch mar ien okermyn yn 'e Vaucluse oer dêr't noch oker wûn wurdt: dy fan 'e Société des Ocres de France.

Yn Ingelân waard oker wûn by Brixham. Dêr waard it benammen brûkt as konservearringsmiddel foar de seilen fan fiskersboaten, troch it te fermingen mei tarre, talch en de skoars fan iken en der dan de seilen mei yn te wriuwen, sadat it sâlte seewetter se net sa gau oantaaste. Nei de ikeskoars (oak bark) waard dy praktyk barking neamd. Yn 1894 bliek by de behanneling fan in dieverijsaak foar de Ingelske rjochtbank dat oker ek troch kriminelen as kleurstof brûkt waard. Dat waard dien troch brune bôle te weakjen yn in mingsel fan readoker, sâlt en piper. Wat resultearre waard drûge en dan ynstee fan 'e (folle djoerdere) woarst yn in woarstebroadsje dien, sadat it liek as siet der in stik woarst yn. It waard dan foar in woarstebroadsje ferkocht en it jild dat se útsparre hiene, stieken de oplichters yn eigen bûse.

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.