Henk Doevendans
Henk Doevendans (Snits, 25 jannewaris 1948) is in politikus, wettersport- en polityk sjoernalist en publisist út Snits. Steatenlid (1991-1995) en letter gemeenteriedslid foar D66 (2002-2006). Jout de ynternetkrante 'Sneker Internetkrant' út.
Libben en wurk
bewurkje seksjeGroeide op yn Snits as soan fan Karst Doevendans, eardere foarsitter fan de fuotbalferiening (Hubert) Sneek. Gie nei de HBS en sylde as lid yn de Mingde Klasse fan sylclubs as KZVS en de SZC dy't letter opgien binne yn de KWS. Sûnt 1968 ferslachjouwer by de Snitswike. Earst foar de Friese Koerier, letter foar it Friesch Dagblad, it Sneeker Nieuwsblad en Omrop Fryslân. Wurke yn fêste tsjinst by it Sneeker Nieuwsblad (1971-1978) en Omrop Fryslân (1978-1990) en fêstige himsels as selsstannich sjoernalist yn Snits. Fersloech twa kear foar dy omrop de Whitbread Round the World Race (1984-1985 en 1988-1989) dêr't Dirk Nauta fan Toppenhuzen yn mei farde. Yn 1985 en 1986 wie hy as einredakteur ferantwurdlik foar it folsleine Alvestêdeprogramma fan Omrop Fryslân. Sûnt 1975 makke er it jierboekje foar (earst) de Sneeker Zeil Club en nei’t de SZC fusearre mei de Koninklijke Zeil Vereeniging Sneek foar de KWS. Begûn yn 1990 mei Jan Westers, Johan Salverda en Menno van der Schuit it KWS Magazine, dat letter omneamd waard yn KWS Journaal. Sette dêr yn 2010 in punt achter. Hast 40 jier belutsen by de KWS.
Fersoarge 13 jier it blêd fan HISWA Feriening, de wurkjouwersorganisaasje yn de wettersport, en wie meiwurker oan Schuttevaer en Waterkampioen. Fierders wurke hij fan 2000-2004 foar BumaStemra Magazine, it relaasjeblêd fan de auteursrjochtenorganisaasje BumaStemra. Foar de Ljouwerter Krante docht er it wedstrydsilen.
SKS
bewurkje seksjeNei 14 jier lid west te hawwen fan it SKS-bestjoer waard er yn 2009 earelid en waard him it 'gouden skûtsje' útrikt. Hy fersoarge de public-relations en mediakontakten, dêr't ek de website skûtsjesilen.nl en it Skûtsjejournaal by hearden. Soarge dat saken om de parseboat en ynformaasjefoarsjenning profesjonalisearre waarden. Joech ek wâlkommentaar by it skûtsjesilen foar de SKS oantemei 2010.
Publikaasjes
bewurkje seksje- Voor onze vrijheid...: een kleine geschiedenis van vijf donkere Sneker jaren (2010)
- Zwarte Broek en Witte Trui (100 jaar Voetbalvereniging Sneek Wit Zwart; Novimber 26, 2010)
- 425 jaar Old Burger Weeshuis Sneek: Van Marsherne tot Súdhoek, van Poppenwier tot Wommels, (2006)
- Uit het leven, ( Nuva, mei Teije Luimstra, 2000 )
- 100 jier hin en wer waarts: tussen Drachten en De Veenhoop (1998)
- Was de Flitsclub er niet geweest (1997; 25 jaar Flitsclub en Flits in het Noorden)
- Toeristische vaargids Friesland: vaarroutes langs Friese steden en .. (Skiednis fan de wettersportferiening Drachten-De Feanhoop, 1996)
- 75 jaar rijkdom op het water (oer de 30m² klasse, 1986)
- Een halve eeuw 22M²(1985)
Oare publikaasjes
bewurkje seksje- Haadstikken oer Snitser Jeugdkultuer yn de jierren 60 fan de 20e iuw en de wettersport yn Sneek in de twintigste eeuw (Dooper; 2006)
- Haadstikken oer kultuer, sport en wettersport yn Sneek, van Veenterp tot waterpoortstad (novimber 2011)
- Einredaksje jubileumútjeften 150 jier KWS en 10 jier Feriening Histoarysk Snits
- Bydragen oan ferskate blêden en útjeften
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|