Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Stins

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Stienhûs)
Stins Bunderhee
Skierstins, Feanwâlden (2014)

In stins wie foarhinne yn Fryslân in iere foarm fan in hearehús of boarch.

It wurd stins komt fan stienhús. Dêrby moat tocht wurde oan bakstien. De stinzen fungearje of as flechtboarch by in houten state, of binne yn letter tiid útwreide ta stiennen states. De iennichste útsûndering hjirby is de noch hieltiid net ynboude Skierstins. De muorren wienen dik, faak mear as in meter, koenen sjitgatten hawwe, en it gebou hie mear as ien ferdjipping. De yngong wie op earste etaazje en waard berikt fia in trep oan de bûtenkant dy't fuorthelle wurde koe. Doe't yn de 14e- en 15e iuw de bewapening better waard, fral troch it opkommen fan fjoerwapens, wienen stinzen net langer feilich. Alle eardere stinzen hjitte troch dy ûntwikling no "state" of boarch.

De hearehuzen wiene oarspronklik it besit fan de adelike famyljes dy't oer in soad lân beskikten. It meastepart fan de stinzen is yn de 19e iuw ôfbrutsen, omdat goed ûnderhâld faak te djoer waard foar de eigeners. Yn guon fan de noch besteande stinzen binne tsjintwurdich museums fêstige. Faak lizze by stinzen en boargen prachtige krûdetunen. Foar krûdetunen dy't al út de 16e of 17e iuw stamje wurdt it wurd stinzetún brûkt.

Stinzen komme ek foar yn East-Fryslân en yn Grinslân (Grinslânsk: stainhoes). Yn dy kontreien hjitte dy lykwols - letter - boargen. It iennichst oerbleaune stienhûs yn Grinslân is it Iwema-stienhûs yn Niebert. East-Fryslân hat der noch ien yn Bunderhee by Bunde.

Tanksij satellytprogramma's as Google Earth en Virtual Earth binne al in pear kear fûneminten fûn fan oant dan ta ûnbekende stinzen yn Grinslân. Amateurhistoarikus Johan Feikens hat ferskate yn de kontreien om de Doalert hinne fûn.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Pieter Broesder, 'Internet toont verborgen steenhuizen. Amateurhistoricus doet opmerkelijke vondst', Deiblêd fan it Noarden (22-3-2008).