Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Tinker Bell and the Pirate Fairy

Ut Wikipedy
Tinker Bell and the Pirate Fairy
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Peggy Holmes
produsint Jenni Magee-Cook
útfierend
   produsint
John Lasseter
senario Jeffrey M. Howard
Kate Kondell
basearre op Tinker Bell fan J.M. Barrie
muzyk Joel McNeely
filmstudio Disneytoon Studios
Prana Studios
distribúsje Walt Disney Studios Home
   Entertainment
spilers
haadrollen Mae Whitman
Christina Hendricks
byrollen Tom Hiddleston
Lucy Liu
Raven-Symoné
Megan Hilty
Pamela Adlon
Angela Bartys
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 13 febrewaris 2014
foarm lange tekenfilmmusical
sjenre bernefantasyfilm
taal Ingelsk
spyltiid 78 minuten
budget en resultaten
budget ûnbekend
opbringst $64,9 miljoen
filmsearje
filmsearje Tinker Bell
● foarich diel Tinker Bell and the Secret
   of the Wings
● folgjend diel Tinker Bell and the Legend
   of the NeverBeast

Tinker Bell and the Pirate Fairy, ek wol koartwei The Pirate Fairy neamd en yn Nederlân en Flaanderen útbrocht ûnder de namme Tinker Bell en de Piraten, is in Amerikaanske lange kompjûteranimearre tekenfilm fan Disney út 2014. De film, dy't regissearre waard troch Peggy Holmes, is basearre op it personaazje fan it elfke Tinker Bell, út it berneboek Peter and Wendy fan J.M. Barrie. De titel betsjut: "Tinker Bell en it Pirate-elfke". De haadrollen waarden ynsprutsen troch Mae Whitman, Christina Hendricks, Tom Hiddleston en Lucy Liu. It ferhaal giet oer it té nijsgjirrige elfke Zarina, dat yn frijwillige ballingskip út Pixie Hollow giet en har by in groepke seerôvers jout dat oanfierd wurdt troch in jonge kaptein Heak. Tinker Bell and the Pirate Fairy krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy.

Yn Pixie Hollow, it domein fan 'e elfkes op it magyske eilân Neverland, is Zarina in tige skrander en nijsgjirrich elfke mei it talint fan in stofbewarder. Hja besaut har oer de magy fan it elfkestof en is wisberet om alles deroer oan 'e weet te kommen dat hja kin. Om't har fan alle kanten ferteld wurdt dat se net mei elfkestof omgrieme moat mar ynstee gewoan akseptearje moat dat it docht wat it docht, fiert se har eksperiminten yn it geheim út. Dat liedt lykwols nearne ta, oant se wat fan it blauwe elfkestof brûkt, dat bedoeld is om it 'gewoane', giele elfkestof te fermannichfâldigjen. Dêrmei fynt se elfkestof yn ferskillende oare kleuren út, wêrûnder rôze. It rôze elfkestof lit planten omraak groeie, sasear sels dat it de elfkestofmole fernielt. Zarina har baas, Fairy Gary, ûntslacht har dan as meiwurkster op 'e elfkestofmole, en seit har oan dat se op gjin inkele manear ea noch wat mei elfkestof te krijen hawwe mei. Yn fertriet en lulkens pakt Zarina dêrop de resultaten fan har eksperiminten yn en ferlit Pixie Hollow.

In jier letter wurdt yn Pixie Hollow it Feest fan 'e Fjouwer Jiertiden fierd mei optredens fan elfkes fan alle jiertiden. Tinker Bell (in nifel-elfke), sil dêr optrede mei har freondinnen Silvermist (in wetterelfke), Iridessa (in ljochtelfke), Rosetta (in túnelfke), Vidia (in fluchfleanend elfke) en Fawn (in biste-elfke). Ut 'e kûlissen wei sjogge se Zarina efter de rêgen fan it publyk lâns fleanen, dêr't se in frjemde foarm fan elfkestof struit dat papaverblommen groeie lit. As dy iepengeane, falle alle oanwêzige elfkes fan it papaverstomoal yn in djippe sliep. Tinker Bell en har freondinnen binne de iennichsten dy't dêroan ûntkomme, om't se harren ferskûle hawwe op in luchtticht plak. As se letter wer foar it ljocht komme, is Zarina fuort en al it blauwe elfkestof út 'e elfkestofmole ek. Dat betsjut dat de elfkes gjin elfkestof mear oanmeitsje kinne, dat se nedich binne om fleane te kinnen. Tinker Bell-en-dy sette dêrom de efterfolging yn.

Se ûntdekke dat Zarina har by in groep seerôvers jûn hat, dy't fan har harren kaptein makke hawwe. De iennichste fan 'e seerôvers dy't mei har kommunisearje kin, is de skipsjonge, dy't James hjit. As Tinker Bell-en-dy it blauwe elfkestof weromstelle, komt Zarina harren efternei en bestruit harren mei wat frjemd elfkestof dat makket dat harren talinten ferwiksele reitsje. Tinker Bell is no in wetterelfke, Silvermist in fluchfleanend elfke, Iridessa in túnelfke, Rosetta in biste-elfke, Vidia in nifel-elfke en Fawn in ljochtelfke. Om't se net wend binne om mei dy talinten om te gean, knoffelje se earst mar wat om, wat Zarina de kâns jout om wer mei it blauwe elfkestof út te naaien. Wylst Tinker Bell-en-dy in manear sykje om Zarina en har seerôversskip te folgjen, moetsje se in jong krokkediltsje (foar elfkes in reuseftich wêzen) dat krekt út it aai komt en fuortendaliks Rosetta mei har nije bistetalint (ta har ôfgriis) as syn mem beskôget.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Nei't Rosetta oan it frijske krokkediltsje ûntsnapt is, fine Tinker Bell-en-dy it seerôversskip werom, dêr't se temûk oan board geane. Se hearre dêr de skipsjonge James praten oer hoe't de seerôvers Zarina tsjinkamen nei't se fan koerts rekke wiene, en dat se har ta harren kaptein makke hawwe nei't se harren ûnthjitten hie dat se harren skip fleane litte kin. Dat liek de seerôvers nammentlik skoan ta, want mei in fleanend skip kinne se safol plonderje as se wolle sûnder dat se de kâns rinne om tsjinkeard of pakt te wurden. It skip arrivearret by de Skedelrots, dêr't Tinker Bell-en-dy ûntdekke dat it Zarina slagge is om mei har rôze elfkestof yn in grot in eigen elfkestofbeam groeie te litten.

De elfkes besykje fannijs om it blauwe elfkestof werom te stellen, mar wurde finzen nommen as Iridessa de behearsking ferliest oer har nije talint mei planten, en sa harren skûlplak ferriedt. Tinker Bell besiket noch en helje Zarina oer om werom te kearen nei Pixie Hollow, mar Zarina wegeret dat om't dêr nimmen is dy't har ûngewoane talinten mei elfkestof wurdearret. No't de elfkes fêstsitte, brûke de seerôvers it blauwe elfkestof om 'e produksje fan it 'gewoane', giele elfkestof troch de elfkestofbeam te fermannichfâldigjen. Nei't er him derfan bewissige hat dat it elfkestof wurket, set James ûnferwachts Zarina finzen. It docht bliken dat er gjin skipsjonge is, mar de wiere kaptein fan it seerôversskip, en dat er Zarina inkeld brûkt hat om oan it elfkestof te kommen.

Underwilens besykje Tinker Bell-en-dy om 'e nocht út 'e koai dêr't se yn pleatst binne, te ûntkommen. Dat feroaret as it krokkediltsje oan board klimt op 'e syk nei Rosetta, en sûnder swierrichheden de koai iepenbrekt. In seerôver besiket de ûntsnapping foar te kommen, mar wurdt tsjinholden troch it krokkediltsje, dat by it dêropfolgjende gefjocht in wekker trochslokt (wat ferklearret hoe't de folwoeksen krokkedil Tick-Tock út 'e film Peter Pan oan syn namme kaam). De elfkes besykje op 'e nij om it blauwe elfkestof mei te gaudievjen, en it slagget harren diskear op in hier nei. As kaptein James driget om Zarina, dy't finzen sit yn in lantearne fan metaal en glês, yn 'e see te smiten en har ferdrinke te litten, moatte se it lykwols weromjaan. Mar James brekt wurd en smyt Zarina dochs yn 'e see. Hy stoppet it blauwe elfkestof yn 'e bûse, besprinzget it hiele skip mei giel elfkestof en fljocht fuort mei syn skip, wylst Tinker Bell-en-dy de hannen fol hawwe om Zarina te rêden.

As de seerôvers koerts sette nei de Twadde Stjer om harren plondertocht oer de wrâld te begjinnen, helje de elfkes it fleanende skip yn, wêrnei't se harren ferwiksele talinten ynsette om 'e seerôvers te ferslaan. It slagget Zarina hàst om it blauwe elfkestof fan James werom te stellen, mar hy besprinzget himsels mei giel elfkestof sadat er fleane kin, en pakt it har wer ôf. Zarina wit lykwols ien lyts kerltsje blau stof te behâlden, en dat smyt se James ta. As it blauwe en giele elfkestof mei-inoar reägearre, ferliest er de kontrôle oer syn fleanen en wurdt er yn it wylde wei troch de loft skuord oant er by de rest fan 'e seerôvers yn 'e see einiget. James swart wraak, mar wurdt oanfallen troch it krokkediltsje, dat no tikket fanwegen de wekker yn syn mage. Zarina jout it blauwe elfkestof werom oan Tinker Bell-en-dy en wol har dan ôfjaan, mar Tinker Bell hâldt har tsjin en seit dat sy en de oaren der net inkeld op út gien binne om it blauwe elfkestof werom te stellen, mar ek om Zarina oer te heljen werom te kommen nei Pixie Hollow. Mei triennen yn 'e eagen giet Zarina op dy útnûging yn.

Mei syn allen sile Tinker Bell, Zarina en de oaren it fleanende seerôversskip nei Pixie Hollow ta, dêr't de oare elfkes wekker wurde sûnder wat fan alle aksje murken te hawwen. Zarina, dy't op it punt stiet om te ûnthjitten nea wer mei elfkestof omgrieme te sillen, wurdt troch Tinker Bell bepraat om as ûnderdiel fan it Feest fan 'e Fjouwer Jiertiden sjen te litten wat se mei elfkestof dwaan kin. As ûnderdiel fan it optreden krije Tinker Bell en har freondinnen (ta ferromming fan eltsenien) harren oarspronklike talinten wer werom. Mei Zarina fiere se in prachtich optreden út foar it hiele publyk. Neitiid hastigje alle oanwêzigen harren om Zarina te lokwinskjen, en sels it wersjen mei Fairy Gary, dêr't Zarina bot tsjin opseach, falt ta as er har omearmet as wie se syn ferlerne dochter. Yn 'e neisleep fan it optreden wurdt Zarina har wurk mei elfkestof formeel erkend as in nij talint ûnder de namme 'elfkestof-algemy'. Dat betsjut dat Zarina einlings akseptearre wurdt as wa't se wier is.

Yn in koarte bykommende sêne, healwei de ôftiteling fan 'e film, wurdt de yn see omdriuwende James rêden troch Mr. Smee, ien fan 'e bemanningsleden fan it seerôversskip de Jolly Roger. Dêrmei is dúdlik dat James eins de jonge kaptein Heak is.

Mae Whitman.
Christina Hendricks.
Tom Hiddleston.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Tinker Bell Mae Whitman
Zarina Christina Hendricks


byrollen
personaazje akteur/aktrise
(de jonge) kaptein James "Heak" Tom Hiddleston
Silvermist, in wetterelfke Lucy Liu
Iridessa, in ljochtelfke Raven-Symoné
Rosetta, in túnelfke Megan Hilty
Vidia, in fluchfleanend elfke Pamela Adlon
Fawn, in biste-elfke Angela Bartys
Oppenheimer, in seerôver Jim Cummings
Bonito, in seerôver Carlos Ponce
Port, in seerôver Jim Cummings
Starboard, in seerôver Mick Wingert
Yang, in seerôver Kevin Michael Richardson
Bobble, in nifel-elfke Rob Paulsen
Clank, in nifel-elfke Jeff Bennett
presintearjend elfke / Gliss Grey DeLisle
Sweetpea / Sydney Kari Wahlgren
Fairy Gary, in stofbewarder-elfke Jeff Bennett
Fairy Mary, tafersjochhâldster oer alle nifel-elfkes Jane Horrocks
Terence, in stofbewarder-elfke Jesse McCartney
keninginne Clarion, hearskeresse oer Pixie Hollow Anjelica Huston
Mr. Smee, in seerôver fan 'e Jolly Roger Jeff Bennett

Tinker Bell and the Pirate Fairy soe oarspronklik Tinker Bell and the Quest for the Queen hjite. De film waard regissearre troch Peggy Holmes, dy't ek ko-regisseur west hie fan it foargeande diel fan 'e Tinker Bell-filmsearje, Tinker Bell and the Secret of the Wings. Produsinte fan Tinker Bell and the Pirate Fairy wie Jenni Magee-Cook foar de filmstudio's Disneytoon Studios en Prana Studios. John Lasseter fan Disney wie as útfierend produsint by it projekt belutsen. It senario waard skreaun troch Jeffrey M. Howard en Kate Kondell op basis fan it personaazje Tinker Bell, út it boek Peter and Wendy, fan J.M. Barrie.

De filmmuzyk waard fersoarge troch Joel McNeely, dy't datoangeande ek ferantwurdlik west hie foar de eardere dielen fan 'e Tinker Bell-rige. De soundtrack fan Tinker Bell and the Pirate Fairy omfettet it orizjinele liet Who I Am, songen troch Natasha Bedingfield. Ek in oar ferske fan Bedingfield, Weightless, waard yn 'e soundtrack opnommen, mar dat wie al earder troch har útbrocht. It wie oarspronklik de bedoeling dat Weightless inkeld foar de kladferzje fan 'e film brûkt wurde soe, mar it befoel de makkers sa goed, dat regisseur Holmes it foar de úteinlike ferzje behold. In twadde orizjinele liet, The Frigate that Flies, mei in meldij komponearre troch Gaby Alter en tekst fan Alter en Itamar Moses, wurdt yn 'e film as musicalnûmer songen troch de seerôvers.

Tinker Bell and the Pirate Fairy kaam ynternasjonaal yn 'e bioskopen út en hie syn premiêre op 13 febrewaris 2014 yn Denemark. Yn 'e Feriene Steaten wie de film yn mar ien bioskoop te sjen, it El Capitan Theater yn Hollywood, fan 28 febrewaris oant 19 maart 2014. Tinker Bell and the Pirate Fairy soe dêr oarspronklik al yn it neijier fan 2013 te sjen wêze, mar it plak fan 'e film waard ynnommen troch in oare Disneytoon-tekenfilm, Planes, sadat Tinker Bell and the Pirate Fairy opskood wurde moast oant it begjin fan it folgjende jier. Yn it meastepart fan 'e Feriene Steaten waard de film direkt op fideo útbrocht op sawol dvd as blu-ray, wat barde op 1 april 2014. De filmdistribúsje waard berêden troch Walt Disney Studios Home Entertainment.

Tinker Bell and the Pirate Fairy krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie de film in frij heech goedkarringspersintaazje fan 80%, basearre op 20 ûnderskate resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Tinker Bell and the Pirate Fairy in goedkarringspersintaazje fan 51%, basearre op 4 resinsjes.

Tinker Bell and the Pirate Fairy hie yn 'e bioskopen wrâldwiid in opbringst fan $64.942.074.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tinker Bell (filmsearje)
lange films
Tinker Bell (2008) • Tinker Bell and the Lost Treasure (2009) • Tinker Bell and the Great Fairy Rescue (2010) • Tinker Bell and the Secret of the Wings (2012) • Tinker Bell and the Pirate Fairy (2014) • Tinker Bell and the Legend of the NeverBeast (2015)
koarte films
Pixie Hollow Games (2011) • Pixie Hollow Bake Off (2013)