Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Nesse (Reiderlân)

Ut Wikipedy

Nesse wie in delsetting yn it midsiuwske lânskip Reiderlân, noardeastlik fan de Punt fan Reide. De oerbliuwsels fan Nesse lizze no yn it havengebiet fan Emden, yn it Dútske East-Fryslân. Nesse wurdt neamd yn in let-15e iuwske list fan kerspelen fan it bisdom Münster. Nesse behearde ta it dekanaat (proasdij) Hatzum alias Nes.

It doarp Nesse bleau noch lang bestean nei it ûntstean fan de Doalert. Hoewol't Nesse in protte te lijen hân hat fan de ynfloed fan de Dollard, is it doarp net fersûpt en bleau it bestean oant yn de 19e iuw. De Iems roan oarspronklik benoarden om it plak hinne. Nei it ûntstean fan de Dollard hat de Iems in nij paad fûn oan de súdkant fan it doarp, dat Nesse waard in eilân: Nesserlân. De stêd Emden ferlear dêrtroch de direkte ferbining mei de Iems. Emden hat noch wol besocht de rin fan de Iems te beynfloedzjen troch it oanlizzen fan in daam fan Nesse nei it Reiderlân, mar dat feroare de saak net.

Oan de ein fan de 18e iuw waard it eilân mei in dyk oan it fêstelân ferbûn, sadwaande waard it in oerde. It eilân hie fral bot te lijen fan de stoarmfloed fan 1825. De tsjerke, dy't doe al lang gjin predikant mear hie, waard dêrnei ôfbrutsen. Yn 1834 stiene der yn Nesse noch sân huzen, yn 1855 wiene dat noch mar trije.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • G.A. Stratingh en G.A. Venema, De Dollard (Grins 1855)