Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Kommissaris fan de Kening

(Trochferwiisd fan Kommissaris fan de keninginne)
Polityk yn Nederlân
Wapen fan Nederlân
Statút foar it Keninkryk fan de Nederlannen
Nederlânske Grûnwet
Regear
Steatshaad (Willem-Alexander)
Kabinet
Minister-presidint (Mark Rutte)
Ministers en steatssekretarissen
Hege Kolleezjes fan Steat
Earste Keamer
Twadde Keamer
Ried fan Steat
Algemiene Rekkenkeamer
Nasjonale ombudsman
Desintrale oerheden
Provinsjes
Provinsjale Steaten
Deputearre Steaten
Kommissaris fan de Kening
Gemeenten
Wetterskippen

De Kommissaris fan de Kening is yn it steatsrjocht fan Nederlân de foarsitter fan Deputearre Steaten, en is dêrmei faak it 'gesicht' fan it provinsjaal bestjoer. De kommissaris hoecht lykwols net yn te stimmen mei it belied fan de provinsje. De kommissaris fertsjintwurdiget ek it ryk yn de provinsje.

In kommissaris fan de Kening wurdt net keazen troch de ynwenners fan de provinsje, mar wurdt troch de Kroan (Kening en ministers) beneamd. It beneamen jildt foar in tiidrek fan seis jier, mei de mooglikheid ta werbeneamen. De kommissaris kin allinnich troch de Kroan dien krije. By it ferfoljen fan in fakatuere foar in kommissaris jouwe Provinsjale Steaten oand eminister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes yn in profylskets harren winskjen foar de nije kommissrais. Alle kommissarissen komme út de grutte lanlike partijen. As se ienris beneamd binne, wurdt fan de kommissaris lykwols ferwachte syn funksje ûnôfhinklik út te fieren.

De kommissaris fan de kening is part fan it provinsjaal bestjoer en hat tagelyk ek in taak as fertsjintwurdiger fan it nasjonale regear, ryksorgaan, yn de provinsje. Sa hat de kommissaris koördinearjend foech by rampebestriding en bringt er gauris wurkbesiten oan gemeenten.

By it beneamen fan boargemasters spilet de kommissaris in wichtige rol. As der yn in gemeente in fakatuere foar in boargemaster ûntstiet, stjoert de kommissaris in oanrekomandaasje foar in opfolger oan de minister fan Ynlânske Saken. Dochs earst krijt de kommissaris advys fan de gemeenetrie. De kommissaris nimt dat advys yn de oanrekomandaasje oan de minister. De kommissaris is net allinnich foarsitter, mar ek folslein lid fan Deputearre Steaten en kin beskate taken yn syn portefúlje krije. Boppedat hat de kommissaris it tafersjoch oer de amtlike organisaasje en fertsjintwurdiget er de provinsje yn tal fan saken.

Yn Limburch wurdt de kommissaris fan de Kening noch ek wol oantsjut as gûverneur.

Kommissarissen

bewurkje seksje