Paradysfûgels
Paradysfûgels (Paradisaeidae) binne in famylje fan fûgels út it skift fan de moskeftigen, boppefamylje Corvoidea, dy't him beheint ta Nij-Seelân oant Nij-Guinea en omlizzende eilannen, en it noardeasten fan Austraalje.
It binne hecht boude fûgels mei in frij swiere snaffel en krêftige poaten en teannen. Se skille yn grutte fan dy fan in protter oant dy fan in roek, mar guon soarten binne frijwat grutter troch de ferlingde flank- en sturtfearren. De brune sikkelsnaffel (Epimachus meyeri) mjit totaal 97-100 sm, mar dêrfan komt in grut part foar rekken fan de sturt. De mantsjes fan de measte soarten binne fel kleure en hawwe walen, keeps, waaiers en sa. Dy binne polygaam. By de minder opfallende soarten hawwe mantsjes en wyfkes in hast likens fearrekleed. Dy binne meast monogaam.
Famyljeopbou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De 43 soarten fan de famylje fan de paradysfûgels binne oer 16 skaaien ferdield:
- Famylje: Paradisaeidae (paradysfûgels)
- Skaai: Lycocorax, 1 soarte
- Skaai: Manucodia, 4 soarten
- Skaai: Phonygammus, 1 soarte
- Skaai: Paradigalla, 2 soarten
- Skaai: Astrapia, 5 soarten
- Skaai: Parotia, 6 soarten
- Skaai: Pteridophora, 1 soarte:
- wimpeldrager (Pteridophora alberti)
- Skaai: Lophorina, 3 soarten
- Skaai: Ptiloris, 4 soarten
- Skaai: Epimachus, 2 soarten:
- swarte sikkelsnaffel (Epimachus fastosus)
- brune sikkelsnaffel (Epimachus meyeri)
- Skaai: Drepanornis, 2 soarten
- Skaai: Diphyllodes, 2 soarten
- Skaai: Cicinnurus, 1 soarte:
- keningsparadysfûgel (Cicinnurus regius)
- Skaai: Semioptera, 1 soarte
- Skaai: Seleucidis, 1 soarte
- Skaai: Paradisaea, 7 soarten:
- grutte paradysfûgel (Paradisaea apoda)
- Raggiparadysfûgel (Paradisaea raggiana)
- lytse paradysfûgel (Paradisaea minor)
- lavindelparadysfûgel (Paradisaea decora)
- reade paradysfûgel (Paradisaea rubra)
- keizerparadysfûgel (Paradisaea guilielmi)
- blauwe paradysfûgel (Paradisaea rudolphi)