Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Sint-Piterkatedraal (Lisieux)

De Sint-Piterkatedraal (Frânsk: Cathédrale Saint-Pierre) is de 12e-iuwske katedraal fan de Frânske stêd Lisieux.

Sint-Piterkatedraal

Cathédrale Saint-Pierre

Lokaasje
lân flagge fan Frankryk Frankryk
regio Normandje
departemint Calvados
plak Lisieux
adres 9 Place François Mitterrand
koördinaten 49° 08' N 0° 13' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Bayeux
patroanhillige Petrus
Arsjitektuer
boujier 1170-1230
boustyl Normandyske gotyk
monumintale status histoarysk monumint
Webside
Side katedraal
Kaart
Sint-Piterkatedraal (Frankryk)
Sint-Piterkatedraal

De hjoeddeiske katedraal is net de earste tsjerke op it plak. Yn 538 waard de earste biskop fan Lisieux neamd, Theudobaudis. Dat der in biskop west hat bestjut ek dat der in katedraal wie, mar dêr is fierder neat mear fan bekend. Mooglik waard de katedraal ferneatige by de ynfallen fan de Wytsings. Pas yn de 11e iuw wie der wer sprake fan in katedraal, doe't de biskoppen Herbert (1026-1049) en syn opfolger Hugh Eu 1049-1077) fierder wurken oan de weropbou fan de katedraal. Foar it fergrutsjen fan de katedraal moast in diel fan de stedsmuorre ôfbrutsen wurde. Mooglik waarden doe ek de reliken fan de ferskillende hilligen ûntdutsen, dy't earder in it koer fereare waarden (Sint-Urinsum, Sint-Patricius en Sint-Berthevin). De katedraal waard yn 1136 troch brân troffen.

Goatyske katedraal

bewurkje seksje
 
Ynterieur

De katedraal fan Lisieux is ien fan de âldste goatyske monuminten fan Normandje. Tusken 1160 en 1170 waard útein set mei de bou fanôf it tsjerkeskip. De styl dy't tapast waard soarget foar in frij swier en donker skip. It earste diel waard flak foar 1183 foltôge, sa't bliken die út dendrogronologysk ûndersyk fan stikken hout. De rest fan de tsjerke sil nei alle gedachten yn it earste fear fan de 13e iuw folslein foltôge wêze. It liket der op dat de brân fan 1223 de katedraal net oantaaste hat. It dwersskip en de twa earste traveeën fan it koer binne noch yn deselde styl as it skip. De rest fan it koer lit lykwols in omslach yn de styl sjen; de goatyske styl is dêr fierder foardere en slanker. Nei't it wurk dêr klear wie ferhûze de bou-aktiviteit fral nei de gevel mei de trije portalen en de twa tuorren.

Pierre Cauchon (1432-1442), de eardere biskop fan Beauvais liet, doe't er biskop fan Lisieux wie, hielendal oan it eastlike ein fan de katedraal de Chapelle de la Vierge bouwe. De biskop, dy't mear yn Rouen en Parys wie as yn Lisieux en in grutte rol spil yn it proses tsjin Jeanne d'Arc, fûn syn ivige rêstplak yn de kapel. De yn flamboyante styl boude kapel falt op troch de lingte (17,20 meter) en de njoggen grutte finsters. De gotyk berikt dêr yn de katedraal syn hichtepunt.

De Sint-Piter hat gjin funksje mear as katedraal.

De tsjerke hat trije tuorren: lykas wenst by grutte Normandyske tsjerken in lantearnetoer en twa geveltuorren. De noardlike toer datearret út de 13e iuw. De buorman waard nei it ynstoarten wer opboud tusken 1579 en 1600. Dy toer hat in slanke spits en is 72 meter heech. De styl fan de toer is lestich te definiearjen: der binne flamboyante foarmen mar ek in pear renêssânse foarmen.

Lykas in soad Normandyske tsjerke is de dekoraasje oan de bûtenkant fan de katedraal fan Lisieux relatyf ienfâldich. Bylden op de gevels fan de portalen ûntbrekke en de dekoraasjes besteane út geometryske patroanen, bledwurk, bôgen en lyste pylderkes. in útsûndering foarmje de lytse byldhoude gesichten.

 
Haadoargel

It haadoargel is krekt lykas de tsjerke is in histoarysk monumint. De oargel op de galerij waard yn 1871 boud troch Aristide Cavaillé-Coll. De âld-boargemaster fan Lisieux, Jean-Lambert Fournet, makke de bou mooglik. Yn 1874 waard it ynstrumint troch biskop Hugonin fan Bayeux en Lisieux ynwijd en troch de ferneamde Frânske komponist Alexandre Guilmant yn gebrûk nommen .

It oargel waard yn 1898 ferboud troch Charles Mutin (1898), troch Joseph Beuchet (1932) en troch Edmond Alexandre Roethinger (1963). it ynstrumint waard yn 1988 troch Philippe Hartmann restaurearre en yn de oarspronklike steat werom brocht.

It oargel besit 48 registers op trije manualen en pedaal.

Yn it koer stiet in twadde oargel fan Aristide Cavaillé-Coll. It waard yn de jierren 1870 boud en skonken troch in parochiaan.

Theresia fan Lisieux

bewurkje seksje
 
Theresiakapel

De midiuwske katedraal fan Lisieux moat net betiizge wurde mei de Basilyk fan Sint-Theresia, dy't yn de 20e iuw boud waard. Oars as de katedraal hat Sint-Theresia dy tsjerke nea kend. Theresia wenne mei har mei har heit en susters yn de katedraal de misse by en yn de kapel by it koer is in stânbyld fan de hillige delset mei in ynskripsje, dêr't ferwiisd wurdt nei it plak wêr't de famylje krekt siet.

It heechalter is troch Louis Martin, de heit fan Sint-Theresia, skonken.

Sûnt de 20e iuw is Sint-Theresia nei Petrus (Piter) en Paulus de tredde patroanhillige fan de katedraal. Hja stiet op ien fan de brânskildere ramen oan de efterkant fan it koer.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Frânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: fr:Cathédrale Saint-Pierre de Lisieux