East-Flylân
East-Flylân is it ienigste doarp fan de gemeente Flylân op it waadeilân Flylân. Sa't de namme al oanjout leit it oan de eastkant fan Flylân.
De jachthaven fan Flylân leit in eintsje bûten it doarp, tichtby it strân. De haven bestiet út in wurkhaven en in jachthaven. Dizze bestietit driuwende steigers fan 250 lisplakken mei stroom- en wetterpunten.
Skiednis
bewurkje seksjeOant yn de 13e iuw foarme it gebiet fan West-Flylân ien gehiel mei Aailân en de Moerweard, dy't fan belang wiene foar lânbou en fiskerij.
Fanwege de kultuerhistoaryske wearde fan steds- en doarpsgesichten fan East-Flylan, is it dorp yn 1971 oanmerkt as beskerme doarpsgesicht. Yn it doarp steane û.o. 39 gebouwen dy't ta monumint ferklearre binne. Bysûnder is it santjinde-iuwske Nikolaastsjerkje en it sechtjinde-iuwske hûs op nûmer 99, sûnt 1956 it kultuer histoarysk Museum Tromp's Huys. Dêrfoar wie dit it wenhûs mei atelier fan de Noarske skilderesse Betzy Akersloot-Berg. It gebou waard yn it ferline brûkt troch de kommissarissen fan de Admiraliteit.
Yn de Doarpsstrjitte stiet ek de eardere seefeartskoalle, no Hotel de Wadden.
Op Flylân bestie ea in twadde doarp mei de namme West-Flylân. Dit doarp waard yn 1736 troch de see oerstreamd. It moat in ein noardwest fan de Flyhors lein hawwe.
East-Flylân, dat al yn 1245 bestie, leit yn de lijte fan it Fjoerboetsdún. Fan de ein fan de 16e iuw makke it doarp in bloeitiid troch dy't oant de 19e iuw troch gie. Dit kaam troch de geunstige lizzing oan in beskutte ree, dy't hieltyd mear brûkt waard troch it tanimmende frachtferkear nei de koloanjes fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen.
Museums
bewurkje seksjeFlylân hat trije museums:
- Ynformaasjesintrum De Noardwester
- Tromp’s Huys
- Juttersmuseum yn it drinkelingenhúske
Fjoertoer
bewurkje seksjeDe fjoertoer fan Flylân stiet ek yn East-Flylân, op it heechste punt ( +40 meter ) fan Flylân: it Vuurboetsduin. De reade fjoertoer is 54 meter heech wurdt ek wol Vuurduin of Reade kabouter neamd. De fjoertoer is fan getten izer en it jout in wyt ljocht. dat wol 40 km fier skine kin. Flylân hat sûnt 1836 in fjoertoer. Yn 1986 is der in nije koepel op komd omdat it izer begûn te rustkjen en sadwaande lekkaazje ûntstie.
Mienskip
bewurkje seksjeOp it Vuurboetsplein stiet basisskoalle De Seestjer. Oan de Lutineleane stiet in skoalle foar vmbo: De Krijtenburg. Troch ôfspraken kinne bern ek twa jier nei de Krijtenburg gean en dan oansluting krije op vwo op de wâl. It doarp hat yn de Flidunen in sportkompleks fan sporthal mei swimbad. Dêrnjonken lizze de tennisbanen fan TCV. Meidwaan oan sportkompetysjes wurdt wol dien mar is foar de eilânbewenners lestich. De VSV organisearret dêrom winterdeis ûnderlinge wedstriden foar de eilanners. Dit giet om follybal en fuotbalwedstriden. De roeivereniging Flylân organisearret jierliks in roeisloepenrees tusken Skylge en Flylân. Stifting Loopwad organisearret tegearre mei kemping Stortemelk alle jierren in heale maraton.
Strjitten op Flylân
bewurkje seksjeAlle strjitten op Flylân.
Literatuer
bewurkje seksje- "Vlieland, van Hors tot Horn", auteurs T.F.J. Pronker en H.M. van Eck; (út druk)
- "Op zoek naar Vlielands Verleden", auteur D. Vermeulen.