Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Bride Wars is in Amerikaanske komeedzjefilm út 2009 ûnder rezjy fan Gary Winick, mei yn 'e haadrollen Anne Hathaway en Kate Hudson. De titel betsjut "Breidsoarloggen", en it ferhaal giet oer twa hertsfreondinnen dy't ferskriklike rûzje krije as se op deselde dei op itselde plak trouwe wolle. De film krige rûnom minne resinsjes fan 'e filmkritisy, mar waard in kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. Yn 2015 waard in Sineeske remake fan Bride Wars útbrocht dy't yn it Ingelsk deselde namme hie.

Bride Wars
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Gary Winick
produsint Kate Hudson
Alan Riche
Julie Yorn
senario Greg DePaul
June Diane Raphael
Casey Wilson
basearre op in idee fan Greg DePaul
kamerarezjy Frederick Elmes
muzyk Edward Shearmur
filmstudio Fox 2000 Pictures
Regency Enterprises
New Regency Productions
Birdie Productions
Riche/Ludwig Productions
Dune Entertainment
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Anne Hathaway
Kate Hudson
voice-over Candice Bergen
byrollen Chris Pratt
Steve Howey
Michael Arden
Kristen Johnson
Candice Bergen
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 9 jannewaris 2009
foarm langspylfilm
sjenre komeedzjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 89 minuten
budget en resultaten
budget $30 miljoen
opbringst $114,7 miljoen

Emma Allan en Liv Lerner binne al fan bern ôf oan de bêste freondinnen. Sûnt se tweintich jier lyn, as lytse famkes, tsjûge wiene fan in trouwerij yn it Plaza Hotel, hawwe se allebeide wiidweidige plannen makke om harren eigen brulloft dêr ek yn juny te fieren. As Emma har ferloofde Fletcher har in houliksoansyk docht, kriget Liv der har nocht fan om te wachtsjen oant har eigen ferloofde, Daniel, har einlings freegje sil om mei him te trouwen, dat se freget him hoe't it sit en hoelang't dat noch duorje moat. Hy antwurdet dat er der al plannen foar makke hie, en freget har dan fuortendaliks mar. Neitiid begjinne beide fammen mei it organisearjen fan harren brulloft, wêrby't se derfan útgeane dat se inoars breidsfamke wêze sille. As se in petear hawwe mei Marion St. Claire, de heechst oanskreaune brulloftsplanner fan New York, docht bliken dat der yn juny noch mar trije mooglikheden binne om yn it Plaza Hotel in trouwerij te hâlden: twa op deselde dei en ien in pear wiken letter. Emma en Liv kieze ferskillende data út, mar troch in administratyf fersin wurde harren brulloften op deselde dei ynpland.

Tsjin 'e tiid dat se harren bewust wurde fan it fersin, is de trêde mooglikheid, om in pear wiken letter in brulloft te hâlden, al ferjûn oan in trêde breid, in Stacey. Emma en Liv sykje Stacey op yn in winkel dêr't se har ynskriuwe lit foar breidsgeskinken, en freegje har om mei ien fan harren fan datum te ruiljen. Stacey stegeret dat foarstel fuortendaliks ôf en bringt Liv mei har ûnsympatike hâlding te razernij. De konfrontaasje einiget as Emma en Liv út 'e winkel set wurde nei't Liv Stacey oanflein is. No't de lêste kâns ferflein is dat ien fan 'e beide freondinnen har brulloft op in oare dei yn juny hâlde kin, moat ien fan beiden foar de oare wike, mar dêr fiele se net ien fan beiden wat foar.

Liv, dy't it foar de moade hat om har sin troch te driuwen, ferwachtet dat de ynskiklike Emma ek diskear wol ynbine sil, mar nei in wike fan passyf-agressive fijannichheid tusken de beide freondinnen wurdt pynlik dúdlik dat se allebeide oan 'e stelde datum fêsthâlde wolle. It idee fan in dûbele trouwerij wurdt troch Emma ôfwiisd om't se altyd al yn it skaad fan Liv stiet en se op har brulloft sels yn it mulpunt fan 'e belangstelling stean wol. Underwilens begripe de beide ferloofden net wat no eins it probleem is en sjogge yn ferbjustering ta hoe't de rûzje almar fierder út 'e hân rint. Nei in misferstân dat Liv alfêst freonen en famylje frege hat om 'e datum fan 'e brulloft frij te hâlden (wat betsjut dat se net fan doel is te wiken), wurdt Emma sa lulk dat sy itselde (tinkt se) docht. Op harren mienskiplike breidsfeest ûntdekt Liv wat Emma dien hat, mei as gefolch it útbrekken fan in iepen oarloch tusken de beide froulju, wêrby't se yn it iepenbier misledigings en drigeminten útwikselje yn it bywêzen fan harren skokte freondinnen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Neitiid besykje de beide froulju inoars brulloften te sabotearjen. As Emma en har ferloofde op dûnsles geane, skillet Liv de dûnsynstrukteur op om 'e les trije oeren te fersetten, wêrnei't se har eigen 'ynstrukteur' stjoert, in healwizeling dy't himsels de 'Dokter fan 'e Dûns' neamt. Dy lit Emma en Fletcher oerenlang de meast seksueel tinte dûnsoefenings dwaan. dy't folslein ûnfoechsum binne foar in brulloft, oant se dea-ynein op 'e flier lizze út te pûsten as de echte dûnsynstrukteur opdaagjen komt. Emma slacht werom troch Liv oanhâldend snobbersguod te stjoeren ûnder de namme fan har ferloofde Daniel, sadat se yn koarte tiid twa kilo oankomt en te grou is om yn har breidsjurk te passen. Dêrop folget Liv Emma nei de spraytanningsalon, dêr't se de kleur fan Emma har spraytan feroaret, sadat Emma der net mei in lichtsjes brune, mar mei in fel oranje hûdskleur útkomt. Emma slacht dan op deselde wize werom troch yn Liv har kapsalon de hierferve fan har highlights om te wikseljen, sadat Liv har hier blau ferve wurdt. Liv bringt it geroft yn omgong dat Emma har brulloft moatten is, om't se swier rekke is. Dêrop kringt Emma binnen by Liv har frijfammefeest yn in stripklub, dêr't se in dûnswedstryd mei Liv útlokket en dan wat se leard hat fan 'e 'Dokter fan 'e Dûns' yn 'e praktyk bringt om Liv te ferslaan.

Underwilens krije Emma en Fletcher hieltyd mear en faker rûzje oer Emma har healwize hâlden en dragen. Fletcher fynt dat se feroare is sûnt se mei inoar yn 'e kunde kamen, en net op in goede manear. De spannings yn harren relaasje wurde oanboaze troch it feit dat Emma troch har konflikt mei Liv twongen is om út it skaad fan har bazige freondinne te stappen, en dêrby in nij selsfertrouwen ûntdekt. Dêrtroch fielt se folle minder oanstriid om it oaren nei it sin te meitsjen, en Fletcher, dy't sels ek net frij is fan bazige trekjes, is dêr net bliid mei. Tagelyk leart Liv om gefoeliger en minder oerhearskjend te wêzen, om't se sûnder Emma nimmen hat dy't sok hâlden en dragen fan har akseptearret. De spannings fan it brulloftskonflikt liede der lykwols ta dat se har wurk fertutearzje lit, mei as gefolch dat se yn rang weromset wurdt op it foaroansteande abbekatekantoar dêr't se wurket.

Op 'e dei fan 'e beide brulloften binne de beide breiden al betiid yn it Plaza Hotel oanwêzich, dêr't Marion St. Claire oan 'e iene nei de oare fertelt dat se noch nea in byldiger breid sjoen hat. Krekt foar it begjin fan 'e brulloften komt Emma har heit by Liv om har houlik syn seine te jaan. Liv hat dan daliks spyt dat se tariedings makke hat om in springbreakfideo mei in stomdronken Emma ôfspylje te litten op Emma har brulloft. Se stjoert har kollega Kevin, dy't se nei it útbrekken fan 'e fijannichheden mei Emma as 'breidsfamke' oansteld hat, om 'e fideo wer om te wikseljen mei de oarspronklike dvd, dy't se fertsjustermoanne hie. Mar Kevin, dy't mient dat de dvd dy't se him jûn hat bedoeld is om 'e brulloft te ferrinnewearjen, betanket derfoar om dêr mandélich oan makke te wurden, en smyt it ding yn it jiskefet.

As by beide brulloften de breidsmars ynset wurdt, sjogge Emma en Liv inoar oan wjerskanten fan 'e grutte hal fan it Plaza Hotel, en wikselje in glimke út. Mar as Emma troch har heit nei foarren laat wurdt, begjint op it skerm foaryn de trouseal de springbreakfideo ôf te spyljen. Se wurdt dan sa poerrazen, dat se de seal útfljocht, de grutte hal trochkûgelet en yn 'e foaroerlizzende trouseal Liv tackelet wylst dy troch har broer Nate nei foarren ta laat wurdt. Al op 'e flier omrôljend yn harren troujurken fjochtsje de fammen derop los, oant se beide sa útput binne dat se inkeld noch hymjend njonkeninoar lizzen bliuwe kinne. Se beslute dan einlings en te'n lêsten harren skeel by te lizzen. Nei't se oereinkommen binne, jout Emma har by Fletcher, dy't har nei de oare trouseal folge is, en dy't lulk is oer har hâlden en dragen. Se seit tsjin him dat se net mear it famke is dêr't er tsien jier earder fereale op wurden is, en dat se net mear werom kin of wol nei de persoan dy't se doe wie. Sy en Fletcher beslute dan om in punt efter harren relaasje te setten. Sadwaande is Liv har houlik it iennichste dat trochgiet. Emma bliuwt as gast op Liv har brulloft, dêr't Nate, dy't al jierren in eachje op har hat, mei har dûnset.

Yn in epilooch dy't in jier letter spilet, hawwe Emma en Liv ôfpraat yn in restaurant. Emma, dy't no troud is mei Nate, fertelt dat se yn ferwachting is, en Liv reägearret mei it nijs dat sy ek yn ferwachting is. As de beide freondinnen inoar freegje wannear't se útrekkene binne, blykt dat op deselde datum te wêzen.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Anne Hathaway.
 
Kate Hudson.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Emma Allan Anne Hathaway
Liv Lerner Kate Hudson


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Fletcher Flemson, Emma har ferloofde Chris Pratt
Daniel Williams, Liv har ferloofde Steve Howey
Kevin, in kollega fan Liv Michael Arden
Deb, in kollega fan Emma Kristen Johnson
Marion St. Claire / voice-over Candice Bergen
Nate Lerner, Liv har broer Bryan Greenberg
Amanda, in freondinne fan Emma en Liv June Diane Raphael
Marissa, in freondinne fan Emma en Liv Hettienne Park
Amie, in freondinne fan Emma en Liv Lauren Bittner
Stacy Kindred, in oare breid Casey Wilson
John Allan, Emma har heit John Pankow
Ricky Coo, de 'Dokter fan 'e Dûns' Paul Scheer
de echte dûnsynstrukteur Dennis Parlato
de jonge Emma Shannon Ferber
de jonge Liv Zoe O'Grady

Bride Wars waard regissearre troch Gary Winick nei in senario dat June Diane Raphael (dy't sels ek yn 'e film meispile) en Casey Wilson. Hja skreaune dat foarôfgeande oan 'e staking fan it Writers Guild of America (it fakbûn fan senarioskriuwers) fan 2007-2008, op basis fan in earder, orizjineel skript fan 'e hân fan Greg DePaul. Ek Karen McCullah Lutz en Kirsten Smith droegen oan it úteinlike senario by. Filmprodusinten wiene (haadrolspylster) Kate Hudson, Alan Riche en Julie Yorn foar de studio's Fox 2000 Pictures, Regency Enterprises, New Regency Productions, Birdie Productions, Riche/Ludwig Productions en Dune Entertainment. De kamerarezjy waard fierd troch Frederick Elmes, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Edward Shearmur.

Foar Bride Wars wie in budget fan $30 miljoen beskikber. De measte opnamen fûnen plak yn Boston, New York en Salem yn Massachusetts. Inkele sênes waarden filme yn it Peabody Essex Museum yn Salem. De distribúsje fan 'e film waard dien troch 20th Century Fox. Bride Wars gie op 9 jannewaris 2009 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.

De measte resinsjes foar Bride Wars wiene negatyf. Yn The New York Times omskreau Manohla Dargis de film as "flau, mar fierhinne pynleas." Neffens har betsjutte it oandiel fan Anne Hathaway dat der "in bytsje yn aktearre" waard en ek dat der "inkele minsklike emoasjes" yn 'e film sieten. Yn 'e Philadelphia Inquirer wie Carrie Rickey folle negativer. Hja skreau: "Hoe min kin in film eins wêze, mei Goudlokje Hudson en Jiskepûster Hathaway? Sa alderaaklikst dat Hudson har sinneskyn him net opwaarmje kin en Hathaway har roazegeur de stank dy't derfan ôfslacht net maskearje kin."

Ty Burr fan 'e Boston Globe fûn Bride Wars steurend, om't it neffens him in chickflick wie dy't "syn jonge froulike haadrolspylsters – en dêrmei ek syn jonge froulike publyk – derút sjen lit as haatlike, achterlike pjutten, en dat doocht net." De Britske filmkritikus Mark Kermode gie op 'e BBC-radio safier dat er ûnthiet om ûntslach te nimmen as Bride Wars, in film dy't begjin jannewaris útkaam, oan 'e ein fan 2009 net op syn listke fan 'e tsien minste films fan it jier stean soe. Sels doe't er op fersyk fan syn harkers Terminator: Salvation en Couples Retreat yn dat listke opnaam, einige Bride Wars noch op it achtste plak, dat hy koe syn baan hâlde.

Yn it Amerikaanske tydskrift Time skreau kritika Mary Pols yn in seldsume positive resinsje: "Op syn minst, en dit is wat om tankber foar te wêzen, wykt Bride Wars ôf fan 'e gewoanlike brulloftfilmrûtine oer breidsfamkes dy't eins de breid (of brêgeman) wêze moatte soene. Sels al is it kattegefjocht tusken de fammen oerdreaun, it idee dat in hertstochtlike froulike freonskip yn in sekonde [feroarje kin yn in hertstochtlike froulike rûzje], is, spitigernôch, in reälistysk gegeven."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Bride Wars in leech goedkarringspersintaazje fan 11%, basearre op 142 ûnderskate resinsjes. Yn 'e konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stie: "Bride Wars nimt it dochs al ferfeelsume idee fan fjochtsjende 'bridezillas', en makket it hielendal ûnferdraachlik troch in loai senario en folslein ôfgryslike personaazjes." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Bride Wars in goedkarringspersintaazje fan 24%, basearre op 30 resinsjes.

It bioskooppublyk wie it dúdlik net mei de negative resinsjes iens, want yn 'e Feriene Steaten en Kanada brocht Bride Wars $58,7 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria nochris $56 miljoen. Dêrmei kaam de totale opbringst út op $114,7 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $30 miljoen komt dat del op in winst fan krapoan $85 miljoen.

Bride Wars waard nominearre foar fiif Teen Choice Awards: twa kear foar favorite aktrise yn in komeedzjefilm (Anne Hathaway, resp. Kate Hudson), en fierders foar favorite rûzje (Hathaway en Hudson), favorite opwûn stantsje (Hudson) en favorite rockstjermomint (Hathaway). Dêrfan wûn Hathaway de priis foar favorite aktrise yn in komeedzjefilm. Fierders waard Bride Wars ek nominearre foar de People's Choice Award foar favorite komeedzje en foar de MTV Movie Awards foar bêste froulike optreden (Hathaway) en foar bêste gefjocht (Hathaway en Hudson). Candice Bergen waard nominearre foar de Golden Raspberry Award foar minste byrol fan in aktrise.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.