Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Beekbergen (Nedersaksysk: Bekbargen of Beekbargen) is in plak op de Feluwe, besuden Apeldoarn, mei sa'n 5000 ynwenners. Bestjoerlik falt it ûnder de gemeente Apeldoarn yn de provinsje Gelderlân. Yn it simmerseizoen fertrijefâldiget de befolking ûngefear troch it grutte tal besikers fan de kempings en fakânsjeparken dy't yn de bosken om Beekbergen lizze.

Beekbergen
Beekbergen
Beekbergen
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Gelderlân
Gemeente Apeldoarn
Sifers
Ynwennertal 4.935 (2021)[1]
Oerflak 25,2 km²
Befolkingsticht. 196 / km²
Oar
Ferkearsieren A1 A50 N786 N788
Postkoade 7360-7361
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 10' NB, 5° 58' EL
Kaart
Beekbergen (Gelderlân)
Beekbergen
Kaart
Beekbergen
Lizzing fan Beekbergen yn de gemeente Apeldoarn

Beekbergen is ûntstien yn de iere midsiuwen en wie oant healwei de 20e iuw in boeredoarpke mei in tsjerke, in pear herbergen en sûnt de 17e iuw ek in pear papiermûnen. Nei de Twadde Wrâldoarloch is Beekbergen bot groeid en hat it toerisme him sterk ûntjûn.

Doarpsoansjen

bewurkje seksje
 
Nederlânsk herfoarme tsjerke Beekbergen

In soad winkels steane yn de buorren. Dêr stiet ek de herfoarme tsjerke. Yn de alfte iuw waard it koar en it skip yn Romaanske styl boud, dy't yn de trettjinde iuw ferfongen waarden troch bouwurken yn Goatyske styl.[2] Yn de tsjerke is it grêf fan ien fan de earste Feluwske papiermakkers, Marten Orges († 9 septimber 1626) te finen. Ien fan syn papiermûnen bestiet noch as nôtmole De Ruitersmole.

Beekbergen leit oan de râne fan de natoergebieten Loenermark, it Beekbergerwâld en it Spelderholt. Yn en om Beekbergen binne in soad soarchynstellings, ûnder mear âlderein/fersoargingstehûs, "De Vier Dorpen", en it âldste ferpleechhûs fan Nederlân (Het Zonnehuis). Nei it plak is it tichtbylizzende ferkearsknooppunt Beekbergen neamd.

Aktiviteiten

bewurkje seksje

Yn it tichtbylizzend doarpke Lieren stiet stasjon Beekbergen, in stopplak foar de toeristyske stoomtrein tusken Apeldoarn en Dieren dy't simmerdeis troch de Veluwsche Stoomtrein Maatschappij (VSM) eksploitearre wurdt.
De winkelljuferiening "Bemivo" (Beekbergse Middenstand Vooruit) organisearet al sûnt 1966 yn it simmerseizoen 'Feluwske merken' dêr't âlde ambachten as spinnen, touslaan, bijehâlden en klompesnijen demonstrearre wurde en pleatslike produkten yn kreammen kocht wurde kinne fan yn dracht klaaide ferkeapers en ek yn Feluwske boeredracht klaaide muzikanten.

Sport en rekreaasje

bewurkje seksje

Beekbergen leit oan de Europese kuierrûte E11, ek wol Marsekreammerpaad neamd. De E11 rint fan De Haach nei it easten, no oant de grins fan Poalen mei Litouwen. Yn Beekbergen sit de fuotbalklup f.f. Beekbergen

Beekbergen hat neat te krijen mei safarypark de Beekse bergen en leit dêr sa'n hûnder kilometer ôf.

Bekende persoanen mei in Beekbergenske eftergrûn

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. https://www.cbs.nl/nl-nl/maatwerk/2021/31/kerncijfers-wijken-en-buurten-2021
  2. neffens in plakette dy't op de tsjerke oanbrocht is.