Hans Kirk
Hans Kirk (folút: Hans Rudolf Kirk; Hadsund, 11 jannewaris 1898 – Kopenhagen, 16 juny 1962), wie in Deensk skriuwer, essayist, sjoernalist en kommunist, waans oeuvre acht romans, in novelle, koarte ferhalen, autobiografyske fertellings, essay's en radioharkspullen omfettet. Hy is it meast ferneamd wurden troch syn roman Fiskerne (De Fiskers), út 1928, dat it bêst ferkeapjende literêre boek aller tiden yn 'e Deenske taal is. Oare bekende wurken fan sines binne Daglejerne ("De Deihierarbeiders") en De Ny Tider ("De Nije Tiden"). Njonken syn karriêre as skriuwer wied er djip behelle yn 'e Deenske Kommunistyske Partij, as gefolch wêrfan't er yn 'e Twadde Wrâldoarloch, ûnder de Dútske besetting fan Denemark, oppakt waard en ferskate jierren finzen siet.
Hans Kirk | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Hans Rudolf Kirk | |
nasjonaliteit | Deensk | |
berne | 11 jannewaris 1898 | |
berteplak | Hadsund (Denemark) | |
stoarn | 16 juny 1962 | |
stjerplak | Kopenhagen (Denemark) | |
etnisiteit | Deensk | |
reg. identiteit | Jutsk | |
wurk | ||
taal | Deensk | |
sjenre | lit. romans & koarte ferhalen, kollektive romans, essay's, non-fiksje | |
perioade | midden 20e iuw | |
bekendste wurk(en) |
Fiskerne Daglejerne De Ny Tider | |
jierren aktyf | 1928 – 1961 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Libben
bewurkje seksjeKirk waard yn 1898 te Hadsund berne, yn in grutboerefamylje op it plattelân fan noardlik Jutlân. Syn mem wie in oanhingster fan 'e spirituële Deensk-nasjonale filosofy fan N.F.S. Grundtvig, dat hy waard licht religieus grutbrocht. Yn syn skoaltiid kaam er foar it earst yn oanrekking mei marksistyske ideeën. Beide soene letter yn syn wurk weromkomme. Op literêr mêd waard er fierders beynfloede troch skriuwers as Henrik Pontoppidan, Jeppe Åkjær, Knut Hamsun en Henri Barbusse.
Kirk studearre rjochten en waard jurist, mar praktisearre nea as abbekaat. Ynstee sette er útein mei in karriêre as literatuerkritikus, en publisearre er yn 'e tweintiger en tritiger jierren sels sa'n trijehûndert koarte ferhalen yn ûnderskate tydskriften. Fakânsjes brocht er gauris troch by in omke fan him yn Harboøre, dy't fisker wie, in ûnderfining dy't him sterk beynfloede. Hy brûkte in protte fan 'e kennis en de autobiografyske foarfallen út dy tiid yn syn earste roman, Fiskerne (De Fiskers), dy't yn 1928 útkaam, rûnom priizge waard en neitiid alve kear oerset waard (wêrûnder yn it Frysk). It boek wie de earste Deenske kollektive roman, dy't de solidariteit, mar ek de konflikten beskriuwt fan in groep religieus oanleine fiskers.
Yn 1931 waard Kirk lid fan 'e Deenske Kommunistyske Partij (DKP). Fan 1934 ôf wied er sjoernalist by de kommunistyske krante Arbejderbladet ("It Arbeiderblêd"), en fan 1937 ôf redakteur. Yn syn romans Daglejerne ("De Deihierarbeiders") en De Ny Tider ("De Nije Tiden"), út 1936, resp. 1939, lei er de opkomst fan it yndustriële proletariaat en de konfrontaasje tusken revolúsjonêre en behâldende krêften fêst. Doe't Denemark ûnder de Twadde Wrâldoarloch fan april 1940 ôf troch de Dútsers beset waard, brochten Kirk syn kommunistyske opfettings him yn 'e swierrichheden. Yn juny 1941 waard er oppakt en yn it konsintraasjekamp Horserødlejren, yn it noarden fan it Deenske haadeilân Seelân, opsletten. Wylst er dêr finzen siet, foltôge er syn fjirde roman, mar it manuskript waard ûntdutsen troch de bewekkers, en ferneatige. Hoe't er it ek besocht, hy soe it boek letter nea wer alhiel sa krije kinne as it west hie. Kirk soe nei alle gedachten in raar gat yn draaid wêze, as er net yn 'e nacht fan 'e 29 augustus 1943 mei noch 90 oare finzenen ûntsnapt wie, krekt foar't de hiele groep nei in konsintraasjekamp yn Dútslân ta deportearre wurde soe.
Nei de oarloch, dy't er fierders as ûnderdûker trochbrocht, wie Kirk oant syn dea redakteur op it mêd fan fúljetons yn it doe ta Land og Folk ("Lân en Folk") omneamde kommunistyske deiblêd fan Denemark. Dêrnjonken skreau er sels ferskate histoaryske romans. Hy wie bytiden in fûleindich ferdigener fan 'e Sovjet-Uny, mar nei de Hongaarske Opstân fan 1956 matige er syn toan wat. Op it mêd fan literatuerprizen hied er yn 1945 Det Anckerske Legat krigen, en yn 1960 waard him noch it Herman Bangs Mindelegat takend. Hy stoar yn 1962, yn 'e âlderdom fan 64 jier, yn 'e Deenske haadstêd Kopenhagen.
Wurk
bewurkje seksje- 1928 - Fiskerne
- Fryske oersetting: De Fiskers (fert. Gerryt Dykstra, 1965)
- 1936 - Daglejerne ("De Deihierarbeiders")
- 1939 - De Ny Tider ("De Nije Tiden")
- 1941 - Borgmesteren Går af ("De Boargemaster Treedt ôf"; novelle)
- 1948 - Slaven ("Slaven")
- 1948 - Kristendom og Kommunisme ("Kristendom en Kommunisme"; essay's)
- 1950 - Vredens Søn ("Soan fan de Frede")
- 1952 - Djævelens Penge ("It Jild fan de Duvel")
- 1952 - Klitgård og Sønner ("Klitgård en Soannen")
- 1953 - Skyggespil ("Skadespul")
- 1958 - Borgerlige Noveller ("Boargerlike Ferhalen"; koarte ferhalen)
- 1961 - Gader og Mennesker i Min Barndom ("Strjitten en Minsken yn Myn Bernetiid"; autobiografyske fertellings)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side en ûnder: Einzelnachweise, op dizze side. |