Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Tegelen

Ut Wikipedy
Tegelen
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Limburch
gemeente Fenlo
Sifers
Ynwennertal 15.119 (2022) [1]
Oerflak 8,89 km²
lân: 8,69
wetter: 0,20 km²
Befolkingsticht. 75 ynw./km²
Stêdekloft 174
Oar
Koördinaten 51° 20' N 6° 8' E
Kaart
Tegelen (Limburch)
Tegelen

Tegelen (Tegelsk: Tegele) is in yn Limburchsk doarp dat by de gemeente Fenlo heart. Oant 2001 wie it doarp in selsstannige gemeente. Underdiel fan it doarpsgebiet fan Tegelen is it kleasterdoarp Steyl.

Sûnt de lette stientiid oant yn de earste helte fan de 20e iuw waard der by Tegelen op grutte skaal klaai wûn. By it winnen fan de klaai waarden ferskillende Romeinske ûnen fûn, dêr't dakpannen en potten bakt waarden. Tegelen ûntlient syn namme nei alle gedachten oan it Latynske 'Tegula' (ferlykje: tichel), dat dakpannen betsjut. Dy namme waard al troch de iere midsiuwske bewenners brûkt en komt nei alle gedachten fan de potte- en pannefabriken op it plak. Ut de klaailagen eastlik fan Tegelen waard al iuwenlang klaai wûn foar de keramyske yndustry. Oft 'Tegula' of in dêrmei besibbe namme yn de Romeinske tiid al de namme wie fan de doetiidske delsetting kin net mear mei wissichheid fêststeld wurde.

Fanwegen it grutte tal fossile fynsten yn de klaai fan Tegelen is it geologyske tiidrek Tiglyn nei Tegelen ferneamd, dat in diel fan it Pleistoseen is. Sa'n 2,4 oant 1,8 miljoen jier lyn hearske der in waarm en wiet klimaat. De klaai fan Tegelen, fakentiden meters dik, waard ôfset troch de Ryn. Yn it tiidrek Tiglyn rûn de Maas net by Tegelen lâns, mar mûne dy boppe Aken út yn de Ryn, dy't doe folle westliker streamde as hjoed-de-dei.

Fossilen fan Eucladoceros tegulensis (Teylers Museum)

Njonken planten, fisken en reuzebevers binne der yn de ferskillende ôfgravings fossilen fûn fan û.o. it Grut Tegelske hert (Eucladoceros ctenoides, earder: Eucladoceros tegulensis), it Lyts Tegelske hert (Cervus rhenanus), de Súdlike mammoet (Mammuthus), de Mastodont (Anancus arvernensis), de Etruskyske neushoarn (Stephanorhinus etruscus), de tapir (Tapirus arvernensis), it hynder (Equus stenonis), de hyena (Hyena perrieri), de Etruskyske bear (Ursus etruscus) en de panter (Panthera schreuderi).

Bysûnder is de fynst fan fossilen fan apen (Macaca sylvanus florentina), dy't grutte oerienkomst hiene mei de hjoeddeiske berberapen. Okkerdeis waard ek in fleanend iikhoarntsje ûntdutsen en in soarte fan sliepmûs, dy't tsjintwurdich allinne yn Japan foarkomt.

Sint-Martinustsjerke

De Sint-Martinustsjerke fan Tegelen waard al om it jier 800 yn biskoplike en kleasterargiven neamd. Troch de strategyske lizzing waarden al betiid ferskate kastielen en fersterke pleatsen boud, lykas it kastiel Holtmühle en de Oude Munt. Yn de midsiuwen waarden der yn en om Tegelen geregeld fjildslaggen útfochten en de oanbuorjende fersterke stêd Fenlo wie faak it doel fan dy troepen, dy't dan harren kampen yn Tegelen opsloegen. Yn 'e rin fan de tiid waarden yn Fenlo in kazerne boud en yn Blerick in fort, sadat legers yn de 16e iuw oant de 18e iuw regelmjittich plonderjend troch Tegelen teagen.

Iuwenlang hearde Tegelen by it op it Dútske efterlân oriïntearre hartochdom Gulik, wylst Fenlo by it hartochdom Gelre hearde, dat mear op de Republyk rjochte wie. Foar Fenlo wie Tegelen dus frij letterlik it 'bûtenlân' en oarsom. Dat feit ferklearret ek dat it dialekt fan Tegelen ferskilt mei dat fan Fenlo. It ferklearret ek de tradisjonele rivaliteit tusken de beide plakken. De swarte, liuw op in diels giel fjild is ûntliend oan it wapen fan Gulik.

Nei de Frânske Tiid gie Tegelen definityf oer nei it Keninkryk der Nederlannen. Tegelen ûntjoech him begjin 19e iuw ta in regionaal yndustrysintrum. De tradisjoneel oanwêzige potte- en stien bakkerijen waarden grutte fabriken en letter kamen der staal- en tabaksfabriken by, sûnt 1900 oanfolle mei túnkerij. Sûnt healwei de 18e iuw bloeide de pottebakkerskeunst en dat bleau sa oant de Twadde Wrâldkriich.

Foar de Twadde Wrâldkriich makken in lyts tal fan dy fabrikanten de tsjinst út yn Tegelen. Hja holden it altiten mei inoar en wennen yn de ûnbidich grutte filla's, dy't hjir en dêr noch jimmeroan yn Tegelen steane. Harren arbeiders fertsjinnen net in soad en yn 'e Earste Wrâldkriich woene de fabrikanten dy leanen noch leger ha, want hja soene troch de ekonomyske blokkade fan Dútslân op 'e râne fan in bankrot stean. De arbeiders leine it wurk del en staakten oant de kassen leech wiene. Lang om let moasten hja wer oan it wurk, mar no tsjin in folle leger lean. Letter waard lykwols dúdlik dat der nea sprake west hie fan in driigjende faillisseminten en dat krektoarsom de winste troch de lege leanen ûnbidich heech west hiene.

Alde gemeentehûs

Nei de kriich naam it tal Tegelske fabriken stadichoan ôf. Alle izerjitterijen lykas De Globe, bekend fan putdeksels, ferdwûnen. De klaaiyndustry gie yn ynternasjonale hannen oer en ek mei de stienfabriken wie it dien. De striid tusken Tegelen en Fenlo hold oan mei't Fenlo ek yn 'e jierren 1950 jimmeroan wer besocht om it lytsere Tegelen te anneksearjen. It besoarge de ynwenners in soad argewaasje dat Tegelen oan 'e ein fan de 20e iuw troch Fenlo ek wol Venlo-Zuid neamd waard. Yn 2001 kaam der dochs in gemeentlike weryndieling: Tegelen waard mei Belfeld en Fenlo gearfoege ta de nije gemeente Fenlo. Sûnt ek de eardere gemeente Arcen en Velden fusearre mei de gemeente Fenlo is de tradisjonele rivaliteit tusken de ynwenners fan Tegelen en Fenlo ôfnommen.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Kastiel Holtmühle

In soad fan de histoaryske bebouwing fan Tegelen is nei de Twadde Wrâldkriich ferdwûn. Yn 'e oarloch waard Tegelen net sa slim troffen as Fenlo, dêr't in grut part fan de binnenstêd yn pún lei. Yn it lêst fan de jierren 1960 binne in soad histoaryske gebouwen út de 17e en 18e om de tsjerke hinne ôfbrutsen. Yn 1967 baarnde de lêste wettermûne fan Tegelen ôf.

De Sint-Martinustsjerke is de fjirde tsjerke op it plak. De earste Martinustsjerke waard om it jier 720 hinne stifte. Dielen fan de toer datearje noch fan de tredde tsjerke út 1430.

It 17e-iuwske kastiel Holtmühle wurdt no as hotel brûkt. It oarspronklike kastiel waard yn de 14e iuw boud. Njonken it kastiel binne der ek twa poartehuzen en in tsiendeskuorre.

It kastiel De Munt stamt út 1697 en wurdt sûnt 1875 as kleaster (priorij Nazareth) brûkt troch de Benediktinen fan de Ivige Oanbidding fan it Hillich Sakramint. Fan it oarspronklike Frankyske kastiel út de iere midsiuwen is neat oerbleaun.

Fan it yndustriële erfgoed is it Kranenbreukershuis bewarre bleaun, in oarspronklik yn 1766 as herberch boude pottebakkersfabryk.

De Fredeskapel (Bakenbosweg) waard nei de Twadde Wrâldkriich boud as ynlossing fan in ûnthjit fan de bewenners om in kapel te bouwen as hja sûnder lijen de oarloch oerlibje soene.

Steyl, Hillich Hertkleaster

Dêrnjonken binne der ferskillende kleasters en fabrikantenfilla's yn it kleasterdoarp Steyl:

Oan de Maas stiet it yn 1875 stifte kleaster fan de missykongregaasje Societas Verbi Divini (SVD), yn 'e regel oantsjut as de Missionarissen fan Steyl. It neogoatyske kompleks bestiet út it Sint-Michaelkleaster en in grutte kleastertsjerke mei in ûnder- en boppetsjerke. Oare kleasters yn Steyl binne it Hillich Hertkleaster en it Hillige Geastkleaster. De út de 18e iuw datearjende Villa Moubis waard yn 1876 troch nonnen út Münster oankocht en ferboud ta it Sint-Joazefkleaster. De lêste susters wennen dêr oant 1994 en dêrnei waard it kleaster ferboud ta apparteminten.

Yn de wyk Op de Heide eastlik yn it doarpsgebiet fan Tegelen leit oan de Dútske grins it grutte trappistenkompleks Abdij Ulingsheide.

  • Keramiekcentrum Tiendschuur Tegelen mei in samling fan it Tegelske klaaiwurk sûnt de Romeinske tiid en wikseljende útstallings en eksposysjes.
  • Missymuseum Steyl mei in folkekundige en natuer-histoaryske samling út lannen dêr't de missionarissen wurkje. Sûnt 1931 is it museum wat styl en yndieling oanbelanget net feroare.
  • Limburgs Schutterij Museum
  • De Jochumhof is in botanyske tún, werfan't de âldste dielen út 1799 datearje.

Tegelen leit oan de Maas op in hichte fan likernôch 18 meter. Nei it easten ta rint de hichte fan it doarp oant hast 50 meter op. Dêr binne ek de klaaiôfgravings en it natoergebiet Holtmühle, dat yn Dútslân oanslút op it natoergebiet Ravensheide en it Brachterwald. Eastlik fan it doarp lizze de boarnen fan de Wijlderbeek, de Wittebeek en de Molenbeek. Noardlik leit de Onderste en Bovenste Molen en it natoergebiet Jammerdaalse Heide.

De horeka hat altiten in wichtige rol spile yn it ferieningslibben fan Tegelen. Sa hie Tegelen oan it begjin fan de 20e iuw wol 130 kafee's. In soad dêrfan wiene net grutter as in hûskeamer, mei fral in funksje foar de oanbuorjende bewenners.

Sûnt 1931 wurde Tegelen de passyspullen organisearre, dy't sûnt 1975 ienris yn 'e fiif jier holden wurde yn it iepenloftteäter De Doolhof. Yn 2000 besochten 60.000 minsken de passyspullen.

It doarp hat meardere karnavalsferienings.

Alle jierren wurdt op de earste sneon fan septimber it Bluesrock Festival yn it Iepenloftteäter De Doolhof holden.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Tegelen (ferzje 4 april 2023)