Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Hidaardersyl is in útbuorren yn de gemeente Súdwest-Fryslân yn 'e himrik fan Hidaard. Hidaardersyl leit oan de Tsjêbingadyk en oan de Hidaarder Feart. Hy krige syn namme troch de kearslûs (syl) yn de Slachtedyk. De syl wie fan belang foar de binnendykske lannen fan Hinnaarderadiel en Baarderadiel. It wetter gie troch de Alde Kleasterfeart en de slûs fan Makkum út yn de Sudersee. Blikens de namme fan de feart liket de abdij Blomkamp in rol spile te hawwen by de oanlis: it kleaster waard ek Aldekleaster neamd.

Hidaardersyl

Foar de gemeentlike weryndieling fan 1984 lei de buorskip yn de eardere gemeente Hinnaarderadiel. Yn de Hidaarder flagge ferbyldet de keper Hidaardersyl, it blau ferwiist nei de Hidaarder Feart.[1]

Abe Gerlsma (1919-2012) makke in skilderij fan Hidaardersyl.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • De Slachte – troch U.G. Hosper, Gerard Peter Karstkarel en Siem van der Woude.
  1. Oer de doarpsflagge
Silen fan de Slachtedyk

GetswerdersylKystersylSkieppesylPayesylKrommesylTolsumersylHidaardersylBoazumersylSânleanstersylDillesyl