Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Prinsbisdom Utert

(Trochferwiisd fan Stift Utert)

It Prinsbisdom Utert (ek wol bekend as It Sticht) wie it territoarium dêr't de Biskoppen fan Utert yn de Midsiuwen as foarst de lânshearlikheid útoefenen. In sticht wie in gebiet dêr't de abt of biskop oer regearre.

It gebiet fan it prinsbisdom Utert
It gebiet fan it prinsbisdom Utert

Utert wie fan 1024 oant 1528 in foarstendom yn it Hillige Roomske Ryk. Dat wol sizze dat de biskop as ryksfoarst en greve ek hearlike rjochten hie en dus ek wrâldlike macht besiet. Hy regearre oer:

De earste biskop fan Utert wie de hillige Willibrord sûnt 703. Hy wie ek de aartsbiskop fan de Friezen.

Karel de Grutte re-organisearre yn de 9e iuw de tsjerklike yndieling fan de Nederlannen. Tusken dy tiid en 1559 hearde alles boppe grutte rivieren en Seelan ta it bisdom Utert. Utsein de gebieten om Grinslân en eastlik Gelderlân dy't by it bisdom Münster en it Bisdom Osnabrück hearden. It bisdom sels wie yndield by it aartsbisdom Keulen. It bisdom wie dus in suffragaanbisdom fan Keulen. Los fan de tsjerklike hearrigens wie de prinsbiskop in ûnôfhinklik ryksfoarst.

De biskoppen fan Utert krigen harren lânshearlikheden tusken de 11e iuw en de 13e iuw. De opfolgers fan Karel de Grutte skonken grutte dielen fan it ryk oan de tsjerklike foarsten om sa in tsjinwicht te foarmjen tsjin harren machtige lienhearen. By it Konkordaat fan Worms yn 1122 ferliende de keizer it rjocht om biskoppen en abten te beneamen. Dy taak kaam yn hannen fan de geastlikheid sels. In kandidaat foar in lege biskopssit moast faak kostbere beloften dwaan om keazen te wurden. Dêrtroch ferswakke de posysje fan de biskop yn it foardiel fan de eallju.

De groei fan it bisdom

bewurkje seksje

In oersjoch fan skinkingen fan goed en rjochten:

De biskoppen fan Utert lieten harren goederen beheare troch fâden en liengreven.

  • Izaak Hendrik Gosses, De Bisschop van Utrecht, het Domkapittel en de Groninger Prefect, yn: Bijdragen voor vaderlandsche geschiedenis en oudheidkunde, fjirde rige VII (1908), siden 25-135.