Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Dunegea is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren. It doarp leit besuden Sint Nyk en westlik fan de Tsjûkemar.

Dunegea
Klokkestoel Dunegea
Klokkestoel Dunegea
Bestjoer
Provinsje Fryslân
Gemeente De Fryske Marren
Sifers
Ynwennertal 85 (1 jannewaris 2023) [1]
Oar
Postkoade 8516
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 54' NB, 5° 45' EL
Kaart
Dunegea (Fryslân)
Dunegea
Kaart
Klokkestoel Dunegea
Himrik fan Dunegea yn de eardere gemeente Skarsterlân

It doarp hat 85 ynwenners (1 jannewaris 2023, boarne: CBS). Der binne gjin plannen foar huzebou yn it doarp.

Oant de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 1984 foel Dunegea ûnder de mei yngong fan dy datum ophefte gemeente Doanjewerstâl. Dy gemeente waard ek Dodingawerstal en Doniagawerstal en, yn it Aldfrysk Dodingwerstal. Yn Dunegea waarden âldtiids iepenbiere rjochtsittings hâlden fan it aadlike famyljenamme Doanja dat dêr ea wenne hat. De famylje stie yn heech oansjen. De namme 'warstal' of 'werstal' betsjut rjochtstoel of rjochtsgebiet.

Der is foar it bedriuw Vermilion Energy fergunning ferliend om by Dunegea mei in proefboaring de oanwêzichheid fan ierdgas fêst te stellen.

In buorren hat it doarp net mear, in pear iuwen lyn wie dy der noch wol. Dêr is oars neat fan werom te finen as in tsjerkhouwenen in klokkestoel. De klokkestoel stiet op in fûnemint fan swerfstiennen. Der is noch in kafee, wêrfan de kastlein earder ek noch buorke. De kombinaasje kastlein-boer seach men eartiids folle mear.

  • Headammen - Op in âlde kaart fan 1789 wurdt 'Hooydamme' neamd. In daam yn in wetter om heaweinen oerhinne ride te litten nei de healannen.
  • Wielwei - wei by it wiel, in útrinner fan de Tsjûkemar.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • R.Postma Dunegea, de skiednis fan in doarp tusken de marren Fryske Akademy, Ljouwert 1987, yll. 301 siden
  • De tsjerke yn 1714
  De Fryske Marren  
Stêd:
Sleat
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaAldehaskeAldemardumAlde OuwerBakhuzenBalkBantegeaBoarnsweachDe BroekDikenDolsterhuzenDunegeaEagmarypEalahuzenEasterseeFollegeaGoaiïngarypHarichHaskerhoarneYchtenYchtenbrêgeDe JouwerJiskenhuzenJistergeaKolderwâldeLangwarLegemarDe LemmerMurnsNijehaskeNijemardumOusterhauleOusternijegeaReahelRiisRotstergaastRotsterhauleRottumRûgehuzenSkarsterbrêgeSint-JânsgeaSint-NykSniksweachSondelTerherneTerkapleTeroeleTsjerkgaastVegelinsoardWikel
Buorskippen:
BallingboerDe BargebekDe BelsBrekkenpolderDelbuorrenFinkebuorrenFinkebuorren (Gaasterlân)FjouwerhûsFrisbuorrenHeaburgenDe HeideHústerheideIwertDe KommisjepôleNij AmearikaDe NoedDe RylstSânbuertSkoattersyl (foar in part)SkouSpannenburchTeakesylTropherneTwahûsUnlânWesteinWesterein Harich
  ·   · Berjocht bewurkje