Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Múnster

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Münster)
Múnster
Flagge Wapen
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Noard-Rynlân-Westfalen
Sifers
Ynwennertal 315.293 (2019)
Oerflak 303,28 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens 1040 / km²
Hichte 60 m
Oar
Stifting 793
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside Webstee gemeente
Lizzing Múnster yn Dútslân

Múnster (Dútsk: Münster) is in stedsdistrikt (kreisfreie Stadt) en in regeardistrikt (Regierungsbezirk ) yn it noardlik part fan Noard-Rynlân-Westfalen yn Dútslân. De stêd is ek de haadstêd fan it regeardistrikt. De Universiteit fan Múnster is ien fan de âldste universiteiten fan Dútslân.

Yn it sintrum stiet it Hûs fan de Nederlannen.

De namme Múnster komt fan it Latynske monasterium ('kleaster') en referearret oan de oprjochting fan it bisdom Múnster troch Karel de Grutte yn 793. De earste biskop wie Liudger. Yn de Midsiuwen wie Múnster in bloeiende Hânzestêd.

Yn 1127, 1197 en 1383 hie Múnster te lijen fan grutte stedsbrânen.

Yn 1382 wurdt Múnster rekke troch de pest mei tûzenen deaden fan gefolgen. Yn 1383 baarnt in grut part fan de stêd op yn de slimste brân sûnt 1197. Noch alle jierren wurdt yn Múnster de Grosse Prozession hâlden ta oantins fan dizze twa needlotsjierren.[1]

Yn 1534 ferjoegen de werdopersken de doetiidske biskop Frâns fan Waldeck. Doe't sy de macht yn hannen krige hiene, waard der grute dat Múnster it Nije Jeruzalem wie. De nije lieder fan de stêd, Jan Matthijs, woe allinnich hawwe dat doopte werbernen harren yn Múnster festigen; wa't dat net wiene waarden ferdreaun. De biskop organisearre in nij leger mei stipe fan sawol protestanten as katoliken en belegere de stêd. Wilens radikalisearre de beweging yn Múnster. Jan fan Leien waard de oanfierder en stelde gemienskip fan goederen en polygamy yn. In jier letter (1535) foel de stêd. Jan fan Leien waard terjochtsteld. Oan de Lambertustsjerke hinget noch altyd de koai dêr't syn lyk yn útstald waard.

De Frede fan Múnster en Osnabrück yn 1648 makke fan Múnster in ûnôfhinklik bisdom: it gebiet bleau dêrtroch roomsk-katolyk. In oar wichtich ûnderdiel fan de Frede fan Múnster wie it beëinjen fan de Tachtichjierrige Oarloch en de erkenning fan de ûnôfhinklikens fan Nederlân troch Spanje. Yn 1672 foel Múnster laat fan biskop Bernhard von Galen de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen yn. Yn Grins wurdt noch alle jierren de oerwinning op de biskop fan Múnster ("Bommen Bearend") betocht, mei it Grinzer Untset.

Yn 1802 waard Múnster ferôvere troch de Prusen en ta haadstêd fan Westfalen makke. Under de Twadde Wrâldoarloch waard Múnster foar it grutste part ferwoastge troch alliëarde bombardeminten, mar nei de kriich waard Múnster op 'en nij yn âlde styl boud.

Múnster hat tegearre mei Osnabrück in eigen fleanfjild: Lofthaven Múnster-Osnabrück.

Berne yn Múnster

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. J. Buisman, Pest en brand in Münster - 1382/3
Noardryn-Westfalen Flagge fan Noardryn-Westfalen
Regierungsbezirke

Arnsberg - Detmold - Düsseldorf - Keulen - Münster

Landkreise

Aken - Borken - Coesfeld - Düren - Ennepe-Ruhr-Kreis - Rhein-Erft-Kreis - Euskirchen - Gütersloh - Heinsberg - Herford - Hochsauerlandkreis - Höxter - Kleef - Lippe - Märkischer Kreis - Mettmann - Minden-Lübbecke - Rhein-Kreis Neuss - Oberbergischer Kreis - Olpe - Paderborn - Recklinghausen - Rheinisch-Bergischer Kreis - Rhein-Sieg-Kreis - Siegen-Wittgenstein - Soest - Steinfurt - Unna - Viersen - Warendorf - Wesel

Kreisfreie Städte

Aken - Bielefeld - Bochum - Bonn - Bottrop - Keulen - Dortmund - Duisburg - Düsseldorf - Essen - Gelsenkirchen - Hagen - Hamm - Herne - Krefeld - Leverkusen - Mönchengladbach - Mülheim an der Ruhr - Múnster - Oberhausen - Remscheid - Solingen - Wuppertal

· · Berjocht bewurkje