Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Vincent Pieter Semeyn (Piet) Esser (Baarn, 9 maart 1914Saint-Cybranet (Dordogne), Frankryk, 19 novimber 2004) wie in Nederlânske byldhouwer.

Piet Esser (1970)

Pieter Esser folge fan 1934 oant 1939 lessen oan de Ryksakademy fan Byldzjende Keunsten yn Amsterdam by Jan Bronner. Yn 1938 wûn hy in sulveren medalje fan de Prix de Rome. Hy wie as opfolger fan Bronner heechlearaar oan de Ryksakademy yn Amsterdam fan 1946 oant 1979. Beroemde learlingen fan Esser binne Jan Wolkers en Jon Gardella.

Piet Esser kin beskôge wurde as ien fan de belangrykste Nederlânske portretbyldhouwers fan de tweintichste iuw en hat teffens fan grutte betsjutting west foar de Nederlânske pinningkeunst. Hy liede dêryn tsientallen keunstners op.

Hy wurdt sjoen as lid fan de Groep fan de figurative abstraksje.

Syn portret fan Charlotte van Pallandt wurdt as ien fan de bêste út syn oeuvre rekkene. Sels fûn hy syn portretten fan Jan Buys en Else Mauhs it meast slagge.

Essers frou Dora Esser wie akwarelliste.

Bekende wurken

bewurkje seksje

Wurken fan Esser binne: