Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Adam fan Bremen, of Adam Bremensis (foar 1050 - 1081/1085) wie in wichtige Dútskse kronykskriuwer út de midsiuwen. Hy wie in geastlike en teolooch.

Adam wie ôfkomstich út it noarden fan Dútslân (saxonia superior), mooglik kaam er fan Bamberch. Under aartsbiskop Adalbert fan Bremen waard er om 1066 hinne "Domicellarius", in soartemint pryster, fan Bremen. Yn 1069, neidat er werom kaam fan in reis nei kening Sven II út Denemark, waard hy "magister scholarum" (skoallemaster) en haad fan de kleasterskoalle. Ferstoarn is er nei alle gedachten 1081 op syn letst 1085.

 
Side fan Gesta Hammaburgensis ecclesiae pontificum. By de reade P begjint de beskriuwing fan Denemark

Om 1075 hinne skriuw er syn bekendste skiednisboek Gesta Hammaburgensis ecclesiae pontificum, wêrby't er him wiidweidich en yngeand ynformearje liet troch âldere kroniken en oarkonden en fanút Denemark meibrochte berichten. Adams wurk is yn fjouwer boeken ferdield dêr't twa fan de skiednis beskriuwe fan de bisdomen Bremen en Hamburch oant 1043. It earste boek behannelt de iere skiednis fan it noarden fan it Frankyske ryk ûnder de Karolingen. It twadde boek giet oer de missy nei de Heidenske Noardelingen (de Wytsingen) fan 937 oant 1043. Boek trije docht ferslach fan de aartsbiskop Adalberts en yn boek fjouwer komme de folken en lannen fan it Noard-Jeropa oanbod.

It wurk fan Adam jildt yn it generaal as in betroubere boarne foar de skiednis út dy tiid en hysels as ien fan de bêste histoarisy út de hege midsiuwen. Syn Hamburger Tsjerkeskiednis is opdroegen oan aartsbiskop Liemar, de opfolger fan Adalberts, en hie mei as doel dizze fertroud te meitsjen op hokker wize syn foargonger de belangen fan de tsjerke tadien west hie, sa dat er minder fouten makke soe.

Syn wurk is ferneamd wurden, trochdat er as earste skriftlike tsjûgenis die oer de ûntdekking fan Amearika („Vinlands“) troch de Wytsingen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje