Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Rocky (filmsearje)

Ut Wikipedy
Rocky
betinker Sylvester Stallone
eigner United Artists
Metro-Goldwyn-Mayer
lân Feriene Steaten
begjinjier 1976
films
langspylfilms Rocky
Rocky II
Rocky III
Rocky IV
Rocky V
Rocky Balboa
Creed
Creed II

Rocky is in súksesfolle Amerikaanske filmsearje dy't yn 1976 úteinsette mei de film Rocky. Dat wie in sportfilm wêryn't it personaazje fan Rocky Balboa yntrodusearre wurdt, in goedhertige bokser út in folksbuert yn Philadelphia, dy't nea folle ûnderwiis genoaten hat. Yn 'e earste film kriget er ûnferwachts de kâns om as bokser troch te brekken, en yn 'e folgjende fiif films fan 'e searje wurdt syn karriêre troch de jierren hinne folge. De sânde en achtste films geane oer Adonis Creed, de soan fan Rocky syn ferstoarne rivaal Apollo Creed, dy't as bokser traind wurdt troch de tsjin dy tiid pinsjonearre Rocky.

Akteur Sylvester Stallone, dy't de rol fan Rocky Balboa spile, wie de betinker fan 'e rige. Hy wie ek de skriuwer of ien fan 'e skriuwers fan alle senario's fan 'e films út 'e searje, útsein Creed. Dêrnjonken regissearre er ek noch de twadde, trêde, fjirde en sechde film út 'e rige. As filmsearje hat Rocky anno 2020 wrâldwiid mear as $1,4 miljard opbrocht yn 'e bioskopen. De earste film wûn trije Oscars (wêrûnder dy foar bêste film) en waard nominearre foar nochris sân oaren; de trêde film en Creed waarden elts nominearre foar ien Oscar.

De Wikipedy hat ek in side Rocky (film út 1976).

De earste film fan 'e searje, Rocky, yntrodusearret de dan tritichjierrige Rocky Balboa (Sylvester Stallone), in goedhertige man út in folksbuert fan Philadelphia dy't yn earmoede libbet en himsels bedript troch jild te ynjen fan lju dy't liend hawwe fan 'e pleatslike woekerder Gazzo (Joe Spinell). Ut leafhawwerij en om wat by te fertsjinjen, bokst er út en troch noch wat, mar hy hat de hoop al lang opjûn om it yn dy sport te meitsjen. Underwilens stiket er nei de pynlik bleue Adrian (Talia Shire), de suster fan syn alkoholistyske maat Paulie (Burt Young). Troch in protte lju yn syn om-en-by wurdt oan Rocky hieltyd op 'e nij ferteld dat er in liddichgonger is en neat foarstelt.

As de tsjinstanner fan wrâldkampioen boksen Apollo Creed (Carl Weathers) by in gefjocht dêr't al frijwat marketing foar dien is, útfalt troch in blessuere, beslút Creed dat it gefjocht dochs trochgean moat. Hy kiest dan op willekeurige basis in nije tsjinstanner út, en de kar falt op Rocky. Dy kriget dêrmei de kâns om te bewizen (fral oan himsels) dat er gjin liddichgonger is en wól wat foarstelt. Mei de help fan 'e âlde bokstrainer Mickey Goldmill (Burgess Meredith) en de stipe fan Adrian beslút Rocky om foar syn selsrespekt te fjochtsjen.

Rocky waard regissearre troch John G. Avildsen nei in senario dat Stallone sels skreaun hie. De film gie op 21 novimber 1976 yn premiêre en brocht $225 miljoen op tsjin in budget fan $1 miljoen. Yn 1977 waard Rocky nominearre foar tsien Oscars. Dêrfan wûn de film de Oscar foar bêste film en de prizen yn 'e kategoryen bêste regisseur en bêste filmmontaazje. Stallone waard nominearre foar sawol de priis foar bêste akteur as foar bêste orizjinele senario. Rocky wûn datselde jiers ek de Golden Globe foar bêste dramafilm.

De Wikipedy hat ek in side Rocky II.

Yn it ferfolch Rocky II trout Rocky Balboa (Sylvester Stallone) mei Adrian (Talia Shire). Nei't er súksesfol stânholden hat yn it gefjocht tsjin Creed (Carl Weathers), sels al hat de sjuery de oerwinning úteinlik oan Creed taparte, ferwachtet er dat er foargoed út 'e soargen is. Dat blykt lykwols in misrekken. Ferskate nije baantsjes lizze him net, en sponsors litte him links lizze. Underwilens leit Creed ûnder fjoer fan syn fans fanwegen syn swakke prestaasje yn it gefjocht tsjin Rocky. Hoewol't Rocky eins gjin sin hat om it nochris tsjin him op te nimmen, ferget Creed him der yn it iepenbier sa op, dat er úteinlik tajout. Op 'e nij lit Rocky him traine troch de âlde Micky (Burgess Meredith). Nei in útputtend gefjocht slacht Rocky Creed yn 'e fyftjinde omgong del, wêrby't er sels ek omfalt. Beide boksers wrakselje om wer oerein te kommen, mar dat slagget inkeld Rocky. Dêrmei wurdt er wrâldkampioen yn 'e swiergewichtklasse.

Rocky II waard regissearre troch Stallone nei in senario fan himsels. De film gie op 15 juny 1979 yn premiêre. Hoewol't Rocky II súksesfol wie, helle de film it net by syn foargonger. Hy brocht goed $200 miljoen yn 't laadsje en wûn ferskate mindere filmprizen.

De Wikipedy hat ek in side Rocky III.

Nei't er kampioen wurden is, libbet Rocky Balboa (Sylvester Stallone) yn Rocky III it goede libben yn syn nije rykdom. Hy genietet fan syn status as bekendheid en wurket mei oan ferskate reklamespotsjes en tillefyzjeprogramma's. As er syn titel ferskate kearen súksesfol ferdigene hat, is er sa stadichoan ree om syn bokswanten oan 'e wylgen te hingjen. In nije, jonge bokser, Clubber Lang (Mr. T) daget him lykwols yn it iepenbier út op in manear dy't er net negearje kin. Rocky giet akkoart mei in nij gefjocht, mar krekt foartiid kriget syn trainer Mickey in hertoanfal. Yn it gefjocht wurdt Rocky, dy't de kop der net goed by hat, oerweldige troch Lang en yn 'e twadde omgong knock-out slein. As Mickey nei it gefjocht komt te ferstjerren, biedt Rocky syn âlde rivaal Apollo Creed (Carl Weathers) oan om syn trainer te wurden. Hy leart Rocky om minder op brute krêft te fertrouwen en mear op slûchslimmens en ûnderfining. By it revânsgefjocht wurdt Rocky sadwaande de sterkere Lang oermânsk, slacht him yn 'e trêde omgong knock-out en wint syn titel werom.

Rocky III waard op 'e nij regissearre troch Stallone nei in senario fan himsels. De film gie op 28 maaie 1982 yn premiêre, en fêstige de karriêre fan Mr. T as akteur. De film brocht $270 miljoen op en waard nominearre foar in Oscar, in Golden Globe en in BAFTA Award, allegear yn 'e kategory bêste orizjinele liet (Eye of the Tiger).

De Wikipedy hat ek in side Rocky IV.

Yn Rocky IV libbet Rocky Balboa (Sylvester Stallone) nei it weromwinnen fan syn titel wer it goede libben mei syn frou Adrian (Talia Shire). Syn eardere rivaal Apollo Creed (Carl Weathers) is no ien fan syn bêste freonen. In nije bokser út 'e Sovjet-Uny, Ivan Drago (Dolph Lundgren) daget Rocky út, mar dy wegeret om dêr op yn te gean. Creed lit him lykwols al ferliede ta in gefjocht mei Drago, en Rocky kin it him net ûntprate. Troch it pak op 'e hûd dat Drago him jout, komt Creed yn Rocky syn earms yn 'e boksring te ferstjerren, wylst Drago mei minachting tasjocht. Om syn freon te wreekjen, daget Rocky Drago dan út ta in gefjocht, wêrfoar't er traint mei help fan Creed syn âlde trainer Tony "Duke" Evers (Tony Burton), syn sweager Paulie (Burt Young) en Adrian. Under it gefjocht, dat plakfynt yn Moskou, kriget Rocky it slimste wan bruien fan syn libben, mar hy wegeret op te jaan en kriget úteinlik it Russyske publyk op syn hân troch syn moed en wisberettens. Yn 'e lêste omgong slacht er Drago op it lêste momint noch knock-out.

Ek Rocky IV waard wer regissearre troch Stallone nei in senario fan himsels. De film gie op 27 novimber 1985 yn premiêre. Hy brocht goed $300 miljoen op tsjin in budget fan $28 miljoen.

De Wikipedy hat ek in side Rocky V.

Yn Rocky V wurdt der by Rocky Balboa (Sylvester Stallone) yn 'e neisleep fan it gefjocht mei Drago harsensletsel fêststeld, mei as gefolch dat er syn karriêre as bokser beëinigje moat. Krekt dan rekket er syn hiele fermogen kwyt troch tadwaan fan in fraudearjende boekhâlder. Sadwaande keart er mei syn frou Adrian (Talia Shire) en harren soan Robert (Sage Stallone) werom nei syn âlde buert. Dêr weriepenet Rocky de âlde sportskoalle fan syn eardere trainer Mickey, wylst Robert te lijen hat ûnder narjen op skoalle. Yn 'e sportskoalle ûntdekt Rocky de talintfolle jonge bokser Tommy Gunn (Tommy Morrison), dy't er begjint te trainen. As er mear oandacht oan Gunn as oan syn gesin besteget, liedt dat ta in spande relaasje mei syn soan. Nei in pear iere súksessen wurdt Gunn lykwols 'fuortkaapt' troch de lûsje bokspromoater George Washington Duke (Richard Grant). Nei't er it kampioenskip wûn hat, wurdt Gunn troch it publyk útgeid, dat him taropt dat er "gjin Rocky Balboa" is. Dat bringt Gunn ta razernij, dat hy siket Rocky op en daget him út. Rocky lit him net útlokje, mar as Gunn syn sweager Paulie (Burt Young) in terwinkel jout, komt er tuskenbeiden. Yn in gewelddiedige slaanderij op 'e strjitte jout er Gunn in pak op 'e hûd. Neitiid fermoedsoenet er him mei syn soan Robert

Rocky V waard regissearre troch John G. Avildsen, dy't ek ferantwurdlik wie foar de rezjy fan 'e earste Rocky-film. Hy wurke op basis fan in senario fan Sylvester Stallone. De film brocht krapoan $120 miljoen op tsjin in budget fan $42 miljoen. Filmkritisy beskôgen Rocky V as it swakste diel fan 'e searje, en ek de opkomst yn 'e bioskopen foel ôf.

De Wikipedy hat ek in side Rocky Balboa (film).

Yn Rocky Balboa binne der sechstjin jier foarbygien sûnt it ynsidint mei Tommy Gunn. De no hast sechstichjierrige Rocky Balboa (Sylvester Stallone) is widner en hat net folle kontakt mear mei syn soan Robert (Milo Ventimiglia). Syn sweager Paulie (Burt Young) wurket wer yn it slachthûs, wylst Rocky in restaurant iepene hat dat er nei syn frou silger ferneamd hat. Dêr fertelt er de gasten oer syn hichtepunten as bokser, wêrfan't er oantinkens oan 'e muorre hongen hat. Oan syn rêstich fuortskolferjende bestean komt in ein as de sportstjoerder ESPN in kompjûtersimulearre gefjocht útstjoerd tusken him as jonge bokser en de hjoeddeistige kampioen Mason Dixon (Antonio Tarver). Rocky ûntdekt dat er noch wol in kear fjochtsje wol, en mei't er net folle te ferliezen hat, beslút er ta te happen as him dêrta in oanbod dien wurdt. Eltsenien mient dat er himsels foar gek sette sil, mar hy wint op in hier nei en ferliest úteinlik troch in net-unanime útspraak fan 'e sjuery, krekt as yn 'e earste film. Neitiid besiket er it grêf fan syn frou om har te fertellen dat er it dochs noch mar ris lapt hat.

Rocky Balboa waard wer regissearre troch Stallone nei in senario fan himsels. De film brocht $155 miljoen op tsjin in budget fan $24 miljoen. Dêrmei died er it better as ferwachte, en ek de resinsjes fan 'e filmkritisy wiene oer it algemien posityf.

De Wikipedy hat ek in side Creed (film).

Yn Creed wurdt Rocky Balboa (Sylvester Stallone) troch Adonis "Donnie" Johnson (Michael B. Jordan), de oerwûne soan fan syn âlde freon Apollo Creed, frege om syn trainer te wurden. Rocky fielt dêr earst neat foar, mar stimt úteinlik ta. As harren gearwurking buorkundich rekket, beslute de managers fan Ricky Conlan (Tony Bellew), de wrâldkampioen yn 'e lichtgewichtklasse dy't syn titel net behâlde kin om't er in finzenisstraf útsitte moat, om fan Donnie de lêste útdager fan Conlan te meitsjen. Betingst dêrfoar is wol dat er omreden fan bettere marketing syn namme feroarje moat yn Adonis Creed. Donnie, dy't syn eigen karriêre opbouwe wol sûnder syn heite reputaasje as opstapke te brûken, wol dat earst net, mar jout úteinlik ta. Wylst er Donnie traint, ûntdekt Rocky dat er sels in foarm fan kanker hat. Hy wol gjin gemoterapy ûndergean, om't dat syn frou Adrian ek net holpen hat doe't se aaistôkkanker hie, mar Donnie bepraat him om it dochs te dwaan. By it gefjocht, dat plakfynt yn Conlan syn wenplak , ferrast Donnie freon en fijân troch fyftjin omgongen oerein te bliuwen en Conlan suver oermânsk te wurden. De sjuery jout úteinlik de oerwinning oan Conlan, mar Donnie hat it respekt fan alle oanwêzigen wûn, en Conlan omskriuwt him as de takomst fan it lichtgewichtboksen.

Creed waard regissearre troch Ryan Coogler nei in senario fan himsels en Aaron Covington. De film brocht krapoan $174 miljoen op tsjin in budget fan $35 oant 40 miljoen. Creed waard rûnom priizge troch de filmkritisy, dy't it beskôgen as de bêste film fan 'e Rocky-searje op 'e earste nei. Sylvester Stallone wûn mei syn rol yn 'e film de Golden Globe yn 'e kategory bêste byrol fan in akteur yn in dramafilm, en waard ek nominearre foar in Oscar foar bêste byrol fan in akteur.

De Wikipedy hat ek in side Creed II.

Creed II spilet trije jier nei't Adonis Creed (Michael B. Jordan) syn gefjocht tsjin Ricky Conlan ferlear. De film iepenet as er it wrâldkampioenskip yn 'e swiergewichtklasse wint en syn faam Bianca Taylor (Tessa Thompson) freget om mei him te trouwen. Underwilens is yn Ruslân, tritich jier nei de dea fan Apollo Creed en syn eigen ferlies yn it gefjocht tsjin Rocky Balboa, Ivan Drago (Dolph Lundgren) syn soan Viktor (Florian Munteanu) oan it trainen. It is syn doel om troch syn soan it respekt werom te winnen fan al syn iere oanhingers dy't him yn 'e steek litten hawwe nei it gefjocht mei Rocky, lykas syn eks-frou Ludmilla (Brigitte Nielsen). Viktor daget Adonis út ta in gefjocht en dy giet dêrop yn. Adonis freget Rocky (Sylvester Stallone) om him te trainen, mar dy is bang dat it mei him krekt sa einigje sil as mei syn heit, en wegeret.

Adonis rekket yndie slim ferwûne by it gefjocht, mar hy behâldt syn titel om't Viktor diskwalifisearre wurdt. Foar Ivan is it gefjocht in súkses, want Ludmilla en alle oaren sjogge him ynienen wer stean. Viktor easket revâns, en Adonis stimt ta. Rocky en Little Duke Evers (Wood Harris) traine Adonis sa goed, dat er by it folgjende gefjocht Viktor syn hurde slaggen ynkassearje kin. Dêrmei put er him sa út, dat er op 't lêst neat mear oer hat. Dan slacht Adonis ta. Viktor giet twaris del, mar wegeret lizzen te bliuwen, ek al kin er himsels net mear ferdigenje. Syn mem Ludmilla en alle oanhingers keare harren wer fan him ôf, mar Ivan Drago beseft dan dat syn soan mear foar him betsjut as de oerwinning en smyt de handoek yn 'e ring, wat betsjut dat er it gefjocht opjout. Rocky fermoedsoenet him mei syn soan Robert en moetet foar it earst syn pakesizzer, wylst Adonis en Bianca mei harren nij berne poppe it grêf fan syn heit besykje.

Creed II waard regissearre troch Steven Caple jr. nei in senario fan Juel Taylor en Sylvester Stallone. De film brocht goed $214 miljoen op tsjin in budget fan $50 miljoen. De filmkritisy wiene oer it algemien posityf oer Creed II, mar de film wûn gjin wichtige filmprizen.

Anno 2020 binne der fiergeande plannen foar Creed III, wêryn't Adonis Creed it opnimme moat tsjin 'e soan fan Clubber Lang.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Rocky (filmsearje)
Rocky (1976) • Rocky II (1979) • Rocky III (1982) • Rocky IV (1985) • Rocky V (1990) • Rocky Balboa (2006) • Creed (2015) • Creed II (2018)