Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Quentovic

Ut Wikipedy
Utwreiding fan it Frankyske Ryk fan 481 oant 814
Wichtige hannelsrûtes
Denaarje fan Pepyn de Koarte út 754 en 768 út Quentovic

Quentovic (foarme út Quentia en vicus) wie de wichtichste hannelstêd en haven yn de Iere Midsiuwen yn it noarden fan Frankryk. It wie fan de sânde oant de njoggende iuw njonken Doarestêd ien fan de wichtichste Frankyske seehavens yn it noarden. Yn de stêd waarden munten slein. Quentovic wie in wichtich tuskenstop fan pylgers út Ingelân ûnderweis nei Rome. De stêd lei op it gebiet fan de gemeente La Calotterie yn it departemint Pas-de-Calais.

De plaknamme betsjut "Delsetting oan de Canche". De Canche (Latyn: Quentia) is in lytse rivier mei in grutte mûning, sa'n 29 km besuden Boulogne-sur-Mer. Quentovic waard foar it earst neamd yn in oarkonde fan kening Dagobert I. Hannelers, dy't yn Quentovic delstrutsen wiene benammen Franken, Angelsaksen en Friezen. Skiedkundigen hawwe foar in lange tiid leaud, dat Quentovic nei it plonderjen troch Wytsingen yn 842 ferlitten waard. Troch ûntdekking fan de muntskatten yn Fécamp spruts dy teory tsjin en toande oan dat Quentovic oant yn de earste helte fan de tsiende iuw as muntstêd fierder bestie. In ferklearring foar it lettere ferdwinen fan de stêd koe de fersâning fan de riviermûning fan de Canche wêze. It is ek mooglik dat troch it waaksen fan Montreuil de ûndergong fan Quentovic ferhastige hat.

Der is lang nei de ferdwûne stêd socht. Ferskate plakken wurde as it pal dêr't Quentovic lein hat foarsteld. Yn 1985 stelden argeologen de teory foar, dat Quentovic flakby Montreuil lei. Ofgravings hawwe oantoand dat der keramyk-, tekstyl-, glês- en metaalferwurking, as ek bonke- en geweibewurking plakfûn op it plak tusken de sânde en alfde iuw.

Yn 2009 waarden by opgravings oan de Chemin de Vismarais yn La Calotta op in oerflak fan in oardel bunder tûsen struktueren út de Lette Midsiuwen ûntdutsen. Ek waarden der 30.000 resten fan sûchbisten fûn, dêr't men de konklúzje lutsen hat oer de ytgewoanten fan de befolking. Hja ieten in soad kowe- en bargefleis. Der wie lykwols net in soad fisk fûn. Mei it bytsje resten fisk dat fûn waard, giet it banammen om fisk, dy't oan de kust of de riviermûning fongen waard.

It "Argeologyske Museum Quentovic" yn Etaples behannelet de skiednis fan de riviermûning fan de Canche fan prehistoarje oant de Lette Midsiuwen.

  • Stéphane Lebecq, Bruno Béthouart & Laurent Versype: Quentovic. Environnement, archéologie, histoire 2006. ISBN 978-2-84467-123-3

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen, noaten en oare literatuer, sjoch ûnder Einzelnachweise op dizze side