2007
jier
Ieuwen:
16e -- 17e -- 18e -- 19e -- 20e
-- 21e ieu --
22e -- 23e -- 24e -- 25e -- 26e
Jierren:
2002 - 2003 - 2004 - 2005 - 2006
- 2007 - 2008 - 2009 - 2010 - 2011 - 2012
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
2007 MMVII |
Ab urbe condita | 2760 |
Armeenske kalinder | 1456 ԹՎ ՌՆԾԶ |
Etiopyske kalinder | 1999 – 2000 |
Hebriuwske kalinder | 5767 – 5768 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 2062 – 2063 |
- Shaka Samvat | 1929 – 1930 |
- Kali Yuga | 5108 – 5109 |
Iraanske kalinder | 1385 – 1386 |
Islamityske kalinder | 1428 – 1428 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4703 – 4704 癸戌 – 甲亥 |
2007 is in gewoan jier dat begjint mei in moandei. (Gregoriaanske kalinder foar 2007.)
Foarfallen
Jannewaris
- 1 - Sloveenje nimt de Euro as wettich betelmiddel.
- 1 - Yn Belgje binne de restaurants tenei wetlik smookfrij.
- 1 - Adam Air Flecht 574 boppe Yndoneezje mei 103 minsken yn 'e masine, wurdt wei.
- 8 - Ruslân leveret trije dagen gjin oalje oan de Oekraïne, Poalen en Dútslân om in lyts trelit.
- 15 - Rafael Correa wurdt beëdige as nije presidint fan Ekwador.
Febrewaris
- 19 - Noard-Korea sil syn nukleêre program stopsette yn ruil foar oalje.
- 25 - Presidintsferkiezings yn Senegal: Abdoulaye Wade wurdt op 'e nij keazen as presidint.
Maart
- 25 - De Jeropeeske Uny fiert har 50e jierdei: yn 1957 waard it Ferdrag fan Rome tekene. Yn Berlyn wurdt de Ferklearing fan Berlyn tekene troch de foarsitters fan de Jeropeeske Rie (Angela Merkel), de Jeropeeske Kommisje (José Manuel Durão Barroso) en it Jeropeesk Parlemint (Hans-Gert Pöttering).
- 25 - SN Brussels Airlines en Virgin Express wurde gearfoege ta in nije loftfeartmaatskippij Brussels Airlines.
- 26 - Yn it Nigeriaanske plak Gadako komme mear as sântich minsken te ferstjerren neidat in frachtauto fol bensine omwipte en der brân útbriek.
April
- 2 - Smoke yn iepenbiere romten en op it wurk is yn Wales tenei ferbean.
- 2 - De Salomonseilannen wurde troffen troch in ierdskodding fan 8,1 op 'e Skaal fan Richter en oanfolgjende tsûnami.
- 6 - Goed Freed.
- 8 en 9 - Peaske.
- 25 - Betinking Rommy Henstra yn it Cambuur stadion.
Maaie
- 6 - Nicolas Sarkozy is keazen as presidint fan Frankryk, mei 53 % fan de stimmen wûn er it fan Ségolène Royal.
- 6 - Ruslân wurdt erkend as folsleine supermacht troch de Feriene Steaten fan Amearika. [1]
Juny
- 5 - It romtefartúch fan de NASA, de MESSENGER fleant foar de twadde kear deunby Fenus lâns en fleant fierder nei Merkurius.
July
- 7 oant 29 july - De Omgong fan Frankryk. De tocht begjint yn Londen.
- 12 oant 25 july - It SKS Skûtsjesilen.
- 24 - De Fryske wikipedy hat 5.000 siden, mei de side oer seksferslaving, skreaun troch Kening Aldgilles.
Augustus
- 1 - De 150e edysje fan de PC-keatspartij yn Frjentsjer.
- 20 - Futsal Ljouwert wurdt Futsal Cambuur.[2]
Septimber
- 3 - Steve Fosset stoart mei alle gedachten mei in fleanmasine del en wurdt net wer weromfûn.
Oktober
- 1: It Saailân wurdt werynrjochte. [3]
- 19: Yn Lissabon komme de regieringslieders fan de Jeropeeske Uny it Ferdrach fan Lissabon oerien.[4]
Novimber
- 1 - De Switserske tennister Martina Hingis wurdt posityf teste op kokaïne en hâldt op mei tennisjen.
- 9 - In Noardwesterstoarm oer de Fryslannen.
Desimber
- 2 - Parlemintsferkiezings yn Ruslân.
- 9 - De Sealterfryske wikipedy hat 500 siden.
- 11 - De sweeftrein dy't fan Amsterdam nei Grins oanlein wurde soe, giet werom nei Dútslân.[5]
- 21 - Yn Estlân, Letlân, Litouwen, Malta, Sloveenje, Tsjechje, Hongarije en Slowakije wurde de Schengen Oerienkomsten fan tapassing.
Berne
Ferstoarn
- 10 maart - Willy Wester, fermoarde yn Ljouwert (* 1958).
- 8 april - Uilke Tuinstra, dichter.
- 22 april - Rommy Henstra, folkssjonger.
- 29 maaie - Jitze Grondsma, skûtsjeskipper.
- 16 july - Ulbe Hannema, rektor, foarsitter PC.
- 14 augustus - Watze Tjebbe Beetstra, histoarikus en Frysk nammekundige (* 1916).
- 17 augustus - Jos Brink, Nederlânsk entertener.
- 4 septimber - Gerard Poiesz, mei-oprjochter Snitser supermerk.
- 23 septimber - Berend Bijlsma, It Hearrenfean, ûnderwiisynspekteur.
- 30 oktober - Teun Tolman, Aldeholtpea, folksfertsjintwurdiger.
- 25 novimber - Rinnie Kuiper, Makkum, keatser.
- 30 novimber - Harm Abma, Boalserter keunstskilder.
- 5 desimber - Foekje Dillema, atlete.
- 27 desimber - Tjitte Piebenga, Frjentsjer, skriuwer en kritikus Fryske literatuer.
Ferwizing nei boarne
Ieuwen:
16e -- 17e -- 18e -- 19e -- 20e
-- 21e ieu --
22e -- 23e -- 24e -- 25e -- 26e
Jierren:
2002 - 2003 - 2004 - 2005 - 2006
- 2007 - 2008 - 2009 - 2010 - 2011 - 2012