Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Philip, hartoch fan Edinburgh

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Philip Mountbatten)
prins Philip, hartoch fan Edinburgh
aadlik persoan en/of hearsker
Prins Philip yn 1992
Prins Philip yn 1992
echte namme Philip Mountbatten
nasjonaliteit Britsk
bertedatum 10 juny 1921
berteplak Korfû (Keninkryk Grikelân)
stjerdatum 9 april 2021
stjerplak Windsor (Ingelân)
dynasty Hûs Sleeswyk-Holstein-Sonderburg-Glücksburg
Mountbatten
etnisiteit Gryksk
Deensk
Dútsk
Ingelsk
Skotsk
Russysk
Prins-gemaal
amtsperioade 1952-2021
foargonger Elizabeth Bowes-Lyon
opfolger Camilla Parker Bowles
Hartoch fan Edinburgh
amtsperioade 1947-2021
foargonger gjint
opfolger Charles III
It wapen fan prins Philip

Prins Philip, hartoch fan Edinburgh (Korfû, 10 juny 1921 - Windsor, 9 juny 2021, berne as prins Fílippos fan Grikelân en Denemark wie fan 1947 ôf oant syn ferstjerren de man fan keninginne Elizabeth II fan it Feriene Keninkryk. Hy waard berne yn de Grykske en Deenske keninklike famyljes. Hy waard berne yn Grikelân, mar doe't er 18 moanne âld wie, moast syn famylje út Grikelân wei flechtsje. Sûnt de dei fan syn houlik wie er hartoch fan Edinburgh, baron fan Greenwich en greve fan Merioneth. Yn 1957 waard er ek Prins fan it Feriene Keninkryk. Ofstammelingen fan Philip en Elizabeth, dy't gjin keninklike titels holden, holden de efternamme Mountbatten-Windsor oan.

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De filla Mon Repos op Korfû dêr't Philip berne waard
De HMS Valiant, dêr't Philip op tsjinne hie yn de slach yn de Middellânske See

Philip waard berne as Fílippos (Gryksk: Φίλιππος) fan Grikelân en Denemark (Gryksk: Πρίγκιπας Φίλιππος της Ελλάδος και Δανίας), soan fan prins Andreas fan Grikelân en prinsesse Alice fan Battenberg yn de filla Mon Repos op it eilân Korfû. Hy wie de jongste fan fiif bern en de iennige jonge. Syn âldere susters wiene Margaretha, Theodora, Cecilia en Sophia, dy't as jongste fan de susters sân jier âlder as Philip wie. As lid fan it Hûs fan Sleeswyk-Holstein-Sonderberg-Glücksburg wie er prins fan Denemark en Grikelân allyk. Syn pake fan heitekant, George I fan Grikelân, wie de soan fan kening Kristiaan IX fan Denemark.

De skoalle Gordonstoun yn Skotlân dêr't Philip studearre hie

Trije moanne nei't Philip berne waard, ferstoar syn pake oan memmekant, Loadewyk fan Battenberg, dy't yn 1917 syn famyljenamme feroare hie yn Mountbatten, in feringelske foarm fan Battenberg, om reden fan it antydútske sentimint dat doe geande wie yn Ingelân. Syn dochter Alice, Philip syn mem, hie de namme lykwols noch net feroare om't hja doe yn Grikelân wenne. Alice en de lytse Philip reizgen nei Londen foar de begraffenis, wylst prins Andreas yn Grikelân bleau, om't de Gryksk-Turkske Kriich yn folle gong wie. Dy kriich rûn net goed ôf foar de Griken en op 22 septimber 1922 waard Philip syn omke, kening Konstantyn I twongen ôfstân fan de troan te dwaan. It nije militêre bewâld arrestearre de keninklike famylje, wêrûnder prins Andreas. Yn desimber waard prins Andreas ferballe, en ferhuze er mei syn famylje nei Frankryk, dêr't se yn in hûs wenje mochten dy't ta beskikking steld waard troch Philip syn muoike Marie Bonaparte, de frou fan syn omke George. Om't er sa jong syn heitelân ferliet, spruts er lykwols gjin Gryksk. Yn in ynterview yn 1962 sei er dat er it foar in part begriep, mar dat er him eartiids Skandinaavjer, benammen Deensk, fielde. Syn famylje spruts yn syn jongerein Ingelsk, Frânsk en Dútsk.

Hy waard ynearsten nei de Amerikaanske skoalle yn Parys stjoerd, mar waard yn 1928 nei it Feriene Keninkryk stjoerd en gean dêr nei skoalle. Hy útfanhuze by syn beppe Victoria Mountbatten op it Kensington-paleis en by syn omke George Mountbatten op Lynden Manor yn Bray. Yn de trije folgjende jierren trouden al syn fjouwer susters mei Dútske prinsen. By syn mem Alice waard skizofreny fêststeld en hja moast tenei yn in ynrjochting ferbliuwe. Syn heit Andreas fêstige him yn Monte Carlo. Fierders hie Philip yn syn bernetiid net folle kontakt mei syn mem. Yn 1933 waard er nei Dútslân stjoerd nei de skoalle Schule Schloss Salem dy't fan syn sweager Berthold fan Baden wie. De oprjochter fan dy skoalle, Kurt Hahn, flechte nei it opkommen fan it nazisme út Dútslân wei en fêstige him yn Skotlân dêr't er de skoalle Gordonstoun stifte, dêr't Philip nei twa trimesters ek hinne gie. Yn 1937 kamen syn suster Cecilia, dy't swier wie, har man, twa bern en skoanmem om it libben by in fleantúchûngemak by Oostende yn Belgje. De doe sechttjinjierrige Philip gie nei harren begraffenis yn Darmstadt ta. Nei't er ôfstudearre hie, gie er nei Dartmouth en folgje in oplieding by de Britske marine. Yn de Twadde Wrâldkriich tsjinne er yn de Britske marine, wylst syn sweagers Berthold en Kristoffel yn it Dútske leger tsjinnen. Philip rekke belutsen by ûnder oaren de lâning op Kreta.

Prins Philip en prinsesse Elizabeth op besite yn Kanada mei minister-presidint Louis Saint-Laurent.
It kroaningsportret fan keninginne Elizabeth II en de hartoch fan Edinburgh yn 1953

Yn 1939 makken kening George VI en keninginne Elizabeth in besite oan Dartmouth. By de besite fregen de keninginne en Louis Mountbatten oan Philip de prinsessen Elizabeth en Margaret rûn te lieden. Elizabeth en Philip wiene yn de fierte oaninoar besibbe; hja wiene beide neikommelingen fan keninginne Fiktoaria. Philip is in oerbeppesizzer fan Fiktoaria har dochter, prinsesse Alice, en Elizabeth is in oerpakesizzer fan Fiktoaria har âldste soan, kening Edward VII. Der wie noch in oare famyljebân oer kening Kristiaan IX fan Denemark, dy't de oerpake fan Philip wie en de oeroerpake fan Elizabeth. Hoewol't Elizabeth noch trettjin jier âld wie, rekke se fereale op Philip en begûn se brieven mei him te skriuwen. Yn de simmer fan 1946 frege Philip oan kening George IV de hân fan syn dochter, dy't it fersyk goedkarde op betingst dat de ferloving offisjeel wurde soe yn april 1947 doe't Elizabeth 21 jier âld wêze soe.

Yn 1947 die er ôfstân fan syn Grykske en Deenske titels en waard er Britsk steatsboarger. Hy naam de famyljenamme Mountbatten oan, dy't syn omkes George en Louis en syn muoike Louise al sûnt 1917 oannommen hiene. Op 10 july 1947 waard de ferloving buorkundich makke. Hja boasken op 20 novimber fan dat jier yn de Abdij fan Westminster en doe waard Philip in Britske "Keninklike Heechheid", hartoch fan Edinburgh, greve fan Merioneth en baron fan Greenwich. Om't de Twadde Wrâldkriich noch mar twa jier dien wie, waarden syn trije susters, dy't yn Dútslân wennen, net útnûge foar de brulloft. Nei harren brulloft sette se harren ta wenjen yn it Clarence House.

Nei harren houliksreis sette Philip syn rinbaan by de marine fuort en waard er yn 1949 op Malta stasjonearre. Yn 1951 waarden hy en Elizabeth troch it Privy Council hjitten nei kanada te reizgjen om kening George IV te ferfangen, om't dy syn sûnens efterút oan it buorkjen wie. Yn ier 1952 setten se útein mei in offisjele reis troch it Britske Mienebest. Doe't se yn Kenia wiene, krigen se op 6 febrewaris 1952 it berjocht dat de kening ferstoarn wie. Hja kearden fuortendaliks werom nei Ingelân.

Hja krigen fjouwer bern:

Mei de keninginne yn Cambridge (Nij-Seelân) yn 1954

Nei't Elizabeth keninginne waard, kaam de nammekwestje wer op it aljemint. It wie ornaris it gebrûk yn it Feriene Keninkryk dat de namme fan de man oannommen wurdt. Nei de dea fan keninginne Fiktoaria wie dat ek it gefal doe't kening Edward VII de namme fan syn heit Saksen-Coburg-Gotha, it lettere Hûs Windsor, oannaam. Lord Mountbatten woe graach de namme Hûs Mountbatten ynfiere, wylst Philip sels it Hûs Edinburgh foarstelde, dus nei syn hartochlike titel. Doe't keninginne Mary, de beppe fan Elizabeth, dêroer hearde, liet se it dat yn lilkens oan minister-presidint Winston Churchill witte, dy't de keninginne witte liet dat de dynasty it Hûs Windsor bliuwe moast. Philip wie dêr alhiel net wiis mei en klage dat er de iennige man yn it lân wie dat er syn bern syn namme net jaan koe, wylst er sels de namme fan syn mem oannommen hie. Yn 1960 doe't keninginne Mary al in stikmannich jierren dêrfoar ferstoarn wie, en Churchill gjin premier mear wie, besleat Elizabeth, justjes foar de berte fan harren twadde soan Andrew, dat allinnich de troanopfolger de namme Windsor drage soe, en harren oare bern en ôfstammelings de namme Mountbatten-Windsor.

Op besite by de Universiteit fan Salford yn 1967

Fan 1956 oant 1957 reizge Philip, sûnder syn frou, oer de wrâld hinne op de Britannia en iepene yn 1956 de Olympyske Spullen yn Melbourne. Hy reizge ek nei Antarktika en waard dêrmei de earste keninklike dy't yn de Súdpoalsirkel wie. Op 22 febrewaris 1957 krige er de titel Britske prins en waard fan doe ôf "Syn Keninklike Heechheid Prins Philip, hartoch fan Edinburgh".

Syn omke Louis Mountbatten kaam yn 1979 om it libben by in terreuroanslach fan de IRA. Nei't syn soan Charles yn 1980 in relaasje oangie mei Lady Diana Spencer, trúnde Philip derop oan dat er har freegje soe om him te boaskjen of de relaasje te beëinigjen. Charles tocht dat er ûnder druk fan syn heit stie, en dus frege er Diana him te boaskjen. Charles en Diana krigen twa soannen, mar it houlik rûn al rillegau yn it neigean. Yn 1992 giene se útinoar en yn 1996 skaten se offisjeel. In jier letter kaam Diana om it libben by in auto-ûngemak yn Parys, tagelyk mei har doetiidske freon Dodi Fayed. Dodi syn heit Mohamed Fayed beskuldige prins Philip derfan dat er efter it ûngemak sitte soe en opdracht jûn hie foar in moard op Diana. Nei in wiidweidich justysjeel ûndersyk waard yn 2008 ta einbeslút oerienkaam dat Philip net foar Diana har dea ferantwurdlik wie.

Fuortendaliks nei it ferstjerren fan Diana, holden Philip en keninginne Elizabeth Diana har twa soannen, William en Harry, bûten it publike each, sa't se in privee rouwe koene. De keninklike famylje hold him ynearsten ek ôfsûnderlik, ta alteraasje fan it publyk. Dat feroare doe't keninginne Elizabeth fiif dagen letter in streekrjochte taspraak op tillefyzje hold. William en Harry wiene ynearsten net wis dat se efter Diana har kiste rinne woene yn de begraffenisstaasje. Philip sei tsjin William: "Ast it net dochst, dan silst der skielk faaks spyt fan krije. As ik rin, wolst dan mei my meirinne?" Yn de begraffenisstaasje rûnen Philip, Charles, William, Harry en Diana har broer Charles Spencer efter de auto mei de kiste oan.

Prins Philip yn Berlyn yn 2015

Op 2 augustus 2017 hold Philip syn lêste offisjele publike plicht. Hy besleat dêrnei om net mear iepenbiere funksjes te dwaan, mar woe sa no en dan oanwêzich wêze by offisjele gearkomsten. Oant dy deis hie er neffens Buckingham Palace, sûnt syn frou Elizabeth kroane waard, by 22.219 offisjele gearkomsten west, 637 reizen makke allinnich, 5496 taspraken holden, fjirtjin boeken skreaun, en wie er boppedat foarsitter, beskermhear en lid fan 785 organisaasjes, Yn 2016 wie er noch 110 dagen fan it jier oanwêzich by publike gearkomsten.

Yn novimber 2017 wiene Philip en Elizabeth 70 jier troud en wie it earste keninklike pear ea sa lang troud.

Op 17 jannewaris 2019 feroarsake de doe 97-jierrige Philip in auto-ûngemak by Sandringham House. Dejingen yn de auto dy't er oanried rekken licht ferwûne. Sels wie er net skeind. Yn febrewaris fan dat jier levere er syn rydbewiis frijwillich yn.

Buckingham Palace op 9 april 2021:de flagge hinget healstôk

Philip ferstoar op it Kastiel fan Windsor moarns op 9 april 2021, twa moanne foar syn hûndertste jierdei. Philip wie by syn ferstjerren de langst libjende man fan it Britse keningshûs, en de tredde langst libjende nei prinsesse Alice, hartoginne fan Gloucester en syn skoanmem Elizabeth. De deis nei syn ferstjerren waarden de flaggen op oerheidsgebouwen yn de measte Mienebestlannen healstôk hongen. Yn de stêden Londen, Edinburgh, Cardiff en Belfast, de Britske kroankoloanje Gibraltar, de Australyske haadstêd Canberra, de Nijseelânske haadstêd Wellington en fan stikmannich Britske marineskippen ôf waarden op 10 april 41 salútskotten ôffjurre ta syn neitins. Philip woe gjin steatsbegraffenis. De begraffenis waard holden |op 17 april yn St. George's Chapel yn it Kastiel fan Windsor.

Philip Mountbatten,
Hartoch fan Edinburgh

(1921-2021)
Heit:
Andreas fan Grikelân
(1882–1944)
Pake:
kening George I fan Grikelân
(1845–1913)
Oerpake:
kening Kristiaan IX fan Denemark
(1818–1906)
Oerbeppe:
prinsesse Louise fan Hessen-Kassel
(1817–1898)
Beppe:

gruthartoginne Olga fan Ruslân
(1851–1926)
Oerpake:
gruthartoch Konstantyn Nikolajevytsj fan Ruslân
(1827–1892)
Oerbeppe:
prinsesse Aleksandra fan Saksen-Altenburg
(1830–1911)
Mem:
prinsesse Alice fan Battenberg
(1885–1969)
Pake:
prins Loadewyk Aleksander fan Battenberg
(1854–1921)
Oerpake:
prins Aleksander fan Hessen-Darmstadt
(1823–1888)
Oerbeppe:
Julia fan Hauke
(1825–1895)
Beppe:
prinsesse Fiktoaria Maria fan Hessen-Darmstadt
(1863–1950)
Oerpake:
gruthartoch Loadewyk IV fan Hessen-Darmstadt
(1837–1892)
Oerbeppe:
prinsesse Alice fan Saksen-Coburg-Gotha
(1843–1878)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch nei: Notes, References en Works cited op dizze side.