Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

De Abruzzen (Italjaansk: Abruzzi of Abruzzo) is in yn 1964 oprjochte regio yn Sintraal-Itaalje. De namme is ôflaat fan it Latynske Aprutium, dat safolle betsjut as Lân fan de swinen. Foarhinne makke de regio tegearre mei Molise diel út fan de regio Abruzzen en Molise. Yn it noardwesten grinzget de regio oan De Marken, yn it westen oan Latium, yn it súdeasten oan Molise en yn it easten oan de Adriatyske See.

Abruzzen
Abruzzo
Flagge Wapen
Lokaasje yn Itaalje
Algemien
Haadstêd l'Aquila
Oerflakte 10.831,84 km²
Befolking 1.269.525 (31.01.2024)
Befolkingstichtens 117,2 ynw./km²
Oare ynformaasje
Heechste punt Corno Grande : 2.912 m
Oantal gemeenten 305
Provinsjes l'Aquila, Chieti, Pescara, Teramo
 
Gran Sasso d'Italia.

De regio beskikt oer in soad moaie natuergebieten en der binne trije grutte nasjonale parken: Gran Sasso-Laga, Maiella en Abruzzo. Yn it lêste park libbe noch brune bearen. De twa heechste toppen fan de Apeninen lizze ek yn Abruzzo, it binne de Gran Sasso d'Italia (2.912 meter) en de Majella (2.795 meter). Oare natuerlike nijsgjirrichheden binne de Salanchi fan Atri en it uterste suden fan de Abruzzyske kust: de Punta Penna en Costa dei trabocchi. De regio is ek ryk oan marren dy't al dan net stood binne krektas it Mar fan Barrea, Mar fan Campotosto en Mar fan Bomba.

Natuerparken

bewurkje seksje
 
Gims yn it Val di Rose.

Yn de Abruzzen binne fjouwer grutte natuerparken. De bysûnder rike berchfloara en -fauna is beskerme. Neist de earder neamde brune bear libje der yn it gebiet ek Apenynske wolven en stienbokken.

Nijsgjirrichheden

bewurkje seksje

De meast nijsgjirrige stêden fan de regio binne L'Aquila, Teramo, Sulmona, Lanciano, Chieti, Vasto en Atri. De grutste stêd is Pescara, it ekonomyske hert fan de regio. Dy stêd hat de toerist lykwols útsein de moaie strânbûlevaar net folle te bieden. De berchdoarpen fan Abruzzo binne yn it meastepart fan de gefallen, benammen yn 'e provinsje L'Aquila, tige moai en net troch de tiid oantaaste. In prachtich foarbyld dêrfan is Pacentro.

Oan de kust is it toerisme reedlik ûntwikkele. De wichtichste plakken hjir binne Roseto degli Abruzzi, Pineto, Giulianova en Montesilvano

De regio bestiet út fjouwer provinsjes:

kaart wapen provinsje ôfk. haadstêd oantal
gemeenten
    l'Aquila AQ l'Aquila 108
  Siti CH Chieti 104
  Pescara PE Pescara 46
  Teramo TE Teramo 47
 
Kaart fan de regio

De fyftjin grutste gemeenten fan 'e regio binne neffens ynwennertal (haadstêden fan 'e provinsjes binne mei fette letter wjerjûn:

Wapen Gemeente Befolking

(30-6-2024)

Provinsje Oerflak
(km²)
  Pescara 118.740 Pescara 33.95
  L'Aquila 70.312 L'Aquila 473.91
  Montesilvano 53.640 Pescara 23.57
  Teramo 51.408 Teramo 152.84
  Chieti 48.487 Chieti 59.57
  Avezzano 40.893 L'Aquila 104.08
  Vasto 40.811 Chieti 71.35
  Lanciano 33.901 Chieti 66.94
  Roseto degli Abruzzi 25.715 Teramo 53.27
10º   Francavilla al Mare 25.450 Chieti 23.09
11º - Giulianova 23.491 Teramo 28
12º   Ortona 22.055 Chieti 70.88
13º   Sulmona 21.797 L'Aquila 57.93
14º - San Salvo 19.810 Chieti 19.7
15º   Spoltore 19.017 Pescara 37.01

Keppeling om utens

bewurkje seksje
Wikimedia Commons  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Abruzzo fan Wikimedia Commons.
Regio's fan Itaalje  
Abruzzen - Aostadelling - Apûlje - Basilikata - Feneto - Emylje-Romanje - Friûly-Julysk Feneesje - Kalaabrje - Kampaanje - Latium - Liguerje - Lombardije - Marke - Molise - Piëmont - Sardynje - Sisylje - Trentino-Súd-Tiroal - Toskane - Umbrje
  ·   · Berjocht bewurkje