Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Jan Dijkstra (boargemaster)

Jan Dijkstra (De Lemmer, 14 april 1910Frjentsjer, 22 novimber 1993) wie in Nederlânsk politikus út namme fan de CHU.

Boargemaster J. Dijkstra (1950)

Hy wie in soan fan Jenne Dijkstra (1865-1952; skuonmakker) en Geertje Visser (1865-1956). Hy gie yn 1928 oan 't wurk by de gemeentesekretary fan Skoatterlân. Yn 1932 kaam er as twadde klerk yn tsjinst by de provinsjale griffy fan Fryslân dêr't er it bringe soe ta adjunkt-kommys 1e klasse. Yn april 1945 waard Dijkstra waarnimmend boargemaster fan doe krekt befrijde Wûnseradiel. Dêrnei wie er fan desimber 1945 oant syn pensjonearring yn maaie 1975 boargemaster fan Frjentsjer. Ynearsten wie er boargemaster sûnder partij, mar yn 1961 waard er lid fan de CHU.

Dijkstra stoar yn novimber 1993 yn de âlderdom fan 83 jier.