Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Moslim

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Moslims)
fersprieding fan Moslims oer de wrâld
Biddende moslims yn moskee
Biddende moslima's

Mei in moslim (Arabysk: مسلم, moeslim) wurdt yn it generaal in oanhinger bedoeld fan de Islam. Letterlik betsjut it wurd: immen dy't him oerjout, wat slagget op him oerjaan oan God.

Neffens de shahadah moat in moslim boppe alles yn God leauwe en wurdt de profeet Mohammed dy't ornaris dêrop folget 'inkeld' beskôge as syn boadskipper. Lykwols sjogge de measte moslims, benammen Soeniten yn Mohammed in folslein minsk. Sy besykje dêrom sa trou mooglik him nei te folgjen en dogge dat sawol yn wurd en died, omdat neffens harren de Koran dat skriuwt. Lykwols binne der oare moslims dy't dat wer bestride.

Oare beneamings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In oar wurdt foar moslim is islamyt. In froulike moslim wurdt meastal in moslima neamd. Moslims neame harsels ornaris moslim. De oatsjutting Mohammedaan karre moslims ôf, om't it neffens harren betsjutte soe dat sy Mohammed folgje, wylst Mohammed inkeld de Godlike boadskip brocht hat.

Ek wurdt in moslim wol muzelman neamd, dat komt út it Turksk fan musluman wat wer ôflaat is fan it Perzyske meartal musliman.

Moslims wize der faak op dat de wurden islam en moslim ferbân hâlde mei it Arabyske wurd foar frede: salam. Alle trije binne ôfkomstich fan deselde trijeletterige woartel 'سلم' (S-L-M), dy't ûnder oare "him oerjaan, ûnderwerpe" betsjut.

It leauwen en de ferplichtings fan in moslim

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Soennityske Islam stelt de Fiif pylders fan de Islam foarop. De pylders wurde apart fan inoar neamd yn de Koran. De Hadith en tradysjes jouwe dêrby in tige wichtige ynfolling dy't net ferjitten wurde mei.

De Pylder fan leauwen jout krekt oan wat in moslim leauwe moat. Dizze Pylders ferskille somtiden, mar binne hiel dúdlik yn de ferplichting dat in moslim yn it bysûnder altyd monoteïst wêze moat. Njonken dat moat hy alle profeten (lykas Musa en Isa), de Koran en de oare islamityske hillige boeken (lykas de Tora en de Indjil) erkenne. Guon, benammen Sjiïten, neame faak ek de jihad as ien fan de Pylders.

Moslim wurde kin op ferskate wizen. Ornaris wurdt dan dien troch yn bywêzen fan in imam of in koranlearde en yn bywêzen fan op syn minst twa tsjûgen de leauwensbelidenis fan de islam yn it Arabysk op te sizzen. Mei it útsprekken fan dizze shahadah wurdt it kredo fan de Islam beliden, nammentlik dat der mar ien godheid is, God, en dat Mohammed syn profeet en boadskipper is.

Sintraal yn de islamityske omgong mei inoar stiet it Godlike. Op in ferwachting foar de takomst wurdt sein Insha'Allah (as God it wol), dêrop moat alyksa antwurd jûn wurde mei insha'Allah. Op grûn fan de Koran wurdt fan in moslim ferwachte dat hy syn gasten op tige goede wize behannelt. Dêrnjonken winsket men inoar by begroetsjen de frede ta. Dizze wurdt hieltyd yn it Arabysk útsprutsen mei de wurden 'assalam alaikum' (frede sy mei jo) of koartwei 'salam' (frede), wêrnei't ien dy't oansprutsen wurdt op syn minst werom seit 'wa-alaikum assalam' (en mei jo de frede) of koartwei 'salam' (frede) of 'wa-alaikum' (en mei jo).