Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Lofthaven Parys-Charles de Gaulle

Ut Wikipedy
Diagram fan de lofthaven

De Lofthaven Parys-Charles de Gaulle (IATA: CDG, ICAO: LFPG), ek wol Roissy, is de drokste ynternasjonale lofthaven fan Frankryk, en nei Londen Heathrow de op ien nei drokste fan Jeropa. De lofthaven, dy't yn 1974 iepene waard, is neamd nei Charles de Gaulle en leit likernôch 25 kilometer benoardeasten Parys. Deis wurde der mear as 200.000 reizgers en 6.000 ton fracht ferfierd.