Tinus Osendarp
Martinus Bernardus (Tinus) Osendarp (Delft, 21 maaie 1916 - Heerlen, 20 juny 2002) wie in Nederlânsk atleet, dy't benammen sukses hie op de koarte ôfstannen.
Der wurdt twivele oer de betroudens fan ien of mear ûnderdielen fan dit artikel.
Sjoch op de oerlisside foar mear ynformaasje en pas nei kontrôle it artikel oan. |
---|
Tinus Osendarp | ||
sporter | ||
Tinus Osendarp yn 1936 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 21 maaie 1916 | |
berteplak | Delft | |
stjerdatum | 20 juny 2002 | |
stjerplak | Heerlen | |
lingte | 1,77 m | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Atletyk | |
ûnderdiel | sprint | |
earste titel | Ned. kampioen 100 m 1935 | |
O.S. | 1936 | |
ekstra | Ned. rekordhâlder 200 m 1936-1965, 4 x 100 m 1934-1963 | |
wichtige prestaasjes | ||
OS 1936 op de 100 m. en 200 m. |
Tinus Osedarp is berne yn Delft. Oant 1934 wie er njonken hurdrinner ek fuotballer, mar yn dat jier woe de KNAU him allinnich nei it Jeropeesk Atletykkampioenskip stjoere as er stoppe mei de fuotballerij.
By de Olympyske Spullen fan 1936 wûn Osendarp brûnzen medaljes op de 100 m. en 200 m. dêr't Jesse Owens earste waard. De Dútske parse lei der klam op dat er by de wedstriden de fluchste blanke west hie. Faaks hie ek in medalje op de 4 x 100m. estafette noch mooglik west, mar yn it gefjocht om it twadde plak waard it stêfke him út de hân stjitten.
By de Jeropeeske kampioenskippen fan 1938 wûn Osendarp de 100 m. en 200 m. Ek yn de oarloch koe hy noch lang rinnen bliuwe om't it Dútske gesach syn rop fan fluchste blanke brûke woe.
Om't Osendarp by de plysje wie kaam er yn de Twadde Wrâldoarloch by de Sicherheitstsjinst te wurkjen. Letter waarden syn âlden en hy lid fan de NSB, en waard er lid fan de SS. Hy die mei mei de jacht op it ferset, en hie der mei de skuld oan dat tsien minsken de oarloch net oerlibben. Yn 1948 waard er hjirfoar ta 12 jier finzenskip feroardiele, mar it duorre ta letter yn syn libben ear't er spyt krige fan syn opstelling yn de oarloch.
Nei't er yn 1952 frijkaam ferhuze Odendarp nei Limburch dêr't de eardere KNAU-foarsiter Frans Jutte him oan wurk yn de minen holpen hie. Earst wie er op himsels, mar letter waard er yn Limburch aktyf as trener. Hy is yn 2002 yn Heerlen ferstoarn.