Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Jacob van Lennep (Amsterdam, 24 maart 1802Oosterbeek, 25 augustus 1868) wie in Nederlânsk auteur, taalkundige, útjouwer en politikus. Van Lennep wie fan 1853 oant 1856 lid fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal.

Jacob van Lennep
Jacob van Lennep ±1865

Van Lennep waard berne yn Amsterdam as soan fan de skriuwer en politikus David Jacob van Lennep. Hy studearre rjocht oan de Universiteit Leien en op syn 20e sette er in bern oan by in aadlike freondinne, dat troch in minne grutbrocht waard. Yn 1823 makke er mei syn stúdzjefreon Dirk van Hogendorp in fuotreis troch de noardlike -protestante- Nederlannen. Yn 1824 studearre er ôf en boaske oan Henriëtte Röell, tsjin it sin fan syn heit, en festige him wer yn Amsterdam. Hy bleau lykwols in frouljusgek. Yn 1829 waard er beneamd as ryksadvokaat en in jier letter ferfarre er nei de Keizersgreft, no nûmer 560, dêr't er oant syn dea ta wenjen bleau. Foar De Roos van Dekema útkaam gie er nochris nei Fryslân. Yn Onze Voorouders I-V ( 1838 - 1845) steane Fryske gegevens, bygelyks 'De Friezen te Rome'. 'De Koorknaap of Friesche bouwmeester'.

Van Lennep wie fan 1853 oant 1856 lid fan de Twadde Keamer.

Yn 1868 stoar Jacob van Lennep yn 'e âldens fan 66 jier yn Oosterbeek, dêr't er ek te hôf brocht waard (Oude Begraafplaats).

De útjouwer

bewurkje seksje

Van Lennep fersoarge de útjefte fan de gedichten van De Schoolmeester (1858), in tolvedielige edysje fan it wurk fan Joast fan de Vondel (1850-1868), en Max Havelaar fan Eduard Douwes Dekker/Multatuli (1860). Wyltst Multatuli it boek bedoeld hie as in oanklacht tsjin it koloanjale belied en foar de massa om te lêzen, makke Van Lennep der in djoere útjefte fan; boppedat ferfong er plaknammen en jiertallen troch puntsjes sadat it politike boadskip ôfswakke waard. In lilke Multatuli ferlear it proses tsjin it skeinen fan syn boek (1861).

Yn it earstoan sette er wurk oer fan Lord Byron en Walter Scott. Eigen wurk debutearre er mei yn 1826, de gedichtebondel Academische Idyllen, dy't er opdroech oan Willem Bilderdijk. Hy ward ferneamd mei syn histoaryske romans nei it foarbyld fan Walter Scott. Foarbylden binne De Roos van Dekama (1836), dat spilet yn de tiid fan de striid tusken greve Willem IV fan Hollân en de Friezen, en Elisabeth Musch (1850). It meast bekend waard syn roman Ferdinand Huyck út 1840. It ferneamde deiboek oer de fuotreis troch Nederlân yn 1823, mei syn stúdzjefreon Dirk van Hogendorp is earst útjûn (yn in bewurke foarm) troch syn pakesizzer yn 1942 ûnder de titel Nederland in den goeden ouden tijd. Yn 2000/2001 is dit boek 'wertaald' troch de skriuwer Geert Mak en Marita Mathijsen yn tsjinst fan it radio- telefyzjeprogramma De Zomer van 1823, dêr't de fouttocht nochris yn oerdien waard troch Mak en de filmmakker Theo Uittenbogaard.

Bibliografy (seleksje)

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: