Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Amerikaanske Marine

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan United States Navy)
Amerikaanske Marine
flagge embleem
Non Sibi Sed Partriae
Latyn, "Net foar Ussels, Mar foar Us Lân"
algemiene gegevens
lân Feriene Steaten
soarte marine
doel oarlochfiering op see
bysûnderheden
namme folút United States Navy
("Amerikaanske Marine")
ôfkoarting USN
lokaasje haadkertier it Pentagon (Arlington
    County
, Firginia)
oprjochte 1775(-1785), 1794
sterkte 328.000 aktyf (2015)
101.000 reserve (2015)
272 ynsetbere skippen (2015)
158 skippen reservefloat (2015)
falt ûnder Am. Ministearje f. Definsje
   ● Dep. fan de Marine
offisjele kleuren blau en goud
         
webside www.navy.mil

geus

De Amerikaanske Marine (Ingelsk: United States Navy of U.S. Navy, ôfkoarte ta USN) is ien fan 'e tûken fan 'e Amerikaanske Striidkrêften, de kriichsmacht fan 'e Feriene Steaten fan Amearika. It is in marine en ien fan 'e acht unifoarmearre tsjinsten fan 'e Feriene Steaten. De Amerikaanske Marine hat (de reserve ynbegrepen) in sterkte fan krapoan 430.000 man, en beskikt oer in totaal fan 430 marineskippen. It is dêrmei de grutste en sterkste marine fan 'e wrâld. Bestjoerlik ressortearret de Amerikaanske Marine ûnder it Amerikaanske Ministearje fan Definsje. De marine waard yn 1775 oprjochte as de Kontinintale Marine, en hat sûnt yn likernôch santich oarloggen en oare konflikten fochten. De ofsiersoplieding fan 'e Amerikaanske Marine wurdt fersoarge troch de Amerikaanske Marine-akademy te Annapolis.

De Amerikaanske Marine is de grutste marine fan 'e wrâld, dy't tarist is mei it meast avansearre marinematerieel fan 'e wrâld. Kwa mankrêft bestie de marine anno 2015 út 328.194 man yn aktive tsjinst, oanfolle mei in militêre reserve fan 101.199 man. Opteld komt dat del op in totale mankrêft fan krapoan 430.000 man. Op it mêd fan materieel beskikte de Amerikaanske Marine (ek yn 2015) oer 272 direkt ynsetbere marineskippen, mei dêropta in reservefloat fan nochris 158 skippen dy't net direkt ynsetber binne, mar binnen reedlike tiid wol wer ynsetber makke wurde kinne. Yn totaal binne dat 430 skippen, mei in mienskiplike tonnaazje dy't de grutste fan alle floaten fan 'e wrâld is. De grutste skippen binne de fleandekskippen, wêrfan't de Amerikaanske Marine op elts momint tsien yn aktive tsjinst hat, mei dêropta twa yn 'e reservefloat en trije nijen yn oanbou. It Amerikaanske flottylje fleandekskippen is dêrmei ek fierwei it grutste fan 'e wrâld. De Amerikaanske Marine hie fierders yn febrewaris 2016 mear as 3.700 militêre fleantugen yn aktive tsjinst.

De Amerikaanske Marine tsjinnet as it diel fan 'e Amerikaanske Striidkrêften dat him taleit op oarloch op see. Dêrby binne de doelen:

  • tarieding foar it effektyf fieren fan oarloch op see;
    • dêrta it ûnderhâlden en ûntwikkeljen fan wapens, materieel, taktiken en oare plannen om soks mooglik te meitsjen;
  • it ôfslaan fan agresje fan oer see dy't rjochte is tsjin 'e Feriene Steaten, syn oerseeske gebietsdielen en besittings en syn bûnsgenoaten, oft dy agresje no ôfkomstich is fan oare lannen, fan partikuliere entiteiten (terrorisme) of troch ferrie fan binnenút;
  • it ferdigenjen fan it rjocht fan 'e Feriene Steaten en syn bûnsgenoaten op frije trochfeart troch de ynternasjonale wetters.

It haadkertier fan 'e Amerikaanske Marine is fêstige yn it Pentagon, yn Arlington County yn Firginia, fuort besuden de Amerikaanske federale haadstêd Washington, D.C. De Amerikaanske Marine falt bestjoerlik ûnder it Amerikaansk Departemint fan 'e Marine, oan it haad wêrfan't de ûnderminister fan 'e Marine stiet. It Departemint fan 'e Marine makket diel út fan it Amerikaansk Ministearje fan Definsje, en de ûnderminister fan 'e Marine is ûnderhearrich oan 'e minister fan Definsje. De stêfsjef fan 'e marine (Chief of Naval Operations, CNO) is in ofsier mei de militêre rang fan admiraal, en de heechste marine-ofsier yn it Departemint fan 'e Marine. It kin lykwols wêze dat hy (of sy) net de marine-ofsier mei de alderheechste rang is, yn it gefal dat de foarsitter of de fise-foarsitter fan 'e Mienskiplike Stêfsjefs ek in marine-ofsier is.

De lokaasje fan bases en oare fasiliteiten fan 'e Amerikaanske Marine yn 'e Feriene Steaten.

De Amerikaanske Kustwacht is in tûke fan 'e Amerikaanske Striidkrêften dy't bestjoerlik folslein los stiet fan 'e Amerikaanske Marine, en dy't ek hiele oare taken hat as de marine. It Amerikaansk Marinierskorps is ek in selsstannige tûke fan 'e Amerikaanske Striidkrêften, dy't net ûnderhearrich is oan, mar wol nau gearwurket mei de marine.

De Amerikaanske Marine hat in protte marinebases en oare fasiliteiten yn gebrûk, dy't benammen konsintrearre binne yn it noardeasten fan 'e legere 48 steaten, oan 'e kust fan 'e Atlantyske Oseaan tusken súdlik Maine en sintraal Firginia, en fierders oan 'e noardeastkust fan 'e Golf fan Meksiko, en oan 'e Amerikaanske westkust, oan 'e Stille Oseaan, fral yn Súdlik Kalifornje en yn 'e krite fan 'e Puget Sound by Seattle. It grutste kompleks fan 'e Amerikaanske Marine is it Marine Loftwapenstasjon China Lake, yn Kalifornje, in militêr oefenterrein mei in oerflak fan 4.500 km². It op ien nei grutste kompleks is yn Hampton Roads, yn Firginia, dêr't in stikmannich bases mei-inoar 150 km² beslane.

De USS Nimitz, in fleandekskip fan 'e Amerikaanske Marine, hjir by in freonskiplik besyk oan Victoria (Britsk-Kolumbia).

De wichtichste bases fan 'e Amerikaanske Marine binne it Marinestasjon Norfolk, yn Firginia, dat de thúshaven fan 'e Amerikaanske Atlantyske Float is, en de Marinebasis San Diego yn Súdlik Kalifornje, de wichtichste thúshaven fan 'e Amerikaanske Pasifyske Float (hoewol't it haadkertier dêrfan eins fêstige is yn it Marinestasjon Pearl Harbor, sûnt 2010 de Mienskiplike Basis Pearl Harbor-Hickam, yn Hawaï). De ofsiersoplieding fan 'e Amerikaanske Marine wurdt fan âlds fersoarge oan 'e Amerikaanske Marine-akademy yn Annapolis, yn Marylân, hoewol't spesifike ofsiersopliedings no op oare plakken fêstige binne. De oplieding ta marinepiloat wurdt bgl. fersoarge op it Marinefleanfjild Pensacola yn 'e Panhandle fan Floarida, wylst de oplieding ta dûkboatofsier fêstige is yn it Marine Undersee-oarlochsfieringssintrum yn Newport, yn Rhode Island.

Bûten it grûngebiet fan 'e eigentlike Feriene Steaten ûnderhâldt de Amerikaanske Marine ek wichtige bases yn ûnynkorporearre territoaria fan 'e Feriene Steaten, lykas de grutte Marinebasis Gûam op Gûam en oare wichtige fasiliteiten yn Porto Riko en Amerikaansk-Samoä. Yn it bûtenlân is de grutste Amerikaanske marinebasis de Marinebasis Yokosuka op it Japanske eilân Okinawa, yn 'e Rjûkjû-eilannen. Dy tsjinnet as basis foar alle aktiviteiten fan 'e Amerikaanske Marine yn it westen fan 'e Stille Oseaan. Oare wichtige oerseeske bases fan 'e Amerikaanske Marine binne de Amerikaanske Marinebasis Napels yn Itaalje (de thúshaven fan 'e Amerikaanske Sechsde Float yn it Middellânske-Seegebiet), de Amerikaanske Marinebasis Bachrein (de thúshaven fan 'e Amerikaanske Fyfde Float yn 'e Perzyske Golf) en de Marinebasis Guantanamo Bay op Kuba (dy't bekend kommen is te stean as in plak dêr't lju dy't fan terroristyske aktiviteiten foar Al-Qaida fertocht wurde, sûnder foarm fan proses finzenset binne).

Doe't yn 1775 de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch útbriek, wie der ûnder de leden fan it Twadde Kontinintaal Kongres diskusje oer de fraach oft de trettjin opstannige koloanjes wol in mienskiplike marine oprjochtsje moasten. Massachusetts hie bgl. yn 't earstoan syn eigen marine. De oerbefelhawwer fan it Koninintale Leger (de foarrinner fan it Amerikaanske Leger), generaal George Washington, makke in ein oan it redendielen troch op 13 oktober 1775 sân sylskippen as oarlochsskippen ta te rissen om Britske befoarriedingsskippen te ûnderskeppen. Dat wie it oanbegjin fan 'e Kontinintale Marine.

De USS Constitution fan 'e Amerikaanske Marine ferwikkele yn in gefjocht mei de HMS Guerriere fan 'e Britske Keninklike Marine yn 'e Oarloch fan 1812.

Nei't de Amerikanen yn 'e Unôfhinklikheidsoarloch de oerwinning behelle hiene, waard yn 1785 de Kontinintale Marine opheft en it lêste marineskip, de USS Alliance, ferkocht. Hast in desennium moasten de Feriene Steaten it doe sûnder marine dwaan, wat Amerikaanske keapfardijskippen bleatstelde oan 'e eigenwille fan seerôvers. De iennichste seemacht dy't it lân yn dy tiid hie, waard foarme troch de United States Revenue Cutter Service, in soarte fan dûane op see dy't in foarrinner wie fan 'e hjoeddeistige Amerikaanske Kustwacht. Yn 1794 naam it Amerikaanske Kongres de Marinewet fan 1794 oan, wêryn't de oprjochting fan in permaninte, steande marine regele waard. Pas yn oktober 1797 kamen lykwols de earste marineskippen ree, dy't ommers noch boud wurde moasten. Dy waarden sa gau mooglik ynset yn it Middellânske-Seegebiet, tsjin 'e Barbarijske seerôvers.

Njoggentjinde iuw

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It earste grutte konflikt dêr't de weroprjochte Amerikaanske Marine by belutsen rekke, wie de Oarloch fan 1812 tsjin 'e Britten. Hoewol't it net slagge en kom foar dat de fijân Amerikaanske havens blokkearre en troepen oan lân sette, waarden de Britten wol ferdreaun út 'e Eriemar, wat bydroech oan 'e nederlaach op lân fan harren en har Yndiaanske bûnsgenoaten. Fan 1819 ôf waard it saneamde Afrika-eskader fan 'e Amerikaanske Marine ynset om 'e yllegale oanfier fan nije slaven út Afrika de kop yn te drukken.

Yn 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch (1846-1848) blokkearre de Amerikaanske Marine Meksikaanske havens, ferneatige de Meksikaanske float yn 'e Golf fan Kalifornje, en spile it Pasifysk Eskader ûnder lieding fan kommandeur Robert Stockton in wichtige rol by de ferovering fan Opper-Kalifornje. De Amerikaanske Marine fierde yn dat konflikt ek syn earste grutskalige amfibyske operaasje út, doe't der 12.000 man fan it Amerikaanske Leger yn 'e Meksikaanske havenstêd Veracruz oan lân set waarden. It súkses fan dy operaasje iepene de doar foar de ferovering fan Meksiko-Stêd en dêrmei de Amerikaanske oerwinning.

Fan dy tiid ôf fêstige de Amerikaanske Marine him as in wichtige macht op 'e wrâldseeën, dy't bgl. yn 1853 it isolemint fan Japan trochbriek doe't in eskader ûnder lieding fan kommandeur Matthew Perry de Baai fan Edo ynfear, wat yn 1854 resultearre yn 'e Konvinsje fan Kanagawa.

De Grutte Wite Float makket in wrâldreis yn 1907.

Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) bleau de Amerikaanske Marine, oars as it Amerikaanske Leger, frijwol hielendal yn Noardlike hannen. Dat stelde de Feriene Steaten by steat om al ier ûnder de boargeroarloch de saneamde Unyblokkade tsjin 'e Súdlike Konfederearre Steaten yn te stellen. It Suden waard dêrtroch ekonomysk úthongere, wat sterk bydroech ta de úteinlike oerwinning fan it Noarden. De Amerikaanske Boargeroarloch wie ek it earste konflikt wêryn't izerbeklaaide oarlochsskippen it tsjininoar opnommen, spesifyk de USS Monitor en de CSS Virginia yn 'e Slach by Hampton Roads yn 1862.

Yn 'e tweintich jier nei de Amerikaanske Boargeroarloch fertutearze de Amerikaanske Marine lykwols trochdat de polityk der net mear nei omseach, mei as gefolch dat it materieel folslein efter de tiid rekke. Yn 'e 1880-er jierren waard lang om let in grutskalich modernisearringsprogramma ynset, wêrby't it tal marineskippen ek útwreide waard. Dat bliek fertuten dien te hawwen doe't de Amerikaanske Marine yn 'e Spaansk-Amerikaanske Oarloch yn 1898 handich ôfweefde mei de Spaanske Marine.

De Amerikaanske Marine rûn neitiid foarop yn 'e ûntwikkeling fan slachskippen (dy't as de takomst fan eltse himsels respektearjende marine sjoen waarden), yn 'e mande mei de marines fan lannen as it Feriene Keninkryk, it Keizerryk Dútslân en it Keizerryk Japan. Yn 1907 stjoerde de Amerikaanske presidint Theodore Roosevelt de measte Amerikaanske slachskippen mei harren eskorteskippen (de saneamde Grutte Wite Float) op in fjirtjin moannen duorjende reis om 'e wrâld, mei as doel om 'e Amerikaanske macht op see út te stallen. Tsjin 1911 koe de Amerikaanske Marine yn sterkte de Britske Keninklike Marine belykje.

Earste Wrâldoarloch en Ynterbellum

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn april 1917 rekken de Feriene Steaten behelle yn 'e Earste Wrâldoarloch. Fanwegen in slim stookoaljetekoart yn it Feriene Keninkryk koene yn dat konflikt lykwols inkeld âldere, op stienkoal stokende Amerikaanske marineskippen ynset wurde. Under de Marinewet fan 1916 groeide de Amerikaanske Marine yn 'e folgjende jierren fluch troch in ambisjeus skipsbouprogramma. Nei ôfrin fan 'e Earste Wrâldoarloch waard troch it Marineferdrach fan Washington yn 1922 de ynternasjonale wapenwedrin op see oan bannen lein, benammen wat it bouwen fan slachskippen en krusers oanbelange. Dêrom waarden inkele fan 'e earste Amerikaanske fleandekskippen, de USS Lexington en de USS Saratoga, op rompen boud fan slachkrusers dy't healôf wiene doe't se omreden fan 'e beheinings yn it ferdrach skrast wurde moasten.

De slachskippen fan 'e Amerikaanske Marine ôfmarre oan Battleship Row yn it Marinestasjon Pearl Harbor op 7 desimber 1941, ûnder de Japanske Oanfal op Pearl Harbor. Yn it wetter fan 'e lagune binne de weagen fan guon torpedo's te sjen. Op 'e eftergrûn stiigje reekwolkens op fan it fleanfjild Hickam Field.

Yn 'e Grutte Depresje fan 'e 1930-er jierren omfieme de New Deal fan presidint Franklin D. Roosevelt in regeling yn it ramt fan 'e Public Works Administration (de Amerikaanske Wurkferskaffing), wêrby't wurkleazen ynset waarden foar de bou fan mear fleandekskippen, lykas de USS Yorktown en de USS Enterprise. Sadwaande beskikte de Amerikaanske Marine tsjin 1936, doe't de USS Wasp reekaam, oer in flottylje fleandekskippen mei in wetterferpleatsing fan 165.000 long tons, hoewol't dat optekene waard as 135.000 long tons om te foldwaan oan it Marineferdrach fan Washington.

Twadde Wrâldoarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fanwegen oprinnende spannings yn it gebiet fan 'e Stille Oseaan, dy't ferbân holden mei de Twadde Sineesk-Japanske Oarloch en oanboaze waarden troch de oangeande Twadde Wrâldoarloch yn Jeropa, ferhuze presidint Roosevelt de Amerikaanske Pasifyske Float yn begjin 1941 fan San Diego, yn Kalifornje, nei it Marinestasjon Pearl Harbor, yn it Territoarium Hawaï. Op 7 desimber 1941 leine dêr sân slachskippen, de USS Arizona, de USS California, de USS Maryland, de USS Nevada, de USS Oklahoma, de USS Tennessee en de USS West Virginia ôfmarre oan Battleship Row op Ford Island, wylst in achtste slachskip, de USS Pennsylvania, foar ûnderhâld yn in drûchdok lei, en de ôftanke USS Utah, dy't inkeld noch as doelskip foar oefenings brûkt waard, ek oanwêzich wie. Op 'e iere moarn fan dy dei fierde de Keizerlike Japanske Marine in ferrassingsbombardemint út, dat bekend wurden is as de Oanfal op Pearl Harbor. Dêrby waarden fjouwer slachskippen en de USS Utah ta sinken brocht, wylst de oaren skansearre rekken. Troch dat foarfal waarden de Feriene Steaten ûntsjinkearber de Twadde Wrâldoarloch ynskuord.

It slachskip de USS Idaho besjit Japanske posysjes op Okinawa op 1 april 1945 ûnder de Slach om Okinawa.

De Japanners hiene harren oanfal konsintrearre op 'e slachskippen, dy't yn 1941 noch altyd beskôge waarden as de skippen wêrmei't oarloggen op see wûn of ferlern waarden. De trije fleandekskippen dy't yn Pearl Harbor stasjonearre wiene, de USS Lexington, de USS Enterprise en de USS Saratoga, wiene op it stuit fan it bombardemint lykwols net yn 'e lagune fan Pearl Harbor oanwêzich om't se op patrûlje of training wiene. Dat soarge derfoar dat de Amerikaanske Marine him yn 'e Twadde Wrâldoarloch yn 'e Stille Oseaan mear ferlitte moast op 'e fleandekskippen. Doe bliek dat dy de wiere takomst fan 'e marine wiene. De fleandekskippen spilen bygelyks in rol fan krúsjaal belang yn 'e Slach by Midway, wêrmei't de Japanske opsmars yn 'e Stille Oseaan ta stilstân brocht waard.

De Amerikaanske Marine ûntwikkele fierders de súksesfolle strategy fan it eilânspringen, wêrby't de eilannen yn 'e Stille Súdsee ien foar ien ferovere waarden troch elts ferovere eilân te brûken as basis foar de ferovering fan in folgjend eilân. De wichtichste seeslaggen dêr't de Amerikaanske Marine oan dielnaam, wiene de Slach yn 'e Koraalsee, de Slach by Midway, de Slach om Guadalcanal, de Slach yn 'e Filipinensee, de Slach yn 'e Golf fan Leyte en de Slach om Okinawa. Dêrnjonken ûnderstipe de marine mei kustbombardeminten fan Japanske posysjes faak amfibyske operaasjes fan it Amerikaanske Leger of it Amerikaanske Marinierskorps, lykas yn 'e Aleoetenkampanje, de Slach om Kwajalein, de Slach om Peleliu, de Slach om Saipan en de Slach om Iwo Jima. Tsjin 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch, yn 1945, hie de Amerikaanske Marine der hûnderten skippen by krigen, wêrûnder 18 fleandekskippen en 8 slachskippen. Yn totaal bestie de Amerikaanske float doe út 6.768 marineskippen dy't 70% fan it totale oantal en de totale tonnaazje fan alle marineskippen fan 1.000 ton en grutter op 'e wrâld fertsjintwurdigen.

Nei ôfrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch waard de Amerikaanske Marine behelle yn 'e wapenwedrin mei de Sovjet-Uny yn it ramt fan 'e Kâlde Oarloch. Dêrtroch waard de Amerikaanske Marine oan ien wei troch oanfitere om nije wapensystemen en nije taktiken te ûntwikkeljen en nije skippen en fleantugen te bouwen. De wichtichste 'hjitte' konflikten wêrby't de Amerikaanske Marine ûnder de Kâlde Oarloch belutsen rekke, wiene de Koreaanske Oarloch (1950-1953) en de Fjetnamoarloch (1961-1973). Ek wie it de Amerikaanske Marine dy't troch de blokkade fan Kuba foarkaam dat de Sovjet-Uny yn 1962 ûnder de Kubakrisis nukleêre wapens op dat eilân ynstallearre.

Nei ôfrin fan 'e Kâlde Oarloch wie de Amerikaanske Marine yngeand behelle yn 'e Earste Golfoarloch (1990-1991) en oare operaasjes út 'e 1990-er jierren tsjin Irak. Nei 2000 spile de Amerikaanske Marine in wichtige rol by de Oarloch yn Afganistan, de Irakoarloch en de ynternasjonale yntervinsje tsjin 'e saneamde Islamityske Steat.

List fan konflikten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn syn skiednis hat de Amerikaanske Marine dielnommen oan likernôch 70 oarloggen en oare konflikten:

De ballistyske raketûnderseeër de USS George Washington.
De USS Carl Vinson, in fleandekskip fan 'e Amerikaanske Marine, foar anker yn Gûam.
In squadron F/A-18F Super Hornets fan 'e Amerikaanske Marine.
De USS Port Royal, in kruser fan 'e Amerikaanske Marine.
ofsiersrangen fan 'e Amerikaanske Marine
Am. rangkoade OF-10 OF-9 OF-8 OF-7 OF-6 OF-5 OF-4 OF-3 OF-2 OF-1 OF(D)
(ofsierskandidaat)
kadet
rangûnder-
skiedingsteken
(droegen op 'e epauletten)
ferskaat
rang floatadmiraal
fleet admiral
admiraal
admiral
fise-admiraal
vice admiral
skout-by-nacht
rear admiral
kommandeur
rear admiral (lower half)
histoarysk: commodore
kaptein-op-see
captain
kaptein-luitenant-op-see
commander
luitenant-op-see 1e klasse
lieutenant commander
luitenant-op-see 2e klasse âldste kategory
lieutenant
luitenant-op-see 2e klasse
lieutenant (junior grade)
luitenant-op-see 3e klasse
ensign
kadet
midshipman of
officer candidate
ôfkoarting FADM1 ADM VADM RADM RDML CAPT CDR LCDR LT LTJG ENS MIDN / OC
1) rang latint; yn fredestiid wurde der gjin floatadmiraals oansteld
rangen fan 'e Amerikaanske Marine tusken ofsiers- en ûnderofsiersrangen yn
Am. rangkoade W-2 W-3 W-4 W-5
rangûnder-
skiedingsteken
(droegen op 'e epauletten)
rang adjudant twadde klasse
chief warrant officer 2
adjudant trêde klasse
chief warrant officer 3
adjudant fjirde klasse
chief warrant officer 4
adjudant fyfde klasse
chief warrant officer 5
ôfkoarting CWO-2 CWO-3 CWO-4 CWO-5
ûnderofsiers- en matroazerangen fan 'e Amerikaanske Marine
NATO-rangkoade OR-9 OR-8 OR-7 OR-6 OR-5 OR-4 OR-3 OR-2 OR-1
rangûnder-
skiedingsteken
(droegen op 'e epauletten)
gjin ûnder-
skiedingsteken
rang sersjant-majoar fan 'e marine
master chief petter officer of the navy
sersjant-majoar fan 'e float
fleet/force master chief petty officer
sersjant-majoar
command master chief petty officer
sersjant 1e klasse
master chief petty officer
sersjant 2e klasse
senior chief petty officer
sersjant 3e klasse
chief petty officer
korporaal 1e klasse
petty officer 1st class
korporaal 2e klasse
petty officer 2nd class'
korporaal 3e klasse
petty officer 3rd class
matroas 1e klasse
seaman
matroas 2e klasse
seaman apprentice
matroas 3e klasse
seaman recruit

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.