Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Charles Eastman (folút: Charles Alexander Eastman, berne as: Hakadah en hiet letter: Ohíye S’a; by Redwood Falls (Minnesota), 19 febrewaris 1858Detroit (Michigan), 8 jannewaris 1939) wie in Amerikaansk dokter, histoarikus, publisist, skriuwer fan koarte ferhalen en aktivist fan etnysk Eastlik Dakota-komôf. Hy bemuoide him mei de polityk en kaam op foar de rjochten fan 'e Yndianen yn 'e Feriene Steaten. Ek stifte er 32 pleatslike ôfdielings fan 'e YMCA en wied er belutsen by de oprjochting fan 'e Amerikaanske paadfinerij. Hy wurdt beskôge as de earste dy't de skiednis en kultuer fan Noard-Amearika beskreau fanút it eachpunt fan 'e Yndianen.

Charles Eastman
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Charles Alexander Eastman
   of Ohíye S’a
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 19 febrewaris 1858
berteplak by Redwood Falls (Minnesota)
stoarn 8 jannewaris 1939
stjerplak Detroit (Michigan)
etnisiteit Dakota-
wurk
taal Ingelsk
sjenre non-fiksje (skiednis, folkloare),
autobiografy
perioade 1e helte 20e iuw
bekendste
  wurk(en)
Indian Boyhood
jierren aktyf 18931939
offisjele webside
n.f.t.

Komôf, jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Charles Eastman waard berne op 19 febrewaris 1858, yn 'e neite fan Redwood Falls, yn 'e steat Minnesota. Hy wie de soan fan Mannich Wjerljocht (Wak’áŋhdi Otá), in folbloed man fan 'e Eastlike Dakota, en Wakháŋtakáwiŋ, in healbloed-frou dy't de blanken Mary Nancy Eastman neamden. (Fan har urf Charles Eastman syn efternamme, mei't de Dakota in matrilineêre kultuer hiene.) Eastman syn beppe oan memmekant wie Stiet Hillich (Wakháŋ Inážiŋwiŋ), de dochter fan 'e Dakota-haadman Wolkeman, dy't yn 1830 mei fyftjin jier troud wie mei de Amerikaanske ofsier en yllústrator Seth Eastman, doe't dy stasjonearre wie te Fort Snelling, by Minneapolis. Koart nei de berte fan harren dochter, waard Eastman yn 1832 oerpleatst en ferklearre er, sa't doedestiden in protte blanke ofsieren dat foar de moade hiene, fan 'e iene op 'e oare dei syn houlik mei Stiet Hillich foar beëinige.

Charles Eastman wie de jongste fan fiif bern, en hie yn 't earstoan de namme Hakadah, wat "Stakkert Neikommerke" betsjut. Neffens de Dakota-tradysje om fan namme te feroarjen by it oergean fan 'e iene nei de oare libbensfaze, naam Eastman letter de namme Ohíye S’a oan (útspr.: [o'hi:je sˀa]), dat "Wint Gauris" betsjut. Under de Dakota-Oarloch fan 1862 rekke de doe fjouwerjierrige Eastman by de rest fan it gesin wei, en syn âldelju tochten dat er yn 'e striid omkommen wie, mar syn beppe Stiet Hillich en har folk hiene him meinommen op harren flecht nei Kanada, dêr't Eastman opgroeide yn 'e provinsje Manitoba. Fyftjin jier letter waard er mei syn heit en syn âldste broer John Eastman weriene yn Súd-Dakota, dêr't se in boerespultsje hiene. Yn neifolging fan syn heit en broer bekearde Eastman him doe ta it kristendom, wêrby't er de namme Charles Alexander Eastman oannaam.

Dêrta oanfitere troch syn heit, gie Eastman nei in missyskoalle en dêrnei nei de middelbere skoalle. Hy learde oan hegeskoallen yn Wiskonsin en Illinois, en studearre yn 1887 ôf oan it Dartmouth Kolleezje yn Hanover, yn Nij-Hampshire. Dêrnei sette er útein mei in stúdzje medisinen oan 'e Universiteit fan Boston, dêr't er yn 1889 ien fan 'e earste Yndianen wie dy't it doktersdiploma hellen.

Priveelibben

bewurkje seksje

Yn 1891 troude Eastman mei de (blanke) dichteresse en aktiviste foar Yndiaanske rjochten Elaine Goodale, mei wa't er fiif dochters en in soan krige. Yn 't earstoan gie it dat it slydjage mei it houlik, mar troch finansjele swierrichheden en Eastman syn lange perioaden fan ôfwêzichheid fanwegen syn reizen kaam de klad deryn. De dea fan harren dochter Irene yn 'e Spaanske grypepidemy fan 1918 wie in brekpunt. Yn 1921 giene se útinoar, al skieden se nea formeel.

Nei't er syn stúdzje ôfrûne hie, fûn Eastman wurk as dokter foar it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA), earst yn it Pine Ridge Yndianereservaat en letter yn it Crow Creek Yndianereservaat, beide yn Súd-Dakota. Yn Pine Ridge fersoarge er û.m. de oerlibbenen fan it Bloedbad fan Wounded Knee, yn 1890. Letter waard er twongen en jou syn funksje op, mei't men him fiersten tefolle op 'e hân fan 'e Yndianen fûn. Hy besocht doe in priveepraktyk op te setten, mar dat woe him net slagje. Op oanstean fan syn frou begûn er doe de ferhalen op te skriuwen dy't him as bern ferteld wiene, en dêrfan publisearre er it earste pear yn it tydskrift St. Nicholas Magazine, yn 1893 en 1894. Letter waarden syn ferhalen yn in bondel útjûn.

Tusken 1894 en 1898 holp Eastman om 32 Yndiaanske ôfdielings fan 'e YMCA (Kristlike Jongemanneferiening) op te rjochtsjen, wylst er him yn 1899 ynsette om nije learlingen oan te lûken foar de Carlisle Indian Industrial School, in ynternaat foar Yndiaanske bern yn Carlisle, yn Pennsylvania. Dat sette mei-iens syn houlik foar it earst ûnder druk, want syn frou wie fel tsjin op it weiheljen fan Yndiaanske bern út harren eigen kulturele fermidden.

Yn 1902 publisearre Eastman it autobiografyske Indian Boyhood, oer de earste fyftjin jier fan syn libben mank de Dakota. Yn 'e folgjende tweintich jier skreau er nochris tsien boeken, de measten oer de kultuer fan syn eigen folk. Ernest Thompson Seton, foar wa't Easton syn skriuwwurk in boarne fan ynspiraasje wie, naam kontakt mei him op om syn help te freegjen by it opsetten fan in iere paadfinersgroep foar jonges, de Woodcraft Indians. Dêrnei frege de Newyorkske YMCA Seton en Easton om help by it oprjochtsjen fan in skoutinggroep yn 'e stêd. Yn 1910 late Eastman syn kunde oan Seton ta in gearwurking mei dyselde en Daniel Carter Beard, fan 'e Sons of Daniel Boone, in oare iere paadfinersgroep, by it stiftsjen fan 'e lanlike Boy Scouts of America (BSA). Letter wie Eastman mei Luther Gulick ek belutsen by de oprjochting fan 'e Camp Fire Girls, de paadfinerij foar famkes.

Mei syn ferhalen en lêzings oer Yndiaanske ûnderwerpen reizge Eastman de hiele Feriene Steaten ôf. Ek bejoech er him yn 'e polityk, as aktivist op it mêd fan Yndiaanske boargerrjochten. Tusken 1894 en 1896 tsjinne er as lobbyist foar de Dakota yn Washington, D.C., wêrby't er abbekaateftige ferantwurdlikheden op him naam om harren saak te bepeitsjen. Yn 1903 stelde presidint Theodore Roosevelt him oan om 'e (Sioux), dy't foarme wurde troch de Dakota en de Lakota, te helpen by it oannimmen fan efternammen yn 'e Westerske styl, sadat se harren grûnbesit net ferlieze kinne soene troch juridyske ûndúdlikheden oangeande har identiteit. Eastman wie yn 1911 ek ien fan 'e oprjochters fan it Genoatskip fan Amerikaanske Yndianen (SAI), dat oankrong op frijheid en selsbeskikkingsrjocht foar de Yndianen.

Fan 1923 oant 1925 wie Eastman ûnder it regear fan presidint Calvin Coolidge in Yndiaansk ynspekteur. Teffens waard er troch Coolidge útnûge foar in sit yn it Komitee fan 'e Hûndert, in herfoarmingskommisje dy't Amerikaanske federale ynstituten en regeljouwing oangeande de Yndianen trochljochtsje moast. Dat komitee rette in yngeand ûndersyk oan nei alle aspekten fan it libben yn 'e reservaten (sûnenssoarch, ûnderwiis, ekonomy, justysje, boargerrjochten, ensfh.), dat resultearre yn it Meriam-rapport. De befinings en oanrekommandearrings yn dat rapport, dat it earste fan syn soarte wie, tsjinnen yn 'e tritiger jierren as de basis fan Franklin D. Roosevelt syn saneamde New Deal for the Indian, dêr't û.m. de Yndiaanske Reorganisaasjewet fan 1934 ta hearde, dy't de stammen harren selsbestjoer weromjoech.

Yn 1925 wie de reputaasje fan Eastman sa oanwoeksen, dat syn eardere wurkjouwer, it Buro fan Yndiaanske Saken, dêr't er mei spul weirekke wie, by him oankloppe mei de fraach oft er harren helpe koe om út te finen wat der fan 'e ferneamde Yndiaanske frou Sacajawea wurden wie, dy't yn 1804-1806 de romrofte Ekspedysje fan Lewis en Clark nei de westkust ta begelaat hie. Eastman ûndersocht de saak en kaam ta de konklúzje dat hja yn 1884 stoarn wie yn it Wind River Yndianereservaat fan Wyoming. (Op grûn fan dokumintêre oanwizings leauwe hjoeddeiske histoarisy lykwols foar it meastepart dat se al yn 1812 de lêste siken úblazen hat.)

Doe't er al op jierren wie, liet Eastman in blokhutte sette oan 'e igge fan 'e Hueronmar, dêr't er de simmers fan syn libbensein trochbrocht. Oerwinterje died er lykwols yn 'e stêd Detroit, yn Michigan, by syn soan Charles Eastman jr. Op 8 jannewaris 1939 kaam er dêr te ferstjerren oan in hertoanfal, yn 'e âlderdom fan 80 jier. Syn frou Elaine oerlibbe him en stoar yn 1953. Se waarden net byinoar begroeven.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.