Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Mount Scenery

Ut Wikipedy
Mount Scenery
Utsjoch fan Mount Scenery.

Utsjoch fan Mount Scenery.

Basis ynformaasje
Namme Mount Scenery
Lokaasje Saba, Nederlânske Antillen
Hichte 877 meter
Lêste útbarsting 1640
Soart fulkaan Stratofulkaan

Mount Scenery is in sliepende stratofulkaan op it eilân Saba, in eilân fan de Nederlânske Antillen. De berch hat in hichte fan 877 meter en is dermei it heechste punt fan Saba en de Nederlânske Antillen. Sûnt 1975, doe’t Suriname ûnôfhinklik waard, is it ek it heechste punt fan it Keninkryk fan de Nederlannen. De fulkaan wie foar it lêst aktyf yn 1640, doe der grutte eksploazjes en gloedwolken fan de fulkaan ôfkamen. Ek hjoed de dei jild de fulkaan as potinsjeel gefaarlik.

It paad nei de top fan Mount Scenery.

Troch in paad fan 1064 treden kin de fulkaan beklom wurde. It paad begjint yn it doarp Windwardside, dat ûnderoan de berch leit. De siden fan de fulkaan binne begroeit mei sekundêr reinwâld. Ticht by de top groeie mahonybeammen. De top fan de berch is meastal belutsen mei dize.

Mei de ynfiering fan de nije steatkundige ferhâldings yn it Keninkryk fan de Nederlannen op 10 oktober 2010, is Saba in bysûndere gemeente fan Nederlân wurden. Fan dan ôf is net mear de Faalserberch, mar jildt Mount Scenery as heechte natuerlike punt fan Nederlân.